De prysterklean
1Do moatst Aäron mei syn soannen út it fermidden fan ’e Israeliten by dy komme litte, om My as pryster te tsjinjen: Aäron en syn soannen, Nadab en Abihû, Eleäzer en Itamar. 2Dan moatst hillige klean meitsje foar dyn broer Aäron, dy’t him weardichheid en oansjen jouwe. 3En do moatst prate mei alle faklju, dy’t Ik bejeftige haw mei in keunstsinnige geast. Dy sille de klean fan Aäron meitsje om him wijing te jaan, dat er My as pryster tsjinje kin. 4Dit binne de klean, dy’t se meitsje moatte: In boarstskyld, in efod, in mantel, in ûnderkleed mei rútsjes, in tulbân en in mulbân. Hja sille hillige klean meitsje foar dyn broer Aäron en foar syn soannen, dat se My as pryster tsjinje kinne. 5Hja moatte dêrfoar it goud, de pearse, poarperreade en karmozynkleurige wol en it fine linnen nimme.
De efod
6De efod moatte se meitsje fan goud, pearse, poarperreade en karmozynkleurige wol en fyn twynd linnen, keunstich fakwurk. 7Twa skouderbannen moatte deroan sitte, oan ’e beide einen ien, om him dêrmei fêst te meitsjen. 8De bân oan ’e efod dêr’t er mei fêstmakke wurdt, moat op deselde wize bewurke wurde en út ien stik dêrmei wêze, fan goud, pearse, poarperreade en karmozynkleurige wol en fan fyn twynd linnen. 9Dan moatst twa chrysopraasstiennen nimme en gravearje dêr de nammen fan ’e soannen fan Israel yn. 10Seis fan har nammen op ’e iene stien en de seis oerbliuwende nammen op ’e oare stien, fan ’e âldste ôf. 11As stiensnijerswurk, sa’t segelringen gravearre wurde, sa moatst de nammen fan ’e soannen fan Israel yn beide stiennen gravearje. Dan moatst se rûnom yn gouden settings dwaan. 12Fierders moatst de beide stiennen op ’e skouderstikken fan ’e efod sette; se bringe de Heare de Israeliten aloan wer yn it sin, mei’t Aäron har nammen foar de eagen fan de Heare op ’e beide skouders draacht. 13De settings moatst fan goud meitsje, 14en dan noch twa kettinkjes, fan suver goud smeid. As frisselwurk moatst se meitsje en de frissele kettinkje moatst fêstmeitsje oan ’e settings.
It boarstskyld
15Do moatst in boarstskyld foar rjochtsútspraken meitsje. Keunstich wurk moatst dêrfan meitsje, lykas it wurk oan ’e efod; fan goud, pearse, poarperreade en karmozynkleurige wol moatst it meitsje. 16As it dûbelteard is, moat it fjouwerkant wêze, in span lang en in span breed. 17Do moatst it hielendal fol sette mei stiennen, fjouwer rigen stiennen: in reade jaspis, in chrysolyt en in malachyt op ’e earste rige, 18op ’e twadde rige in hematyt, in lazuerstien en in prasem; 19op ’e tredde rige: in barnstien, in agaat en in ametist; 20op ’e fjirde rige: in turkoais, in chrysopraas en in nefryt. Dy moatte yn gouden settings pleatst wurde. 21De stiennen sille neffens de nammen fan ’e soannen fan Israel wêze: tolve stiennen neffens har nammen. Elk gravearre as in segelring mei syn namme. Sa moat it wêze foar de tolve stammen.
22Do moatst op it boarstskyld draaide kettinkjes meitsje, frisselwurk, smeid fan suver goud. 23Ek moatst op it boarstskyld twa gouden ringen meitsje en dy twa ringen oan ’e beide einen fan it boarstskyld fêstmeitsje. 24De beide gouden frissels moatst oan ’e beide ringen oan ’e einen fan it boarstskyld fêstmeitsje. 25En twa einen fan ’e frissels moatst fêstmeitsje oan ’e settings en dy moatst oan ’e skouderstikken fan ’e efod sette, oan ’e foarkant.
26Dan moatst noch twa gouden ringen meitsje en dy oan ’e beide einen fan it boarstskyld sette, oan ’e binnenkant fan ’e siden dy’t tsjin de efod oansit. 27En twa gouden ringen moatst meitsje en dy op ’e beide skouderstikken fan ’e efod fêstmeitsje, ûnder oan ’e foarkant, tichteby de ferbining, boppe de mulbân fan ’e efod. 28Dan moatte se it boarstskyld mei syn ringen en mei in pearse koarde ferbine oan ’e ringen fan ’e efod, dat it boppe de mulbân fan ’e efod bliuwt en it boarstskyld net fan ’e efod ôfskoot.
29En Aäron, as er yn it hillichdom komt, moat de nammen fan ’e soannen fan Israel op it boarstskyld-foar-rjochtsútspraken op syn hert drage, om in oanhâldend oantinken foar de eagen fan de Heare te wêzen. 30En do moatst yn it boarstskyld-foar-rjochtsútspraken de Oerim en de Tûmmim oanbringe. Dy moatte op Aäron syn hert wêze as hy foar de Heare komt. Sa sil Aäron, as er foar de eagen fan de Heare komt, it rjocht fan ’e Israeliten oanhâldend op it hert drage.
De mantel
31De mantel by de efod moatst alhielendal pears meitsje. Yn ’e midden dêrfan moat in iepening foar de holle wêze. 32Om dy iepening hinne moat in bân weefd wurde, krekt as by de iepening yn in pânser, dat it net ynskuort. 33En oan ’e seamen dêrfan moatst granaatappels meitsje fan pears, poarperread en karmozynkleur, rûnom oan alle seamen. En dêrtusken, ek yn it rûnom, gouden beltsjes. 34Gouden beltsjes en granaatappels om de oare, rûnom oan ’e seamen fan ’e mantel. 35Aäron moat dy mantel oanhawwe as er tsjinst docht, en it lûd dêrfan moat te hearren wêze, as er yn it hillichdom komt foar de Heare en as er dêr útkomt. Oars soed er stjerre.
De foarholleplaat
36Meitsje ek in plaat fan suver goud en gravearje dêryn op ’e wize fan in segelring: De Heare tawijd. 37Dy plaat moatst mei in pearse koarde oan ’e tulbân fêstmeitsje. Oan ’e foarkant fan ’e tulbân moat dy sitte. 38Sa sil Aäron dy op ’e foarholle hawwe en Aäron sil de ûngerjochtichheid weinimme fan ’e hillige dingen, dy’t de Israeliten wijd hawwe. Dit jildt foar al har wijde offerjeften. Dy plaat sil er altydtroch op ’e foarholle hawwe, om foar har wolbehagen te bewurkjen foar de Heare.
Fierdere prysterklean
39Do moatst in fyn linnen ûnderkleed weve en in fyn linnen tulbân meitsje en in mulbân moatst meitsje mei borduerwurk.
40Fierders moatst foar de soannen fan Aäron ûnderklean meitsje en ek mulbannen en kappen moatst foar har meitsje ta eare en ta sieraad. 41Dy klean moatst dyn broer Aäron en ek syn soannen oandwaan, har salvje en har oanstelle en wije, om My as pryster te tsjinjen. 42Meitsje har ek linnense broeken om har bleate skamte te bedekken. Dy moatte har fan ’e mul ôf oant boppe de knibbels komme. 43Aäron en syn soannen moatte dy oanhawwe as se yn ’e tinte fan ’e moeting komme of as se by it alter komme om tsjinst te dwaan yn it hillichdom, dat se gjin skuld op har lade en stjerre soenen. Dat is in foarskrift foar altyd, foar him en foar syn neigeslacht.