Mozes krijt nije platen
1De Heare sei tsjin Mozes: Kapje twa stiennen platen, lykas de earsten en Ik sil op dy platen deselde wurden skriuwe, dy’t op ’e earste platen stienen, dysto ferbrizele hast. 2Wês tsjin ’e moarntyd klear en gean yn ’e moarn by de berch Sinai op en dan moatst dêr by My stean gean, boppe op ’e berch. 3Der mei gjinien mei dy by de berch opkomme; der mei sels net ien te sjen wêze op ’e hiele berch. Ek mei der gjin lytsfee of kij weidzje by de berch.
4Doe kappe Mozes twa stiennen platen lykas de earste en hy kaam der de moarns betiid ôf en gong by de berch Sinai op, sa’t de Heare him hjitten hie. De beide stiennen platen hied er yn ’e hân nommen.
God ferskynt oan Mozes
5Doe kaam de Heare del yn ’e wolk, gong dêr by him stean en rôp doe de Namme fan de Heare út. 6De Heare gong foar him lâns en rôp: Jahwe, Jahwe, barmhertich en genedich God, lankmoedich, grut yn goedgeunstichheid en trou, 7dy’t syn goedgeunstichheid yn stân hâldt foar tûzenen; dy’t ferkeardens, sûnde en misslach ferjout, mar net hielendal sûnder straf lit; dy’t de ferkeardens fan ’e heiten ferhellet op bern en bernsbern yn it tredde en fjirde geslacht.
8Mozes bûgde him hastich nei de grûn en foel op ’e knibbels del. 9Hy sei: As ik dan genede yn jo eagen fûn haw, Hear, lit de Hear dan yn ús fermidden meigean, al is it dan ek in dôfhûdich folk. Mar ferjou ús ferkeardens en ús misslaggen en nim ús oan as jo besit.
Fernijing fan it ferbûn
10En Hy sei: Sjoch, Ik slút in ferbûn yn it bywêzen fan hiel dyn folk. Ik sil wûnders dwaan, sa’t der op ’e hiele ierde en by gjin inkeld folk fertoand binne. En it hiele folk dêrsto ûnder tahâldst, sil it wurk fan de Heare sjen. Ja, wat Ik mei jimme dwaan sil, sil ûntsach ôftwinge. 11Hâld dy dan oan wat Ik dy hjoed gebied. Ik sil de Amoriten, de Kanaäniten, de Hetiten, de Perizziten en de Jebûsiten foar dy útjeie. 12Nim dy dan te wacht en slút gjin ferbûn mei de ynwenners fan it lân dêrsto no nei ûnderweis bist. Oars soenen dy in falstrik foar dy wurde yn dyn eigen fermidden. 13Mar har alters moatte jim omsmite, har wijde stiennen tebrizelje en har wijde peallen omkapje. 14Want do silst dy net delbûge foar in frjemde god, want de Heare syn namme is De Oergeunstige. Ja, in oergeunstich God is Er. 15Slút dus net in ferbûn mei de bewenners fan it lân. As dy dan achter har goaden oan huorkje en har goaden offers bringe en der soe ien wêze dy’t dy útnoeget, dan soest fan har offer ite kinne. 16Asto dan fan har dochters nimme soest foar dyn soannen en dy dochters soenen dan achter har goaden oan huorkje, dan soenen se dyn soannen ek achter har goaden oanhuorkje litte.
17Do meist dy gjin getten goaden meitsje.
18It feest fan ’e ûnsuorre breaën moatst ûnderhâlde. Sân dagen silst ûnsuorre breaën ite, sa’t Ik dy opdroegen ha, op ’e stelde tiid yn ’e moanne Abib. Yn ’e moanne Abib bist ommers út Egypte gien.
19Alles dat de memmeskurte ûntslút dat is fan My; ek by dyn fee: alles dat skiep en kij de earste kear bringe en dat manlik is. 20De earste fôle fan in ezel lykwols moatst losse mei in laam, en ast it net lost, dan moatst it de nekke brekke. Al dyn earstlingssoannen moatst losse. Gjinien sil mei lege hannen foar My ferskine.
21Seis dagen silst arbeidzje, mar de sânde deis silst útrêste. Ek yn ’e tiid fan ploeien en fan rispjen silst útrêste.
22It feest fan ’e wiken silst hâlde by de earste opbringst fan ’e weetrispinge en it feest fan it ynsammeljen, as it jier om is.
23Trije kear jiers moatte allegearre dy’t fan dy manlik binne, foar de Hear ferskine, foar de Heare, de God fan Israel. 24Want Ik sil folken foar dy útjeie en dyn gebiet útwreidzje en gjinien sil dyn lân begeare, asto trijeris jiers opgieste om foar de Heare, dyn God, te ferskinen. 25It bloed fan myn fleisoffer meist net offerje by wat riisd is en it offer fan it Peaskefeest mei de nacht net oerstean bliuwe oant de oare moarns. 26It bêste fan de earste opbringst fan dyn grûn moatst yn it hûs fan de Heare, dyn God, bringe. In bokje meist net siede yn ’e molke fan ’e mem.
De wet opskreaun
27De Heare sei tsjin Mozes: Skriuw dy wurden op, want neffens dy wurden haw Ik in ferbûn mei dy en mei Israel sletten. 28Hy wie dêr fjirtich dagen en fjirtich nachten by de Heare. Hy krige gjin iten en gjin drinken en Hy skreau de wurden fan it ferbûn, de tsien wurden, op ’e platen.
Mozes komt by de berch del
29Doe’t Mozes by de berch Sinai delkaam – de beide platen mei de Ferbûnsakte hied er yn ’e hân doe’t er by de berch delkaam – doe wist Mozes net, dat it fel fan syn gesicht glinstere, omdat hy mei Him sprutsen hie. 30Doe’t Aäron en alle Israeliten nei Mozes seagen, doe glinstere it fel fan syn gesicht, dat se doarsten net by him te kommen. 31Mar Mozes rôp har en doe kamen Aäron en alle foarmannen fan ’e gemeente wer nei him ta en Mozes spriek mei har. 32Dêrnei kamen alle Israeliten tichterby en hy droech har alles op, dat de Heare mei him op ’e berch Sinai besprutsen hie.
33Doe’t Mozes oan ’e ein kommen wie mei it petear mei harren, die er in doek foar it gesicht. 34As Mozes foar de Heare kaam om mei Him te sprekken, dan die er de doek foarwei oant er der wer útkaam. En as er wer nei bûten kaam, dan sei er alles dat him opdroegen wie, tsjin ’e Israeliten. 35As de Israeliten dan Mozes syn gesicht seagen, hoe’t it fel fan syn gesicht glinstere, dan die Mozes de doek wer oer syn gesicht oant er der wer yngong om mei Him te sprekken.