De arke
1Besaleël makke de arke fan akaziahout. De langte dêrfan wie treddel jellen, de breedte oardel jellen en de hichte oardel jellen. 2Hy besloech dy fan binnen en fan bûten mei suver goud. Ek makke er dêr in gouden list omhinne. 3Hy geat dêr fjouwer gouden ringen foar oan de fjouwer poaten. Twa ringen oan ’e iene en twa oan ’e oare side. 4Dan makke er draachstokken fan akaziahout en besloech dy mei goud. 5Hy stiek dy draachstokken troch de ringen oan ’e sydkanten fan ’e arke, om dy arke te dragen.
It soendeksel
6Hy makke in soendeksel fan suver goud, treddel jellen lang en oardel jellen breed. 7Ek makke er twa kearûb-ingels. Hy makke se fan dreaun wurk, út ien stik mei de beide einen fan it soendeksel; 8ien kearûb oan ’e iene en ien oan ’e oare ein fan it soendeksel. Hy makke de kearûbs út ien stik mei it deksel oan ’e beide einen dêrfan. 9De kearûbs hienen de wjukken útspraat nei boppen ta en hja bedieken mei har wjukken it soendeksel. De gesichten wienen nei inoar ta. En de gesichten fan ’e kearûbs wienen nei it soendeksel takeard.
De tafel fan ’e toanbreaën
10De tafel makke er fan akaziahout, twa jellen lang, ien jellen breed en oardel jellen heech. 11Hy besloech dy mei suver goud en makke dêr in gouden list omhinne. 12Hy makke dêr in râne fan in hanbreedte omhinne en in gouden list makke er om dy râne hinne. 13Hy geat dêr fjouwer ringen oan. Dy ringen sette er oan ’e fjouwer hoeken by de fjouwer poaten. 14De ringen sieten tsjin ’e râne oan, as hâlders foar de draachstokken, om de tafel te dragen. 15De draachstokken makke er fan akaziahout en dy besloech er mei goud. Dy wienen om de tafel te dragen. 16Hy makke ek it gerei dat op ’e tafel stie, de skûtels, pannen, kommen en de kannen om dêr út te jitten, fan suver goud.
De ljochter
17Hy makke de ljochter fan suver goud. Hy hat de ljochter fan dreaun wurk makke: de poat, de buis, de tsjelken, de knoppen en de blommen wienen út ien stik dêrmei. 18Seis buizen kamen út ’e siden wei. Trije buizen fan ’e ljochter út ’e iene en trije út ’e oare side. 19Trije mangeltsjelken mei knop en blom oan ’e iene buis en trije oan ’e oare. Sa wienen de seis buizen dy’t út ’e ljochter weikamen.
20En oan ’e ljochter seis fjouwer mangeltsjelken mei knoppen en blommen. 21In knop ûnder it iene pear buizen, in knop ûnder it twadde pear en in knop ûnder in tredde pear, dus oan ’e seis buizen dy’t út ’e ljochter weikamen. 22De knoppen en de buizen fan ’e ljochter wienen mei de ljochter út ien stik, it gehiel dreaun út ien stik suver goud. 23Hy makke dêr sân lampen foar mei snuters en lekbakjes, fan suver goud. 24Hy hat it út in talint suver goud makke mei alle gerei dêrby.
It rookofferalter
25Hy makke ek it rookofferalter fan akaziahout. It wie fjouwerkant, ien jellen lang en ien jellen breed. De hichte wie twa jellen. De hoarnen wienen dêrmei út ien stik. 26Hy besloech it mei suver goud, de boppekant en de siden yn it rûnom en de hoarnen dêrfan. En dêromhinne makke er in gouden list. 27Hy makke dêr twa gouden ringen foar, ûnder oan ’e list, oan twa sydkanten, dus oan beide siden, as hâlders foar de draachstokken om it dêrmei te dragen. 28De draachstokken makke er fan akaziahout en dy besloech er mei goud.
29Ek makke er de hillige salvingsoalje en it rookwurk fan suvere krûderijen, as salvemingerswurk.