Mozes komt te wrâld
1No wie in man út it geslacht fan Levy hinnegien en mei in faam út Levy troud. 2De frou rekke yn ferwachting en krige in soan. – Doe’t se seach hoe moai as er wie, hâlde se him trije moanne lang ferburgen. 3Mar doe koe se him net langer ferburgen hâlde, dat se naam foar him in kistke fan papyrus en bestriek dat mei liem en pik. Hja lei it bern dêryn en sette it doe yn ’e reiden oan ’e kant fan ’e Nyl. 4No wie syn suster in ein fierder stean gien, om te witten te kommen wat se mei him dwaan soenen.
5Doe kaam de dochter fan Farao del om har yn ’e Nyl te waskjen, wylst har fammen op ’e kant fan ’e Nyl rûnen. En doe seach se it kistke tusken de reiden. Hja stjoerde har slavinne dêrhinne en dy helle it op. 6Hja die it iepen en doe seach se him, it bern, en sjoch: it wie in jonkje dat lei te gûlen! Hja krige begrutsjen mei him en sei: Dit is ien fan ’e bern fan ’e Hebreeërs.
7Doe sei syn suster tsjin ’e dochter fan Farao: Sil ik hinnegean en rop foar jo in minne út ’e Hebrieuske froulju? Dan kin dy foar jo it bern it boarst jaan. 8Farao syn dochter sei tsjin har: Dat is goed. Doe gong de jongfaam hinne en rôp de mem fan it bern. 9Farao syn dochter sei tsjin har: Nim dit bern mei en jou it foar my it boarst. Ik sil jo der foar betelje. Dêrop naam de frou it bern mei en joech it it boarst.
10Doe’t it bern grut wurden wie, brocht se him by de dochter fan Farao en hy waard har ta in soan. Hja neamde him Mozes. Hja sei: Ik haw him ommers út it wetter helle.
Mozes en syn folk: flecht nei Midjan
11It wie yn de tiid, doe’t Mozes al folwoeksen wurden wie, dat er ris nei syn folksgenoaten gong en har twangarbeid acht sloech. En doe seach er in Egyptner dy’t dwaande wie in Hebreeër, ien fan syn folksgenoaten, te slaan. 12Hy seach om him hinne, alle kanten út, en doe’t der gjinien wie, sloech er de Egyptner dea en bedobbe him yn it sân. 13De oare deis gong er der wer op út en doe seach er, sjedêr: twa Hebreeërs wienen slaande deilis. Hy sei tsjin him dy’t ûngelyk hie: Wêrom slachst dyn maat? 14Mar dy sei: Wa hat dy baas oer ús makke, of rjochter? Seist it faaks om my ek dea te meitsjen, lykast de Egyptner deamakke hast? Doe waard Mozes bang. Hy tocht: It is dus dochs útkommen.
15Doe’t Farao fan dizze saak hearde, besocht er Mozes te deadzjen. Mar Mozes flechte, by Farao wei. Hy hâlde ta yn it lân Midjan en gong ris by in saad sitten. 16No hie de pryster fan Midjan sân dochters. Dy kamen om wetter te putten en de drinkgoatten fol te jitten, om sa it lytsfee fan har heit te boarnen. 17Doe’t de hoeders der lykwols oankommen wienen, jagen dy har fuort. Mar Mozes gong oerein, holp de fammen en boarnde har lytsfee. 18Doe’t se wer by har heit Reûel kamen, sei dy: Hoe binne jim hjoed sa gau werom? 19Hja seinen: In Egyptner hat ús holpen tsjin ’e hoeders. Hy hat ek wakker foar ús oan it putten west en hy hat it lytsfee boarnd. 20Doe sei er tsjin syn dochters: Wêr is er? Wêrom hawwe jim dy man dêr stean litten? Rop him, dan kin er mei ite.
21Mozes besleat by de man te bliuwen en dy joech syn dochter Sippoara oan Mozes. 22Hja krige in soan dy’t er de namme Gersjom joech, want sa sei er: Ik bin in beskerme frjemdling wurden yn in frjemd, fijannich lân.
Mozes wurdt roppen
23Yn de rin fan dy lange tiid wie de kening fan Egypte stoarn. En de Israeliten suchten oer har slavetsjinst en hja skreauden it út. En har roppen oer it slavewurk stiigde op nei God. 24Doe hearde God har kleien en doe kaam God syn ferbûn mei Abraham, Izaäk en Jakob yn it sin. 25God seach nei de Israeliten en God naam it Him nei.