1Besaleël moat oan it wurk en Oholiab en alle faklju oan wa’t de Heare wysheid en ynsjoch jûn hat en kennis, hoe’t se alle wurk foar de tsjinst yn it hillichdom meitsje moatte, alles krekt sa’t de Heare hjitten hat.
2Doe liet Mozes Besaleël en Oholiab roppe en alle faklju, oan wa’t de Heare kundichheid jûn hie, allegearre waans hert him oantrune om him oan ’e arbeid te setten en it út te fieren. 3Dy namen alle wijjeften fan Mozes oer, dy’t de Israeliten opbrocht hienen om it wurk foar de tsjinst yn it hillichdom, út te fieren. En alle moarnen wer oan wienen der guon dy’t noch frijwillige jeften by Mozes brochten. 4Doe kamen de faklju allegearre, dy’t oan it wurk oan it hillichdom arbeiden, elk by syn eigen wurk dêr’t er mei dwaande wie, wei 5en seinen tsjin Mozes: It folk bringt te folle. Der is mear as genôch foar de tsjinst fan it wurk dat de Heare hjitten hat út te fieren. 6Dat Mozes joech opdracht en liet troch it kamp omroppe: Lit elk, man of frou, gjin wurk mear meitsje fan in wijjefte foar it hillichdom. Sa waard it folk der fan tebekhâlden om noch mear te bringen. 7Der wie genôch spul om it hiele wurk ôf te meitsjen en noch wol mear.
De bou fan ’e wenning
8Alle faklju, dy’t it wurk útfierden, makken de wenning fan tsien tintkleden fan fyn twynd linnen en himelsblauwe, poarperreade en karmozynkleurige wol, dêr’t kearûb-ingels fakkundich yn oanbrocht wienen. 9De langte fan ien sa’n kleed wie achtentweintich jellen en de breedte fjouwer jellen. De mjitte wie foar alle kleden gelyk. 10Hja makken de kleden fiif by fiif oaninoar fêst. 11Hja makken himelsblauwe trinskes oan ’e seame fan it kleed, oan ’e ein dêr’t dat fêstmakke waard. Sa die er ek oan ’e seame fan it einichste kleed, dêr’t it oan it oare fêstmakke waard. 12Fyftich trinskes makken se oan it iene kleed en fyftich oan ’e ein fan it oare kleed, dêr’t dat fêstmakke waard oan it earste. 13Ek makken se fyftich gouden heakken en mei dy heakken makken se it iene kleed oan it oare fêst, dat it ien wenning waard.
De bou fan ’e tinte
14Hja makken kleden fan geitehier foar in tinte oer de wenning. Alve fan dy kleden ha se makke. 15De langte wie tritich jellen en de breedte fjouwer jellen it kleed. De alve kleden hienen deselde mjitte. 16Hja makken fiif fan ’e kleden apart oaninoar fêst en seis kleden ek apart. 17Hja makken fyftich trinskes oan ’e seame fan it kleed, oan ’e ein dêr’t it fêstmakke waard en fyftich trinskes oan it twadde kleed dêr’t it oan it earste fêstmakke waard. 18Hja makken fyftich koperen heakken om de tinte fêst te meitsjen, dat it ien gehiel waard. 19En hja makken in tek oer de tinte fan readferve ramshûden en dêroerhinne in tek fan dassehûden.
It houtwurk fan ’e wenning
20Hja makken ek de planken foar de wenning fan rjochtopsteand akaziahout. 21Elke planke tsien jellen lang en oardel jellen breed. 22Twa útsteksels sieten oan elke planke, de iene mei de oare ferbûn; sa dienen se mei alle planken fan ’e wenning. 23Ek makken se de planken foar de wenning: tweintich planken foar de side op it suden. 24en fjirtich sulveren fuotstikken makken se ûnder de tweintich planken, hieltyd twa fuotstikken ûnder ien planke, foar de beide útsteksels. 25Oan ’e oare side fan ’e wenning, de noardkant, makken se ek tweintich planken 26mei de fjirtich sulveren fuotstikken dêrby, hieltyd twa fuotstikken ûnder ien planke.
27Foar de achterkant fan de wenning, de westside, makken se seis planken 28en twa planken oan wjerskanten fan ’e hoeken oan ’e achterside. 29Dy wienen fan ûnderen ôf krekt gelyk en foarmen mei-inoar ien gehiel oan boppen, oan de iene ring, ta. Sa ha se mei dy twa planken dien oan beide hoeken. 30Der wienen dus acht planken mei dêrby sechstjin sulveren fuotstikken; hieltyd twa fuotstikken ûnder ien planke.
31Hja makken dwersklampen fan akaziahout, fiif foar de planken fan ’e iene side fan ’e wenning, 32en fiif dwersklampen foar de planken oan ’e oare side fan ’e wenning en fiif foar de achterside, op it westen. 33Hja makken de dwersklampe dy’t op it midden fan ’e planken siet, sa, dat dy fan ’e iene ein nei de oare trochrûn. 34De planken besloegen se mei goud en de ringen dêr’t de dwersklampen yn moasten, makken se fan goud. Ek de dwersklampen besloegen se mei goud.
It foarkleed en it gerdyn
35Hja makken it foarkleed fan pearse, poarperreade en karmozynkleurige wol en twynd fyn linnen en kearûb-ingels ha se dêr fakkundich yn oanbrocht. 36Hja makken dêr fjouwer pylders fan akaziahout foar en beklaaiden dy mei goud; de heakken dêroan wienen fan goud. Hja geaten dêr fjouwer fuotstikken foar fan sulver. 37Foar de yngong fan ’e tinte makken se in gerdyn fan pearse, poarperreade en karmozynkleurige wol en fyn twynd linnen, borduerwurk, 38mei de fiif pylders derby en de heakken. De boppe-einen dêrfan en de ringen besloegen se mei goud, mar de fiif fuotstikken derby wienen fan brûns.