De prysterwijing
1Dit is it watst mei har dwaan moatst om har te wijen, dat se My as pryster tsjinje kinne: Nim ien interbolle en twa geve rammen. 2Fierders ûnsuorre brea, ûnsuorre rûne koeken, mei oalje oanmongen en platte ûnsuorre koeken, mei oalje bestrutsen; fan fyn weetmoal moatst se meitsje. 3Dy moatst dan yn in koer dwaan en se dan yn ’e koer mei de interbolle en de beide rammen, nei foaren bringe.
4Dan litst Aäron en syn soannen nei foaren komme, nei de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting, en waskest har mei wetter. 5Dan moatst de klean nimme en Aäron it ûnderkleed oandwaan, de mantel fan ’e efod, de efod en it boarstskyld en de mulbân fan ’e efod moatst him omdwaan. 6Dan moatst him de tulbân op ’e holle sette en de hillige kroane moatst oan ’e tulbân sette. 7Dêrop moatst de salfoalje nimme en him dy oer de holle útjitte en sa moatst him salvje. 8Ek syn soannen moatst nei foaren komme litte en har de ûnderklean oandwaan. 9Dan dochst har, Aäron en syn soannen, in mulbân om en bynst har de kappen om. En it prysteramt sil foar har in altydduorjend foarskrift wêze. Sa silst Aäron en syn soannen oanstelle.
10Dan litst de interbolle nei foaren bringe, foar de tinte fan ’e moeting en Aäron en syn soannen sille de hannen op ’e kop fan ’e interbolle lizze. 11En de interbolle moatst slachtsje foar de eagen fan de Heare by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting. 12Dan moatst wat fan it bloed fan ’e interbolle nimme en dat mei de finger op ’e hoarnen fan it alter strike en it oare bloed moatst allegearre útjitte oan ’e foet fan it alter. 13Nim dan alle fet dat oan it yngewant sit en de leverkwabbe, en de beide nieren mei it fet dat dêroan sit, en lit dat op it alter yn reek opgean. 14It fleis fan ’e interbolle en syn hûd en ’e dong, dy moatst opbaarne bûten it kamp; in sûnde-offer is it.
15Dan moatst de iene raam nimme en Aäron en syn soannen moatte de hannen op ’e kop fan ’e raam lizze. 16Dan moatst de raam slachtsje en syn bloed moatst nimme en yn it rûnom tsjin it alter sprinkelje. 17De raam moatst yn stikken ferdiele en it yngewant en de poaten waskje en dy by de stikken en de kop lizze. 18De hiele raam moatst op it alter yn reek opgean litte. It is in brânoffer foar de Heare; in kostlike rook, in fjoeroffer foar de Heare is it.
19Dan moatst de oare raam nimme en Aäron en syn soannen moatte de hannen op ’e kop fan ’e raam lizze. 20Dêrop moatst de raam slachtsje en fan syn bloed moatst wat nimme en dat strike op it rjochter earlapke fan Aäron en op dat fan syn soannen en op har rjochterhân oan ’e tomme en op har rjochterfoet oan ’e grutte tean. It oare bloed moatst yn it rûnom tsjin it alter oan sprinkelje. 21Dan moatst wat fan it bloed nimme dat op it alter is en fan ’e salfoalje en sprinkelje dat oer Aäron en syn klean en oer syn soannen en har klean. Sa sil er mei syn klean wijd wurde en sa ek syn soannen en har klean.
22Nim dan fan it laam it fet en de sturt en it fet dat oan it yngewant sit, de leverkwabbe en de beide nieren mei it fet, dat dêroan sit en de rjochterbout, want it is in ynwijingsraam. 23Nim ek ien rûn brea, ien brea mei oalje oanmongen en ien platte koeke út ’e koer mei de ûnsuorre breaën, dy’t foar de Heare stiet. 24Dat allegearre moatst Aäron en syn soannen op ’e hannen lizze en dan moatst dat as in beweechoffer oan de Heare opdrage. 25Nim it har dan wer út ’e hannen en lit it op it alter yn reek opgean mei it brânoffer, as in kostlike rook foar de Heare; it is in fjoeroffer foar de Heare.
26It boarst fan Aäron syn ynwijingsraam moatst dan nimme en dat as in beweechoffer foar de Heare bewege. Dat sil dyn part wêze. 27Sa moatst fan ’e ynwijingsraam foar Aäron en syn soannen it boarst fan it beweechoffer, dat hinne-en-wer en de bout fan it heefoffer, dat op-en-del beweegd is, hillich ferklearje. 28It sil foar altyd it oandiel wêze dat Aäron en syn soannen fan rjochten takomt foar rekken fan ’e Israeliten, want it is in wijjefte. It sil in wijjefte wêze foar rekken fan ’e Israeliten, fan har frede-offers. Har wijjeften foar de Heare binne it.
29De hillige klean fan Aäron binne letter fan syn soannen, om har dêryn te salvjen en yn har amt oan te stellen. 30Wa’t fan syn soannen yn syn plak pryster wurdt en yn ’e tinte fan ’e moeting komt, om yn it hillichdom tsjinst te dwaan, dy moat dy klean sân dagen oan hawwe.
31Nim dan de ynwijingsraam en sied syn fleis op in hillich plak. 32En Aäron en syn soannen sille it fleis fan ’e raam opite mei it brea dat yn ’e koer is, by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting. 33Hja sille dus datselde ite, dêr’t se fersoening mei krige ha, om har yn har amt oan te stellen en te wijen. Ien dy’t dêr gjin foech ta hat, mei it net ite, want it is hillich. 34En as der de oare moarns noch wat fan it fleis fan ’e ynwijing of fan it brea oer wêze mocht, dan moatst wat der oer is, opbaarne. It mei net iten wurde, want it is hillich.
35Sa moatst mei Aäron en syn soannen dwaan, krekt sa’t Ik dy hjitten ha. Sân dagen lang sil har amtsoanstelling duorje. 36En elke dei moatst in interbolle klearmeitsje as sûnde-offer ta fersoening en it alter moatst ûntsûndigje troch de fersoening dyst dêroer dwaan silst en dan moatst it salvje om it te wijen. 37Sân dagen moatst fersoening dwaan oer it alter en it hilligje. Sa sil it heechhillich wêze. Allegearre dy’t oan it alter komme, wurde hillich.
It moarns- en it jûnsoffer
38Dit moatst op it alter klearmeitsje: alle dagen weroan twa skiep fan in jier. 39It iene skiep moatst moarns klearmeitsje en it oare skiep yn ’e skimerjûn. 40Foar it earste skiep in tsiende fyn moal, oanmongen mei in fjirde hyn útstampte oalje, mei in fjirde hyn wyn as drankoffer. 41It oare skiep moatst yn ’e skimerjûn klearmeitsje. As it spiisoffer, it drankoffer fan ’e moarn moatst it klearmeitsje as in kostlike rook, in fjoeroffer foar de Heare. 42It is in fêst brânoffer foar jim geslachten by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting, foar de Heare. Dêr wol Ik mei jimme gearkomme om dêr mei dy te sprekken. 43Dêr sil Ik gearkomme mei de Israeliten en troch myn hearlikheid sille se hillige wurde. 44Ik sil de tinte fan ’e moeting en it alter hilligje. Ek Aäron en syn soannen sil Ik hilligje om My as pryster te tsjinjen. 45En Ik sil mids de Israeliten wenje en Ik sil God foar harren wêze. 46Hja sille witte dat Ik, de Heare, har God bin, dy’t har út Egypte helle haw, dat Ik mids harren wenje soe, Ik, de Heare, har God.