k. Ferhâlding ta de neiste
1Do meist gjin losse praatsjes rûnstruie. Do meist de hân net opstekke foar in skuldige, datst sa in getuge wêze soest dy’t ûnrjocht befoarderet. 2Do meist dy net nei de mannichte foegje en kwea dwaan. Do meist yn in pleitsaak net tsjin eigen miening yn meiprate mei de mannichte en sadwaande it rjocht bûge. 3De mindere man meist net foarlûke yn syn pleitsaak.
4Asto in hoarnbist of in ezel fan dyn fijân oantrefst dy’t omdoarmet, dan moatst it him fuortdaliks werombringe. 5Asto in ezel fan ien dy’t dy net lije mei, ûnder syn lêst lizzen sjochst, weagje it dan net en lit him oan syn lot oer. Do moatst him sûnder mear helpe by it ôfladen.
6Do meist it rjocht fan ’e earme dy’t by dy is net bûge yn syn pleitsaak. 7Hâld dy fier fan ûnearlike saken. De ûnskuldige en dy’t yn syn rjocht stiet, meist net deadzje, want Ik jou de skuldige gjin gelyk. 8Nim gjin geskink oan, want in geskink makket de sjenden blyn en it ferdraait de saken fan harren, dy’t yn har rjocht steane. 9De frjemdling meist net ûnderdrukke, want jimme hawwe sels ûnderfûn wat it libben fan in frjemdling betsjut. Jimme hawwe ommers frjemdlingen west yn Egypte.
l. It Sabbatsjier
10Seis jier oanien moatst dyn lân ynsiedzje en de fruchten ynhelje. 11It sânde jiers lykwols moatst it braak lizze litte en it frij jaan. Dan kinne de earmen fan dyn folk ite en wat dy oerlitte kin it wyld fan it fjild ite. Mei dyn druve- en olivehôf moatst krektsa dwaan.
12Seis dagen moatst dyn wurk dwaan, mar de sânde deis moatst rêste. Dan kinne ek dyn okse en ezel útrêste en de soan fan dyn slavinne en de frjemdling op azem komme. 13En by alles dat Ik tsjin jimme sein haw, moatte jimme jim der foar hoedzje de namme fan oare goaden ek mar te neamen. Ut dyn mûle mei dy net heard wurde.
m. De trije feesten
14Trije kear jiers moatst My in feest hâlde: 15It feest fan ’e ûnsuorre breaën moatst ûnderhâlde. Sân dagen silst ûnsuorre breaën ite, sa’t Ik dy opdroegen haw, op ’e stelde tiid yn ’e moanne Abib; want yn dy moanne bist út Egypte gien. Hja sille lykwols net mei lege hannen foar My ferskine.
16Fierders it feest fan it rispjen fan ’e earste fruchten fan it sied dêrst it fjild mei ynsiedde hast en ek oan ’e ein fan it jier, ast dyn wurk fan it fjild ynhellest, it feest fan it ynheljen.
17Trije kear yn it jier sil al wat by dy manlik is, foar de Hear Jahwe ferskine.
18By wat riisd is silst gjin bloed fan myn fleisoffers offerje. It fet fan myn feesten mei de nacht net oerstean bliuwe oant de oare moarns ta.
19It bêste fan ’e earste fruchten fan dyn grûn moatst yn it hûs fan de Heare dyn God bringe. Do meist it bokje net siede yn ’e molke fan syn mem.
Beloften en fermoanningen
20Sjoch, Ik stjoer in ingel foar dy út om dy ûnderweis te bewarjen en om dy nei it plak te bringen dat Ik fêststeld haw. 21Nim dy foar him te wacht en harkje nei wat er seit. Gean net tsjin him yn, want hy sil jim sûnden net ferjaan; Iksels bin ommers yn him. 22Mar as jimme ynmoedich harkje nei wat er seit, en alles dogge dat Ik sis, dan sil Ik fijannich wêze tsjin dyn fijân en Ik sil dyn ûnderdrukker ûnderdrukke. 23Want myn ingel sil foar dy útgean en dy bringe by de Amoryt, de Hetyt, de Perizzyt, de Kanaänyt, de Chiwwyt en de Jebûsyt en Ik sil se ferneatigje.
24Do meist dy net foar har goaden delbûge en dy net tsjinje. Do meist net dwaan sa’t hja dogge, mar do moatst se alhiel ferniele en har wijstiennen folslein tegruzelje. 25Jimme moatte de Heare jim God tsjinje, dan sil Hy dyn brea en wetter segenje en Ik sil de sykten út dyn fermidden weihâlde. 26Gjin frou sil yn dyn lân in miskream hawwe of ûnfruchtber wêze. Ik sil it tal fan dyn dagen fol meitsje.
27De skrik foar My sil Ik foar dy útstjoere. Alle folken dêrsto komst, sil Ik yn ûnstjoer bringe en Ik sil meitsje dat dyn fijannen allegearre dy de hakken sjen litte. 28Ik sil brimzen foar dy útstjoere en dy sille de Chiwwyt, de Kanaänyt en de Hetyt foar dy útjeie. 29Ik sil se lykwols net yn ien jier foar dy útjeie, want oars soe it lân foar wyld komme te lizzen en soenen der sa folle wylde dieren komme, dat dy dij oermânsk waarden. 30Bytsje by bytsje sil Ik se foar dy útjeie oantsto sà útwreide bist, datst it lân yn besit nimme kinst. 31Ik haw dyn grins fêststeld fan ’e Reidsee ôf oan ’e see fan ’e Filistinen ta en fan ’e woestyn ôf oan ’e rivier ta. En de bewenners fan it lân jou Ik dy yn ’e macht en Ik sil se foar dy útjeie. 32Do meist gjin ferbûn mei har oangean, noch mei har goaden. 33Hja meie net yn dyn lân wenjen bliuwe, oars soenen se dy ta sûnde tsjin My bringe kinne, datst har goaden tsjinje soest en dan soe it in falstrik foar dy wurde.