1As in dief by it ynbrekken betrape wurdt en hy wurdt sa slein dat er it bestjert, dan is dat gjin kwestje fan bloedskuld. 2Mar as de sinne al oer him opgien is, dan is it al in kwestje fan bloedskuld. Hy moat it folslein fergoedzje. As er neat hat, moat er om syn stellen ferkocht wurde. 3Mocht wat stellen is, it mei hoarnbist, ezel of skiep wêze, noch libben yn syn besit oantroffen wurde, dan moat er it dûbeld fergoedzje.
g. Ferantwurdlikheid foar it besit fan ’e neiste
4As ien in stik lân of in druvehôf ôfweidzje lit: hy lit syn fee deryn los en as dat dan it stik lân fan in oar ôfweidet, dan moat er dat mei it bêste fan syn lân of druvehôf fergoedzje.
5As in brântsje yn ’e toarnen sa útrint, dat der ek in stûke of it steande nôt, of it fjild sels ferbaarnd wurdt, dan moat hy, dy’t de brân oanstutsen hat, folsleine fergoeding jaan. 6As ien syn neiste jild of guod yn bewar jûn hat en it wurdt dy man út ’e hûs stellen, dan sil de dief, as hja him fine, it dûbeld fergoedzje moatte. 7Fine se de dief net, dan moatte se de húshear foar de rjochters bringe, om út te meitsjen oft er syn hân ek útstutsen hat nei it eigendom fan syn neiste.
8Yn alle gefallen fan fertsjustering fan in hoarnbist, in ezel, in skiep, in stik klean of wat ek mar dat weirekke is, dêr’t in oar fan seit: Dat is mines, moat de saak fan beiden foar de rjochters komme. Dy’t troch de rjochters yn it ûngelyk steld is, moat it dûbelde oan syn neiste fergoedzje. 9As ien oan syn neiste in ezel, in hoarnbist of in skiep, of hokker stik fee ek mar, yn bewar jout en it stjert, it wurdt ferwûne of fuortfierd sûnder dat ien it sjocht, 10dan moat de eed by de Heare tusken har beiden útmeitsje, dat er syn hân net útstutsen hat nei it eigendom fan syn neiste. De eigener moat him der dan by dellizze en de oare hoecht it net te fergoedzjen. 11Mocht it him ûntstellen wêze, dan moat er it oan ’e eigener fergoedzje. 12Mocht it troch wylde bisten ferskuord wêze, dan sil er it as bewiis meinimme. Hy hoecht it ferskuorde net te fergoedzjen.
13As ien fan syn neiste wat liend hat en it wurdt skansearre of it stjert, en de eigener is der net by, dan moat er it folslein fergoedzje. 14Mar is de eigener der sels by, dan hoecht er it net te fergoedzjen. Mocht it hierd wêze, dan kin er mei de hier folstean.
15As ien in jongfaam, dy’t noch net fersein is, ferliedt, en hy sliept by har, dan moat er foar de folle breidspriis mei har trouwe. 16Mocht har heit der neat fan witte wolle om har oan him te jaan, dan moat er in stik jild betelje, gelyk oan de breidskat dy’t der foar jongfammen stiet.
h. Trije grouwélige sûnden
17In tsjoenster meisto net yn ’t libben litte.
18Elk dy’t mienskip mei in dier hat, moat sûnder mis deade wurde.
19Wa’t oan ’e goaden offeret en net oan de Heare allinne, dy moat útband wurde.
i. Soasiale foarskriften
20In frjemdling meist gjin oerlêst oandwaan, noch him derûnder hâlde. Jim hawwe ommers sels frjemdlingen west yn Egypte.
21Gjin inkelde widdo of wees meie jim te nei komme. 22Mochtsto dy al te nei komme en hja roppe it út ta My, dan sil Ik har roppen grif ferhearre. 23Dan sil myn grime oplôgje en Ik sil jim deadzje mei it swurd, dat jimme froulju widdowen en jimme bern wezen wurde.
24Asto jild útlienst oan ien fan myn folk, oan in earmen ien by dy, doch dan net of wiest in jildsjitter. Do meist him gjin rinte oplizze.
25Asto dyn neiste syn mantel yn ûnderpân nimst, moatst him dy ear’t de sinne ûndergiet weromjaan. 26It is ommers syn ienichste tek, de mantel om syn lea. Wêr soed er oars sliepe moatte? It sil wêze, as er ta My ropt, dat Ik ferhearre sil, want Ik bin genedich.
j. Earbied foar God en de oerheid
27Do meist God net ferflokke en in foaroansteande ûnder dyn folk net ferwinskje.
28Dyn fruchten en dyn druvesop meist net achterhâlde. De âldste fan dyn soannen moatst My jaan. 29Sa moatst ek dwaan mei dyn hoarnfee en dyn lytsfee. Sân dagen sille se by de mem bliuwe, de achtste deis moatst se My jaan.
30Hillige minsken moatte jim My wêze. Fleis dat op it fjild ferskuord is, meie jim net opite. Jimme moatte it foar de hûnen smite.