Exodus 24
It sluten fan it ferbûn
1Doe sei de Heare tsjin Mozes: Gean by de berch op nei My ta, do, Aäron, Nadab, Abihû en santich fan ’e âldsten fan Israel en bûch jim fan fierrens al del. 2Mozes allinne sil tichter by de Heare komme, mar hja meie net tichterby komme en it folk mei net mei him omheech komme.
3Mozes kaam en brocht it folk alle wurden fan de Heare oer en ek alle rjochtsregels. En it folk antwurde ienstimmich: Alle wurden, dy’t de Heare sprutsen hat, sille wy neikomme.
4Dêrop skreau Mozes alle wurden fan de Heare op. Doe gong er der de moarns betiid ôf en boude in alter ûnder oan ’e berch en ek tolve wijstiennen foar de tolve stammen fan Israel. 5Dêrop stjoerde er de jongfeinten fan ’e Israeliten. Dy brochten brânoffers en hja slachten bollen as frede-offers foar de Heare. 6Mozes naam de helte fan it bloed en die dat yn skalen en de oare helte fan it bloed sprinkele er oer it alter. 7Doe naam er it boek fan it ferbûn en lies dat it folk foar. Hja seinen: Alles dat de Heare sprutsen hat, sille wy neikomme en wy sille harkje. 8En Mozes naam it bloed en sprinkele dat oer it folk en hy sei: Sjoch, it bloed fan it ferbûn dat de Heare út reden fan al dy wurden mei jimme oangien is.
9Dêrop gong Mozes mei Aäron, Nadab, Abihû en santich fan ’e âldsten fan Israel, by de berch op. 10En hja seagen de God fan Israel en wat ûnder syn fuotten wie like wol in flier fan lazuerstiennen. It wie as de himel sels, sa klear. 11En dochs stiek Er de hân net út nei de foarmannen fan ’e Israeliten, mar hja oanskôgen God en ieten en dronken.
12De Heare sei tsjin Mozes: Gean nei boppen, nei My ta, de berch op en bliuw dêr. Ik sil dy twa stiennen platen jaan mei de wet en it gebod dat Ik opskreaun haw om har te ûnderrjochtsjen. 13Doe gong Mozes oerein mei Jozua, syn tsjinner. En Mozes gong by de berch fan God op. 14Tsjin ’e âldsten sei er: Wachtsje hjir op ús oant wy wer by jim weromkomme. Sjoch, Aäron en Chûr binne by jimme. Wa’t rjochtsaken hat, kin by har komme. 15Dêrop gong Mozes by de berch op, wylst in wolk de berch bediek. 16De hearlikheid fan de Heare lei him oer de berch Sinai en de wolk bediek dy seis dagen lang. De sânde deis, midden út ’e wolk wei, rôp Er Mozes. 17De ferskining fan ’e hearlikheid fan de Heare wie yn ’e eagen fan ’e Israeliten as in fertarrend fjoer op ’e top fan ’e berch. 18En Mozes kaam midden yn ’e wolk, doe’t er by de berch opgong. Fjirtich dagen en nachten bleau Mozes op ’e berch.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap