It Sabbatsgebod
1Mozes liet de hiele gemeente fan ’e Israeliten byinoarkomme en hy sei tsjin har: Dit binne de dingen dy’t de Heare opdroegen hat en dy’t dien wurde moatte. 2Seis dagen silst wurk dwaan, mar de sânde dei sil jimme hillich wêze, in folsleine rêstdei foar de Heare. Elk dy’t dan wurk docht, sil stjerre. 3Jimme meie op ’e sabbatdei yn gjinien fan jimme wenten fjoer oanstekke.
Wijjeften, bou en tsjinst yn ’e tinte
4Fierder sei Mozes tsjin ’e hiele gemeente fan ’e Israeliten: Dit is it wat de Heare my opdroegen hat: 5Nim út jim besit in wijjefte foar de Heare. Lit alleman, waans herte him dêrta driuwt, in wijjefte foar de Heare bringe: goud, sulver, brûns, 6pearse, poarperreade en karmozynkleurige wol, fyn linnen en geitehier, 7readferve rammehûden, dassehûden en akaziahout, 8oalje foar de ferljochting, balsem foar salfoalje en foar swietrokige krûden, 9sjohamstiennen en stiennen om yn ’e efod en yn it boarstskyld te setten.
10Dan moatte alle faklju dy’t jim hawwe komme en meitsje alles dat de Heare opdroegen hat: 11de wenning mei de tinte en it tek derfoar, de heakken, planken, dwersklampen en de pylders mei de fuotstikken; 12ek de arke mei de draachstokken en it soendeksel en it foarkleed ta ôfskieding, 13de tafel mei de draachstokken en alle gerei dat derby heart en de toanbreaën; 14ek de ljochter foar de ferljochting mei it gerei dat derby heart en lampen dêrfan mei de oalje foar de ferljochting; 15it rookofferalter mei de draachstokken en de salfoalje en swietrokige krûden; ek it gerdyn foar de yngong, de yngong fan ’e wenning; 16it brânofferalter mei it brûnzen roaster dat derby heart, de draachstokken en alle gerei derby; ek it waskfet mei it fuotstik; 17de kleden foar it foarhôf en de pylders mei de fuotstikken en it gerdyn foar de poarte fan it foarhôf; 18de pinnen foar de wenning, de pinnen foar it foarhôf en de touwen dêrfoar; 19dan de amtsklean foar de tsjinst yn it hillichdom: de hillige klean foar Aäron, de pryster, en de klean foar dy syn soannen as dy as pryster tsjinst dogge.
De wijjeften wurde brocht
20Doe gong de hiele gemeente fan ’e Israeliten by Mozes wei. 21En hja kamen! Alleman waans herte him dêrta dreau en elk dy’t reewillich fan geast wie, brocht de Heare in wijjefte foar it wurk oan ’e tinte fan ’e moeting en foar de hiele tsjinst dêryn en foar de hillige klean. 22Hja kamen, manlju en froulju beide, allegearre mei in reewillich herte. Hja brochten sierspjelden, earringen, fingerringen en halssieraden, allegear goudguod. Allegearre dy’t de Heare in gouden beweechoffer brochten 23en elk dy’t pearse, poarperreade en karmozynkleurige wol yn syn besit hie, en fyn linnen, geitehier en readferve ramme- en dassehûden, dy brocht dat. 24Elk dy’t in wijjefte offere fan sulver of fan brûns, brocht dat as in wijjefte foar de Heare en elk dy’t akaziahout yn besit hie dat gaadlik wie om by it wurk te brûken, brocht dat.
25Alle keunstsinnige froulju spûnen eigenhandich en wat se spûn hienen oan pearse, poarperreade en karmozynkleurige wol en fyn linnen, dat brochten se. 26Ek spûnen alle keunstsinnige froulju, waans herte har dêrta dreau, it geitehier. 27Foaroansteande lju brochten de chrysopraasstiennen, en de stiennen om yn ’e efod en it boarstskyld te setten, 28en de balsem mei de oalje foar de ferljochting en foar de salfoalje en de swietrokige krûden foar it rookoffer. 29Alle manlju en froulju dy’t inerlik oantrune waarden om wat te bringen foar it wurk dat de Heare troch de tsjinst fan Mozes hjitten hie te dwaan – de Israeliten brochten it as in frijwillich offer foar de Heare.
Besaleël en Oholiab oansteld
30Mozes sei tsjin ’e Israeliten: Sjoch, de Heare hat Besaleël, de soan fan Oery, de soan fan Chûr, út ’e stam Juda, by namme roppen 31en Hy hat him fol makke fan de Geast fan God, fan wysheid, ynsjoch en kennis fan alle soarten wurk, 32dat hy kin bestekken opmeitsje en útfiere yn goud, sulver en brûns, 33edelstiennen gravearje en ynsette, en houtsnijwurk en alle soarten wurk, dat ûntwurpen is, útfiere. 34Hy hat him en ek Oholiab, de soan fan Achisamak, út ’e stam Dan de jefte jûn om ûnderrjocht te jaan. 35Hy hat harren kundichheid jûn, om alle soarten wurk te dwaan, dat fan in hantwurksman, mar ek dat fan in ûntwerper, dat fan in borduerder yn himelsblauwe, poarperreade en karmozynkleurige wol en fyn linnen en dat fan in wever, ja dat fan alle soarten wurkers, ek dat fan fakkundige ûntwerpers.