It gouden keal
1Doe’t it folk bemurk, dat Mozes mar net fan ’e berch ôfkaam, kaam it folk mei-inoar op Aäron ta en hja seinen tsjin him: Toe, meitsje ús goaden dy’t foar ús útgean kinne, want dy Mozes, de man dy’t ús út Egypte fierd hat, wat der fan him wurden is, wy witte it net. 2Aäron sei tsjin har: Skuor de gouden ringen dy’t jimme froulju, jim soannen en jim dochters yn ’e earen hawwe, mar ôf en bring dy by my. 3Doe skuorde it hiele folk de gouden ringen, dy’t se yn ’e earen hienen ôf en brochten dy by Aäron. 4Dy naam se fan har oan en joech dêr foarm oan mei in gravearstift en sa makke er dêr in getten keal fan. Doe seinen se: Dat binne dyn goaden, o Israel, dy’t dy út Egypte fierd hawwe.
5Doe’t Aäron dat seach, boude er dêr in alter foar en Aäron liet omroppe: Moarn is it feest foar de Heare! 6De oare moarns gongen se der betiid ôf en brochten brânoffers. Ek brochten se frede-offers oan. Doe gong it folk sitten om te iten en te drinken. Dêrop gongen se oerein om har te fermeitsjen.
Mozes foar it folk yn ’e pleit
7De Heare sei tsjin Mozes: Gean nei ûnderen ta, want dyn folk, datsto út Egypte fierd hast, dat hat it bedoarn. 8Hja binne al gau ôfwykt fan ’e wei dy’t Ik har foarskreaun hie. Hja hawwe har in getten keal makke. Dêr hawwe se har foar delbûgd en dêr hawwe se fleisoffers oan brocht en hja hawwe sein: Dit binne dyn goaden, o Israel, dy’t dy út Egypte fierd hawwe. 9Fierders sei de Heare tsjin Mozes: Ik haw nei dit folk sjoen en wier, it is in dôfhûdich folk. 10Dat lit My no gewurde, dat myn lilkens tsjin har losbaarne kin en Ik har ferneatigje. Dan sil Ik fan dy in grut folk meitsje.
11Mar Mozes smeke de Heare syn God en hy sei: Wêrom, o Heare, soe jo lilkens losbaarne tsjin jo folk, dat Jo út Egypte gean litten hawwe mei grutte krêft en in sterke hân? 12Wêrom soenen de Egyptners sizze kinne: Mei kwea bedoelen hat Er har fuortgean litten om har yn ’e bergen te deadzjen en har út te roegjen fan ’e ierdboaiem? Kom werom fan jo gleone grime en haw berou oer it kwea dat Jo mei jo folk foar hawwe. 13Tink oan Abraham, Izaäk en Israel, jo tsjinstfeinten oan wa’t Jo by Josels sward hawwe en tsjin wa’t Jo sein hawwe: Ik sil jim neigeslacht oanwinne litte as de stjerren oan ’e loft en dit hiele lân, dêr’t Ik fan sein haw, Ik soe it jim neigeslacht jaan, dat sille se foar altyd yn erfbesit hawwe.
14Doe krige de Heare berou oer it kwea dêr’t Er fan sein hie, dat Er it syn folk oandwaan soe.
Mozes smyt de platen oan gruzels
15Doe kearde Mozes him om en gong by de berch del. De beide platen mei de ferbûnsakte hied er yn ’e hân. De platen wienen oan wjerskanten beskreaun. Oan ’e iene kant en oan ’e oare kant wienen se beskreaun. 16En de platen wienen Gods wurk en it skrift wie Gods skrift, yn platen gravearre. 17Doe’t Jozua it lûd fan it skreauwende folk hearde, sei er tsjin Mozes: Der is in kriichsgeskreau yn it kamp. 18Mar dy sei:
Gjin lûd fan in sang fan
oerwinnersmacht,
gjin lûd fan in ferliezersklacht;
it lûd fan sjongen oer-en-wer,
dat is it, wat ik hear.
19En doe’t Mozes ticht by it kamp kommen wie, en it keal seach en de dûnsjende rigen, doe waard er gleon fan lilkens. Hy smiet de platen út ’e hannen tsjin ’e foet fan ’e berch oan gruzels.
It byld ferneatige
20Dêrop naam er it keal dat se makke hienen, hy baarnde it op en stampte it fyn ta stof. Doe struide er it oer it wetter en liet dat de Israeliten drinke. 21En Mozes sei tsjin Aäron: Wat hat it folk dy dien, datst it ta sa’n grutte sûnde komme litte koest? 22Aäron sei: Mynhear moat net lilk wurde. Jo kenne dit folk wol, dat it ferkearde har wol oan wol. 23Hja seinen tsjin my: Meitsje ús goaden dy’t foar ús útgeane, want dy Mozes, de man dy’t ús út Egypte fierd hat, wat dêrfan wurden is, wy witte it net. 24En doe haw ik tsjin har sein: Wa hat goud? Skuor it ôf! Hja joegen it my. Ik smiet it yn it fjoer en dit keal is der útkommen!
De straf
25Doe’t Mozes seach, dat it folk lossinnich wie, – want Aäron hie har út ’e bân springe litten, ta in bespotting foar har tsjinstanners, – 26gong Mozes yn ’e poarte fan it kamp stean en sei: Wa is foar de Heare? Dan nei my ta! Doe kamen alle Leviten by him. 27Hy sei tsjin har: Dit hat de Heare, de God fan Israel te sizzen: Elk moat syn swurd oan ’e heup dwaan. Gean dan hinne en wer, fan poarte nei poarte troch it kamp en lit elk syn broer, freon of neiste deadzje. 28En de Leviten dienen sa’t Mozes sein hie, en sa foelen der dy deis fan it folk sa’n trije tûzen man. 29Doe sei Mozes: Hjoed binne jimme troch de Heare oansteld, want elk hat tsjin syn soan of syn broer stien, dat jimme hawwe hjoed in segen oer jimsels brocht.
Mozes op ’e nij yn ’e pleit
30It wie de oare moarns, dat Mozes tsjin it folk sei: Jimme hawwe in grutte sûnde dien, dat ik sil no nei de Heare opklimme. Miskien dat ik fersoening foar jimme sûnde krije kin. 31Dat Mozes gong werom nei de Heare ta en sei: Och, dit folk hat in grutte sûnde dien, dat se harsels goaden fan goud makke hawwe. 32Mar no: As Jo har sûnden weinimme wolle ... mar sa net, skras my dan mar út jo boek, dat Jo skreaun hawwe.
33Mar de Heare sei tsjin Mozes: Wa’t tsjin My sûndige hat, dy skras Ik út myn boek. 34Dat gean no mar fuort. Lied it folk dêrhinne, dêr’t Ik sein haw. Sjoch, myn ingel sil foar jim útgean. Mar de deis fan myn ôfrekken komt. En dan meitsje Ik de rekken mei har lyk. 35En de Heare tuchtige it folk om wat se dien hienen mei it keal dat Aäron makke hie.