It rookofferalter
1Do moatst in alter meitsje om rookwurk yn reek opgean te litten. Fan akaziahout moatst it meitsje. 2It moat in jellen lang en in jellen breed wêze, dus fjouwerkant en twa jellen heech. De hoarnen moatte út ien stik dêrmei wêze. 3Do moatst it mei suver goud beslaan, it boppeflak en de siden yn it rûnom en de hoarnen dêrfan. In gouden list moatst dêr omhinne meitsje. 4Twa gouden ringen moatst dêroan meitsje, ûnderoan de list; oan ’e beide siden moatst dy meitsje, oan ’e beide sydkanten as hâlders foar de draachstokken, dat it dêrmei droegen wurde kin. 5De draachstokken moatst fan akaziahout meitsje en dy mei goud beslaan.
6Do moatst it foar it foarkleed delsette, dat foar de arke mei de ferbûnsakte is, foar it soendeksel dat op de ferbûnsakte leit en dêr’t Ik mei dy gearkomme sil.
7En dêrop sil Aäron swietrokige krûden yn reek opgean litte. Elke moarntyd, as er de lampen skjinmakket, sil er it yn reek opgean litte. 8Ek as Aäron de lampen yn ’e skimerjûn opstekt, dan sil er it yn reek opgean litte, as in fêst rookoffer foar de Heare, foar jim geslachten. 9Dêr mei gjin frjemd rookoffer op brocht wurde, ek gjin brânoffer of moaloffer, en in drankoffer meist der net oer útjitte. 10En ienris jiers sil Aäron op de hoarnen dêrfan fersoening dwaan. Mei wat fan it bloed fan it sûnde-offer-ta-fersoening sil er dêr fersoening op dwaan foar jimme geslachten. Heechhillich is dit alter foar de Heare.
De heffing by de telling
11En de Heare sei tsjin Mozes: 12Asto it tal fan ’e Israeliten opnimst yn in folkstelling, dan moat elk, dy’t teld wurdt, in soenjild jaan oan de Heare foar syn libben, dat der ûnder har gjin pleach komt by dat tellen. 13Dit moatte allegearre jaan dy’t nei de telden oergeane: in heale sikkel neffens de hillige sikkel, de sikkel fan tweintich geara. Dy heale sikkel is in heffing foar de Heare. 14Elk dy’t nei de telden oergiet, fan tweintich jier en âlder, moat de Heare de heffing betelje. 15De rike sil net mear en de earme net minder jaan as in heale sikkel, as in heffing foar de Heare, om fersoening foar jim libben te dwaan. 16Do moatst it soenjild fan ’e Israeliten barre en dat jaan foar de tsjinst yn ’e tinte fan ’e moeting. Dat sil foar de Israeliten yn oantinken bliuwe by de Heare, om fersoening foar jim libben te krijen.
It waskfet
17En de Heare sei tsjin Mozes: 18Do moatst in brûnzen fet meitsje mei dêr in brûnzen fuotstik by foar it waskjen. Do moatst it in plak jaan tusken de tinte fan ’e moeting en it alter en dêr wetter yn dwaan. 19Aäron en syn soannen moatte har dêr de hannen en de fuotten yn waskje. 20As se nei de tinte fan ’e moeting yngeane, moatte se har earst mei wetter waskje, dat se net stjerre sille. Ek as se nei it alter tageane om tsjinst te dwaan en it fjoeroffer foar de Heare yn reek opgean litte, 21dan moatte se har earst de hannen en de fuotten waskje, dat se net stjerre sille. Dat sil in altydduorjend foarskrift wêze foar him en foar syn soannen fan âlder op âlder.
De hillige salvingsoalje
22De Heare sei tsjin Mozes: 23Do dan, nim fan ’e bêste krûderijen; 500 sikkel natuerlik útdripte mirre en fan swietrokige kaniel, heal safolle, 250 sikkel, en ek 250 sikkel swietrokige kalmus, 24en ek 500 sikkel kassia neffens de hillige sikkel en in hyn olive-oalje. 25Dêr moatst hillige salfoalje fan meitsje, in mongen salve fan salvemingerswurk. It sil in hillige salvingsoalje wêze.
26Dêr moatst de tinte fan ’e moeting mei salvje en de arke mei de ferbûnsakte. 27Fierders de tafel mei alle gerei, de ljochter mei it gerei en it rookofferalter, 28it brânofferalter mei alle gerei en it waskfet mei it fuotstik. 29Dat moatst hilligje en it sil heechhillich wêze. Allegearre dy’t dêr oankomme, sille hillich wêze.
30Ek Aäron en syn soannen moatst salvje en har hilligje, om My as pryster te tsjinjen. 31En tsjin ’e Israeliten moatst sizze: Dit is tenei myn hillige salvingsoalje, al jimme geslachten troch. 32It lichem fan in gewoan minske mei it net oer útgetten wurde en yn in gearstalling lykas dizze, meie jimme it net meitsje. It is hillich en it sil foar jimme hillich wêze. 33Elk dy’t it krektsa gearstalt en dêrfan op immen smart, dy’t dêr gjin rjocht op hat, sil útroege wurde út syn folk.
It hillich rookwurk
34En de Heare sei tsjin Mozes: Nim krûderijen, balsemhars, nagel en gomhars, swietrokige krûden en suvere wijreek, fan alles likefolle. 35Meitsje dêr rookwurk fan, in mingsel fan krûdemingers, goed mongen, suver en hillich. 36Dan moatst dêr in part fan tige fyn wriuwe en dêr wat fan lizze foar ’e ferbûnsakte yn ’e tinte fan ’e moeting, dêr’t Ik mei dy gearkomme sil. It sil jimme heechhillich wêze. 37Foar jimsels meie jim gjin rookwurk meitsje yn ’e selde gearstalling sast it makke hast. It sil foar jimme wijd wêze oan de Heare. 38Elk dy’t it krektsa makket om dêroan te rûken, sil útroege wurde út syn folk.