Exodus 27
It brânofferalter
1It alter moatst meitsje fan akaziahout, fiif jellen lang en fiif jellen breed. It alter moat fjouwerkant wêze en trije jellen heech. 2Ek moatst der hoarnen by meitsje, dy’t op ’e fjouwer hoeken dêrfan sitte moatte. De hoarnen moatte út ien stik mei it alter wêze. Do moatst it mei koper beslaan. 3Do moatst der potten foar de jiske by meitsje, de skeppen derfoar, de skealen, de foarken en de fjoerpannen. Alle gerei moatst fan koper meitsje. 4Do moatst dêr in roaster by meitsje, in koperen netwurk en oan it netwurk fjouwer koperen ringen op ’e fjouwer hoeken. 5Dat moatst ûnderoan oanbringe, ûnder de râne fan it alter, dat it noch net oant healwei it alter komt. 6Dan moatst draachstokken foar it alter meitsje; draachstokken fan akaziahout en dy moatst mei koper beslaan. 7Dy draachstokken moatte yn ’e ringen oanbrocht wurde, dat dy draachstokken by it dragen oan wjerskanten fan it alter sitte. 8Do moatst it hol meitsje, fan brede planken. Lykas it dy sjen litten is op ’e berch, sa moatte se it meitsje.
It foarhôf
9It foarhôf fan ’e wenning moatst meitsje; oan ’e side op it suden kleden foar it foarhôf fan fyn twynd linnen, hûndert jellen lang oan ’e iene side 10en tweintich pylders dêrby mei tweintich fuotstikken fan koper en oan ’e pylders dwersstangen mei ringen fan sulver. 11En sa ek oan ’e noardkant: kleden fan hûndert jellen lang mei tweintich pylders derby en dêrby tweintich fuotstikken fan koper, de dwersstangen oan ’e pylders mei de ringen fan sulver. 12Yn ’e breedte fan it foarhôf, oan ’e westkant kleden fan fyftich jellen en dêrby tsien pylders mei tsien fuotstikken. 13De breedte fan it foarhôf oan ’e eastkant fyftich jellen. 14Fyftjin jellen kleed oan ’e iene kant mei trije pylders en trije fuotstikken. 15Ek oan ’e oare kant fyftjin jellen kleed mei trije pylders en trije fuotstikken.
16Foar de poarte fan it foarhôf in gerdyn fan tweintich jellen fan pearse, poarperreade en karmozynkleurige wol en fyn twynd linnen, borduerwurk. Fjouwer pylders dêrby mei fjouwer fuotstikken. 17Alle pylders om it foarhôf hinne mei sulveren dwersstangen en sulveren ringen en de fuotstikken fan koper. 18De langte fan it foarhôf hûndert jellen, de breedte fyftich by fyftich en de hichte fiif jellen fan twynd linnen en de fuotstikken fan koper. 19En wat it ark oangiet dat foar de wenning brûkt wurdt en alle pinnen dêrby en alle pinnen fan it foarhôf, dat moat fan koper wêze.
De oalje foar de ferljochting
20En do moatst de Israeliten hjitte, dat hja dy, foar de ferljochting, suvere olive-oalje bringe fan fynstampte oliven, dat de lampe altyd baarne kin. 21Yn ’e tinte fan ’e moeting, bûten it foarkleed dat foar de Ferbûnsakte hinget, moat Aäron dêr mei syn soannen fan ’e jûn oan ’e oare moarns ta foar de eagen fan de Heare foar soargje. Dat is in foarskrift foar altyd, foar de Israeliten, de geslachten troch.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap