De Heare ferskynt op de Sinai
1Op ’e dei ôf trije moanne nei’t de Israeliten út Egypte gien wienen, kamen se yn ’e woestyn Sinai oan. 2Hja wienen fan Rafidim opbrutsen en yn ’e woestyn Sinai oankommen en hienen har kamp yn ’e woestyn opslein. En Israel hie syn kamp dêr foar de berch oer.
3Mozes gong de berch op nei God ta. En de Heare rôp him ta fan ’e berch ôf en sei: Dit moatst tsjin it hûs fan Jakob sizze en it de bern fan Israel meidiele: 4Jimme hawwe sels sjoen wat Ik oan Egypte dien haw. Mar jim haw Ik op earnewjukken droegen en Ik haw jimme by My brocht. 5No dan, as jimme ynmoedich nei My harkje en jim hâlde jim oan myn ferbûn, dan sille jimme fan alle folken, ek al is de hiele ierde Mines, myn bysûnder eigendom wêze. 6Jimme sille My in keninkryk fan prysters wêze en in hillich folk. Dat binne de wurden dysto tsjin ’e Israeliten sizze moatst.
7Doe’t Mozes weromkommen wie, rôp er de âldsten fan it folk en hy hâlde har dy wurden allegearre foar, dy’t de Heare tsjin him sein hie. 8It hiele folk antwurde as ien man: Alles dat de Heare sein hat, sille wy dwaan. En Mozes brocht dy wurden fan it folk wer oan de Heare oer. 9De Heare sei tsjin Mozes: Sjoch, Ik kom nei dy ta yn in tichte wolk, dat it folk it hearre sil, as Ik mei dy praat. Dan sille se ek foar altyd op dy fertrouwe. Mozes hie de Heare de wurden fan it folk oerbrocht.
10De Heare sei tsjin Mozes: Gean nei it folk ta en hilligje it hjoed en moarn en lit se har klean waskje. 11En op ’e tredde dei moatte se klear wêze, want op dy tredde dei sil de Heare foar de eagen fan it hiele folk delkomme op ’e berch Sinai. 12Do moatst it folk yn it rûnom ôffreedzje en sizze: Tink derom, dat jim net by de berch opgeane of dêr de foet fan oanreitsje. Al wa’t de berch oanrekket sil wis stjerre. 13Lit gjin hân him oanreitsje, want hy sil ferfêst stiennige of deasketten wurde. Oft it no in minske of in bist is, dy sil net yn it libben bliuwe. Earst as de rammehoarn in lange toan jout, dan meie se de berch wer op.
14Doe gong Mozes by de berch del, wer nei it folk ta. Hy hillige it folk en hja wosken de klean. 15Hy sei tsjin it folk: Wês mei trije dagen klear. Kom net by in frou.
16It wie de tredde deis, doe’t it moarn waard, dat der tonger- en wjerljochtslaggen kamen en in swiere wolk hong oer de berch. Ek wie der it lûd fan in tige sterke hoarn, dat it hiele folk yn it kamp trille deroer.
17Doe liet Mozes it folk it kamp útgean, God yn ’e mjitte en hja stelden har op ûnder oan ’e berch. 18De hiele berch Sinai rikke, omdat de Heare dêr op delkommen wie en de reek dy’t omheech kaam wie as de reek út in kalkoven en de hiele berch skodde tige. 19En it lûd fan ’e hoarn wûn oan en waard tige sterk. Mozes spriek en God antwurde him mei in lûde stim. 20Doe’t de Heare delkommen wie op ’e berch Sinai, op ’e top fan ’e berch, rôp de Heare Mozes nei de top fan ’e berch en Mozes gong nei boppen.
21De Heare sei tsjin Mozes: Gean nei ûnderen en warskôgje it folk dat se net nei de Heare trochbrekke om te sjen, want dan soenen der gâns fan har komme te fallen. 22Ek de prysters, dy’t ornaris ticht by de Heare komme, moatte op in ôfstân bliuwe. Oars soe de Heare tsjin har losbarste. 23Mozes sei lykwols tsjin de Heare: It folk sil net by de berch Sinai opgean kinne, want Josels hawwe ús warskôge en sein: Freedzje de berch ôf en hâld dy frij. 24Mar de Heare sei tsjin him: Gean hinne, nei ûnderen ta en dan moatst sels nei boppen komme mei Aäron by dy. De prysters en it folk lykwols meie net trochbrekke om nei de Heare ta. Dan soe Hy tsjin har fanwegen komme.
25Dat Mozes gong wer nei ûnderen ta, nei it folk en spriek har ta.