Besaleël en Oholiab
1En de Heare sei tsjin Mozes: 2Sjoch, Ik haw Besaleël, de soan fan Oery, de soan fan Chûr, út ’e stam Juda by de namme roppen 3en Ik haw him fol makke fan Gods Geast, mei wysheid, ynsjoch en kennis foar alle soarten wurk, 4om bestekken út te tinken en út te fieren yn goud, sulver en brûns 5en om edelstiennen te gravearjen en te setten en om houtsnijwurk en om alle soarten wurk te dwaan.
6En sjoch, Iksels haw njonken him Oholiab oansteld, de soan fan Achisamach, út ’e stam Dan. Alle faklju haw Ik wysheid ynjûn en hja sille alles meitsje, dat Ik dy hjitten haw: 7de tinte fan ’e moeting, de arke mei de ferbûnsakte, it soendeksel dêrop, alle gerei fan ’e tinte, 8de tafel mei gerei, de suver gouden ljochter mei alle gerei, it rookofferalter, 9it brânofferalter mei alle gerei, it waskfet mei it fuotstik, 10de tsjinstklean en de hillige klean foar de pryster Aäron en de klean fan syn soannen as hja as pryster tsjinst dogge, 11de oalje foar de salving en it kostlik rookwurk foar it hillichdom. Krekt sa’t Ik it dy hjitten haw, sa moatte se it meitsje.
It sabbatsgebod
12De Heare sei tsjin Mozes: 13Do, sis tsjin ’e Israeliten: Dochs moatte jim myn sabbatten ûnderhâlde, want dat is in teken tusken My en jimme, al jimme geslachten troch, dat jim witte sille, dat Ik, de Heare, jim hilligje. 14Jimme moatte de sabbat ûnderhâlde, want dy sil jimme hillich wêze. Dy’t de sabbat ûntwijt sil wis stjerre, want elk dy’t dan wurk docht, dy persoan sil ôfsnien wurde út it fermidden fan syn folksgenoaten. 15Seis dagen mei der arbeide wurde, mar de sânde dei is in dei fan folsleine rêst, de Heare tawijd. Elk dy’t op ’e sabbat wurk docht, sil wis stjerre. 16De Israeliten moatte de sabbat ûnderhâlde, troch de sabbat waar te nimmen al har geslachten troch, as in ferbûn foar altiten. 17Tusken My en de Israeliten sil it foar altyd in teken wêze, want yn seis dagen hat de Heare de himel en de ierde makke en de sânde deis hat Er rêst nommen en is Er ta Himsels kommen.
Mozes krijt de stiennen platen
18Doe’t de Heare oan ’e ein kommen wie fan wat Er mei Mozes te sprekken hie op ’e berch Sinai, joech Hy him de beide platen mei de ferbûnsakte, stiennen platen mei de finger fan God beskreaun.