It brânofferalter
1Hy makke it brânofferalter fan akaziahout. It wie fiif jellen lang en fiif jellen breed, fjouwerkant dus, en trije jellen wie it heech. 2Ek makke er de hoarnen dêrfan út ien stik dêrmei. De hoarnen sieten op ’e fjouwer hoeken. Hy besloech se mei brûns. 3En alle gerei foar it alter hat er makke: de potten, de skeppen, de skalen, de foarken en de fjoerpannen. Alle gerei dêrfoar makke er fan brûns. 4Hy makke in roaster foar it alter, in brûnzen roaster, ûnderoan, oant healwei de râne. 5Fjouwer ringen geat er oan ’e fjouwer einen fan it brûnzen roaster, as hâlders foar de draachstokken. 6Dy draachstokken makke er fan akaziahout en besloech dy mei brûns. 7Hy brocht de draachstokken oan yn ’e ringen oan ’e sydkanten fan it alter, om it dêrmei te dragen. Hol en fan brede planken hat er it alter makke.
It waskfet
8Hy makke it waskfet fan brûns en it fuotstik fan brûns fan ’e spegels fan ’e froulju dy’t tsjinst dienen by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting.
It foarhôf
9Ek makke er in foarhôf: oan ’e side op it suden kleden fan fyn twynd linnen foar it foarhôf fan hûndert jellen. 10De tweintich pylders en de tweintich fuotstikken dy’t dêrby hearden, wienen fan brûns, de heakken mei de ringen oan ’e pylders fan sulver. 11Oan ’e noardkant hûndert jellen mei tweintich pylders en tweintich brûnzen fuotstikken, de heakken mei de ringen oan ’e pylders fan sulver. 12Oan ’e westkant fyftich jellen kleed mei tsien pylders en tsien fuotstikken; de heakken mei de ringen oan ’e pylders fan sulver; 13ek oan ’e eastkant fyftich jellen; 14fyftjin jellen kleed oan ’e iene kant mei trije pylders en trije fuotstikken en 15ek oan ’e oare kant – dus oan wjerskanten fan ’e poarte fan it foarhôf – fyftjin jellen kleed mei trije pylders en trije fuotstikken. 16Alle kleden om it foarhôf hinne wienen fan fyn twynd linnen. 17De fuotstikken foar de pylders wienen fan brûns, de heakken en ringen oan ’e pylders fan sulver en ek it beslach oer it boppe-ein wie fan sulver. Ek wienen alle pylders fan it foarhôf mei sulver oaninoar ferbûn.
18It gerdyn foar de poarte fan it foarhôf wie fan borduerwurk, fan pearse, poarperreade en karmozynkleurige wol en fan fyn twynd linnen. It wie tweintich jellen lang en de hichte – yn ’e breedte – fiif jellen, krektlyk as de kleden fan it foarhôf. 19De fjouwer pylders dêrby mei de fjouwer fuotstikken fan brûns, de heakken fan sulver en it beslach oer it boppe-ein en de ferbinings fan sulver. 20Alle pinnen foar de wenning en dy om it foarhôf hinne, wienen fan brûns.
Ferantwurding fan it brûkte materiaal
21Dit binne de ôfrekkens fan ’e wenning, de wenning mei de Ferbûnsakte, dy’t ferantwurde binne op befel fan Mozes. Dat wie de taak fan ’e Leviten ûnder lieding fan Itamar, de soan fan Aäron, de pryster. 22Besaleël, de soan fan Oery, de soan fan Chûr, út ’e stam Juda hat alles makke dat de Heare Mozes opdroegen hie. 23En mei him wie Aholiab, de soan fan Achisamak fan ’e stam Dan, in hantwurker, mar ek ûntwerper en borduerder yn himelsblauwe, poarperreade en karmozynkleurige wol en fyn linnen. 24It goud dat yn it hiele wurk oan it hillichdom ferwurke wie – dat wie it goud fan it beweechoffer – wie mei-inoar 29 talinten en 730 sikkel, berekkene neffens de hillige sikkel. 25It sulver fan harren dy’t ynskreaun wienen yn ’e gemeente, kaam op 100 talinten en 1775 sikkel, berekkene neffens de hillige sikkel. 26In beka de man, dat is de helte fan in sikkel neffens de hillige sikkel, foar allegearre dy’t oergongen nei de ynskreaunen fan tweintich jier âld en dêrboppe: 603.550 man. 27De hûndert talinten sulver wienen foar it jitten fan ’e fuotstikken fan it hillichdom en foar dy fan it foarkleed. Hûndert fuotstikken út hûndert talinten. In talint it fuotstik.
28En fan de 1775 sikkel makke er de ringen foar de pylders en besloech er de boppe-einen dêrfan en hat er se oaninoar ferbûn. 29It brûns fan it beweechoffer kaam op santich talinten en fjouwerentweintichhûndert sikkel. 30Dêr makke er de fuotstikken fan foar de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting, it brûnzen alter en it brûnzen roaster dat dêr by hearde en ek alle gerei fan it alter. 31Fierders de fuotstikken om it foarhôf hinne en ek de fuotstikken foar de poarte fan it foarhôf, en alle pinnen foar de wenning en alle pinnen om it foarhôf hinne.