Bydragen foar de earetsjinst
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Sis tsjin ’e Israeliten dat hja My in wijjefte bringe. Fan alle man waans hert him dêrta driuwt, moatst in wijjefte foar My oannimme. 3Dit moatst as wijjefte fan har oannimme: goud, sulver, brûns, 4himelsblauwe, poarperreade en karmozynkleurige wol, fyn linnen en geitehier, 5readferve rammehûden, dassehûden, en akaziahout, 6oalje foar de ferljochting, balsem foar salfoalje en foar swietrokige krûden, 7Sjohamstiennen en stiennen om yn ’e efod en it boarstskyld te setten. 8Hja moatte My in hillichdom meitsje, dat Ik yn jimme fermidden wenje kin. 9Hielendal neffens it model fan ’e wenning en it model fan it gerei dat Ik dy sjen lit, sa moatte jimme it meitsje.
De arke
10Hja moatte in kiste fan akaziahout meitsje, treddel jellen lang, oardel jellen breed en oardel jellen heech. 11Dy moatst beslaan mei suver goud. Fan binnen en fan bûten moatst dy beslaan. Boppelâns moatst dêr in gouden list omhinne meitsje. 12Do moatst dêr fjouwer gouden ringen foar jitte en dy op ’e fjouwer poaten oanbringe, twa ringen oan ’e iene en twa oan ’e oare side. 13Dan moatst draachstokken fan akaziahout meitsje en dy mei goud beslaan. 14Dy draachstokken moatst troch de ringen oan ’e siden fan ’e arke stekke, om de arke dêroan te dragen. 15Dy draachstokken moatte yn ’e ringen fan ’e arke bliuwe; se meie dêr net úthelle wurde. 16En yn dy arke moatst de ferbûnsakte dwaan dy’t Ik dy jaan sil.
It soendeksel
17Do moatst in soendeksel meitsje fan suver goud, treddel jellen lang en oardel jellen breed. 18Meitsje dan twa gouden kearûb-ingels. Fan dreaun wurk moatst se meitsje oan ’e beide einen fan it soendeksel. 19Meitsje ien kearûb-ingel oan ’e iene ein en ien oan ’e oare ein fan it soendeksel. Do moatst de kearûbs út ien stik mei it deksel meitsje oan ’e beide einen derfan. 20En de kearûbs moatte de wjukken útspriede nei boppen ta en mei har wjukken it soendeksel oerdekke, mei de gesichten nei inoar ta. De gesichten fan ’e kearûbs moatte nei it soendeksel keard wêze.
21Dan moatst it soendeksel boppe op ’e arke lizze en yn ’e arke moatst de ferbûnsakte dwaan, dy’t Ik dy jaan sil. 22Dêr sil Ik by dy komme en fan boppe it soendeksel, tusken de beide kearûbs, dy’t op ’e arke mei de ferbûnsakte binne, sil Ik mei dy sprekke oer alles dat Ik dy opdrage sil oangeande de Israeliten.
De tafel fan ’e toanbreaën
23Do moatst ek in tafel fan akaziahout meitsje, twa jellen lang, ien jellen breed en oardel jellen heech. 24Dy moatst mei suver goud beslaan en do moatst dêr in gouden list omhinne meitsje. 25Dan moatst dêr in râne fan in hanbreedte omhinne meitsje en in gouden list om dy râne hinne. 26Dêr moatst fjouwer gouden ringen oan meitsje. Dy ringen moatst sette op ’e fjouwer hoeken oan ’e fjouwer poaten. 27De ringen moatte tsjin ’e râne oansitte, as hâlders foar de draachstokken, om de tafel te dragen. 28Dy draachstokken moatst fan akaziahout meitsje en do moatst se mei goud beslaan. Dêr moat de tafel oan optild wurde. 29Do moatst dêr ek skûtels, pannen en kannen by meitsje en kûmen om dêrút te jitten. Fan suver goud moatst dy meitsje. 30En do moatst op ’e tafel altyd troch toanbrea foar myn eagen hawwe te lizzen.
De ljochter
31Do moatst in ljochter meitsje fan suver goud. Fan dreaun wurk moat de ljochter makke wurde; de poat, de buis, de tsjelken, de knoppen en de blommen moatte út ien stik dêrmei wêze. 32Seis buizen moatte út ’e siden weikomme. Trije buizen fan ’e ljochter út ’e iene en trije út ’e oare side. 33Trije mangeltsjelken mei knop en blom oan ’e iene buis en trije oan ’e oare. Sa moat it mei de seis buizen dy’t út ’e ljochter weikomme. 34En oan ’e ljochter seis fjouwer mangeltsjelken mei knoppen en blommen. 35In knop ûnder it iene pear buizen, in knop ûnder it twadde pear en in knop ûnder it tredde pear; dus oan ’e seis buizen dy’t út ’e ljochter weikomme. 36De knoppen en buizen sille mei de ljochter út ien stik wêze. It gehiel út ien stik suver dreaun goud.
37Meitsje dêr sân lampen by en set dy lampen der sa op dat it ljocht nei foaren falt. 38Ek de snuters en lekbakjes moatte fan suver goud wêze. 39In talint suver goud moat it út makke wurde mei al it gerei derby. 40Tink derom, datst it makkest neffens it foarbyld dêrfan dat dy op ’e berch toand is.