God wol sels net mear mei
1Doe sei de Heare tsjin Mozes: Gean hinne, hjirwei, dosels en it folk datst út Egypte fierd hast, nei it lân dat Ik Abraham, Izaäk en Jakob mei in eed tasein haw, doe’t Ik sei: Dyn neigeslacht sil Ik it jaan. 2Ik stjoer in ingel foar dy út en Ik sil de Kanaänyt, de Amoryt, de Hetyt, de Perizzyt, de Chiwwyt en de Jebûsyt ferdriuwe 3en dij bringe nei in lân dat oerrint fan molke en hunich. Ik gean lykwols net yn jimme fermidden mei, want jim binne in dôfhûdich folk. Oars soe Ik jim ûnderweis ris ferneatigje kinne. 4Doe’t it folk dat hurde wurd hearde, gongen se yn ’e rou en net ien dy’t syn sieraden om en oan die. 5De Heare sei tsjin Mozes: Sis tsjin ’e Israeliten: Jimme binne in dôfhûdich folk. As Ik mar justjes yn jim fermidden meirinne soe, dan soe Ik jim al ferdylgje. Doch no jim sieraden mar ôf en dan sil Ik sjen, wat Ik jimme dwaan sil. 6Dat de Israeliten hienen sûnt de berch Hoareb har sieraden ôflein.
De tinte bûten it kamp
7Doe naam Mozes in tinte en sette dy op bûten it kamp, fier fan it kamp ôf en hy neamde dy: tinte fan ’e moeting. En elk dy’t de Heare wat freegje woe, gong út nei de tinte fan ’e moeting ta, bûten it kamp. 8En as Mozes it kamp útgong nei de tinte ta, dan gong it hiele folk oerein en elk stelde him op foar de yngong fan syn tinte. Dan seagen se Mozes achternei oant er yn ’e tinte gien wie. 9As Mozes dan yn ’e tinte wie, dan kaam de wolkkolom del en gong oan de yngong fan ’e tinte stean. En Hy spriek dan mei Mozes. 10As dan it hiele folk de wolkkolom stean seach oan ’e yngong fan ’e tinte, dan gongen se allegearre oerein en elk bûgde him del foar de yngong fan syn eigen tinte. 11Dan spriek de Heare fan mûle ta mûle mei Mozes, sa’t in man mei syn freon praat. Dêrop gong er dan werom nei it kamp. Jozua lykwols, de soan fan Nûn, syn tsjinner, in jongfeint, kaam net út ’e tinte wei.
Mozes freget om Gods persoanlike lieding
12Mozes sei tsjin de Heare: Sjoch, Jo sizze no wol tsjin my: Lied dit folk fuort, mar Jo hawwe my net witte litten, wa’t Jo mei my stjoere sille. Dochs hawwe Jo sels sein: Ik haw dy by de namme kend en do hast genede yn myn eagen fûn. 13Mar no, as ik dan genede yn jo eagen fûn haw, bring my dan op ’e hichte mei jo bedoelings, dan sil ik Jo kenne, om sadwaande genede yn jo eagen te finen. En betink dan dat dizze naasje jo folk is.
14Doe sei Er: Moat Iksels meigean om dy rêstich te meitsjen? 15Mozes sei tsjin Him: As Josels net meigeane, lit ús hjir dan net weigean. 16Wêr soe men oars oan witte, dat ik genede yn jo eagen fûn haw, ik en jo folk, as Jo net mei ús gean soenen? Wy binne dochs, ik en jo folk, apart set fan alle folken dy’t op ’e ierdboaiem binne? 17De Heare sei tsjin Mozes: Ek dat watst no sein hast, sil Ik dwaan, want do hast genede yn myn eagen fûn en Ik ken dy by namme.
Mozes freget oft er Gods hearlikheid sjen mei
18Doe sei er: Lit my dochs jo hearlikheid sjen. 19Hy sei: Ik sil al myn goedheid foar dy lâns gean litte en de Namme fan de Heare foar dy útroppe. Want Ik sil genedich wêze, wa’t Ik genedich bin en barmhertich oer wa’t Ik barmhertich bin. 20Fierders sei Er: Myn gesicht lykwols silst net sjen kinne, want gjin minske kin My sjen en yn it libben bliuwe. 21De Heare sei: Sjoch, hjir is by My in plak. Gean op dy rots stean. 22En wylst myn hearlikheid foarbygiet, sil Ik dy yn ’e holte fan dy rots sette en dan sil myn hân dy bedekke. 23As Ik dan myn hân weinim, dan silst My fan achteren sjen. Myn gesicht lykwols sil net sjoen wurde.