Jetro op besite
1Jetro, de pryster fan Midjan, Mozes syn skoanheit, hearde alles dat God oan Mozes en oan syn folk Israel dien hie: dat de Heare Israel út Egypte gean litten hie. 2En Jetro, de skoanheit fan Mozes, naam Sippoara, Mozes syn frou, – nei’t dy har weromstjoerd hie – 3en har beide soannen mei. De namme fan ’e iene wie Gersjom. Hy hie nammentlik sein: In beskerme frjemdling haw ik west yn in frjemd, fijannich lân. 4De namme fan ’e oare wie Eliêzer: want – sei er – de God fan myn heit hat myn help west en my rêden fan Farao syn swurd.
5Jetro, de skoanheit fan Mozes, kaam mei dy syn soannen en frou by Mozes yn ’e woestyn, by de berch fan God, dêr’t er syn kamp opslein hie. 6Hy sei tsjin Mozes: Ik, dyn skoanheit Jetro, bin nei dy takommen mei dyn frou en har beide soannen hat se by har.
7Mozes rûn syn skoanheit yn ’e mjitte, bûgde foar him en tute him. Doe fregen se inoar, hoe’t it dermei gong; en hja gongen yn ’e tinte. 8Mozes fertelde syn skoanheit alles dat de Heare oan Farao en de Egyptners dien hie om ’e wille fan Israel en alle swierrichheden dy’t se ûnderweis ûnderfûn hienen en hoe’t de Heare har ferlost hie. 9Jetro ferblide him oer al it goede dat de Heare oan Israel dien hie, en dat Er har ferlost hie út ’e macht fan Egypte. 10En Jetro sei: Heech te priizjen is de Heare, dy’t jim ferlost hat út Egypte en út ’e macht fan Farao, dat Er jim ûnder de macht fan ’e Egyptners weihelle hat. 11No wit ik dat de Heare grutter is as alle goaden. Want yn ’e dingen dêr’t hja sa oermoedich yn wienen, stie Hy boppe har.
12Doe brocht Jetro, Mozes syn skoanheit, God in brânoffer en fleisoffers, en Aäron mei alle âldsten fan Israel kamen om mei de skoanheit fan Mozes it miel te brûken foar Gods eagen.
De ried fan Jetro
13De oare moarns hâlde Mozes sitdei om rjocht te sprekken oer it folk. En it folk stie fan ’e moarns oant ’e jûns foar Mozes. 14Doe’t Mozes syn skoanheit seach, wat er allegearre foar it folk die, sei dy: Wat is dit foar in wurk datst foar it folk dochste? Wêrom hâldst allinne sitdei, wylst it folk fan ’e moarns oant ’e jûns foar dy yn ’e rige stiet?
15Mozes sei tsjin syn skoanheit: Omdat it folk by my komt om God om in útspraak te freegjen. 16As ien in kwestje hat, dan komt er by my en ik sprek dan rjocht tusken de iene en de oare en ik meitsje har de foarskriften en wetten fan God bekend.
17Mar Mozes’ skoanheit sei tsjin him: It is net goed sasto it dochste. 18Do wurdst dêr sels, likegoed as it folk by dy, deawurch fan, want dizze saak giet dy boppe de macht. Dit is gjin dwaan foar dy allinne. 19Harkje no ris nei wat ik sis. Ik sil dy in ried jaan en dat God dan mar mei dy wêze mei. Do moatst it folk fertsjintwurdigje by God. En dan moatsto de saken by God bringe. 20Do moatst har de foarskriften en de wetten ynskerpje en har bybringe hoe’t se har hâlde en drage moatte, en wat se te dwaan hawwe. 21Dan moatst ûnder it hiele folk omsjen nei flinke manlju, dy’t ûntsach foar God hawwe, betroubere manlju, dy’t net op winst út binne. Dy moatst oer it folk as foarmannen oer tûzen-, hûndert-, fyftich- en tsientallen oanstelle. 22Dy moatte dan op alle tiden oer it folk rjochtsprekke. Mar as der in wichtige saak is, lit se dy dan by dy bringe. De lytse dingen lykwols moatte se sels berjochtsje. Meitsje it dysels makliker en lit it har mei dy drage. 23Asto dat sa dochst en God it dy opdraacht, dan silst it úthâlde kinne en dan sil ek dit hiele folk tefreden wer nei hûs gean.
24Mozes harke nei syn skoanheit en hy die alles dat dy sein hie. 25Mozes keas út hiele Israel flinke manlju út en makke fan har haden oer it folk, foarmannen oer tûzen-, hûndert-, fyftich- en tsientallen. 26Dy sprieken op alle tiden rjocht oer it folk. De drege saken brochten se by Mozes, mar alle lytse saken berjochten se sels.
27Doe liet Mozes syn skoanheit gean en dy gong wer nei syn lân.