De tsien wurden
1Doe spriek God al dizze wurden: 2Ik bin de Heare, dyn God, dy’t dy út Egypte, it slavehûs, weihelle hat. 3Do meist gjin oare goaden foar myn eagen hawwe. 4Do meist dy gjin byld meitsje, gjin inkelde ôfbylding fan wat boppe yn ’e loft is, of ûnder op ’e ierde, of yn it wetter ûnder de ierde. 5Do meist dy der net foar bûge, noch har tsjinje, want Ik, de Heare, dyn God, bin in oergeunstich God, dy’t de ûngerjochtichheid fan ’e heiten op ’e bern ferhellet, oan it tredde en fjirde geslacht ta fan harren dy’t My haatsje, 6mar dy’t geunst bewiist oan it tûzenste geslacht fan dy’t My leafhawwe en myn geboaden ûnderhâlde.
7Do meist de Namme fan de Heare, dyn God, net misbrûke, want de Heare lit net frij-út gean, wa’t syn Namme misbrûkt.
8Tink om ’e sabbatdei, en hâld dy hillich. 9Seis dagen silst arbeidzje en al dyn wurk dwaan. 10De sânde dei lykwols is in sabbat foar de Heare, dyn God. Do meist dan hielendal gjin wurk dwaan, do net, dyn soan of dochter net, noch dyn slaaf of slavinne, noch dyn fee, noch de frjemdling by dy yn ’e poarte. 11Want yn seis dagen hat de Heare de himel en de ierde makke, de see en alles dat dêryn is en Hy rêste de sânde deis. Dêrom hat de Heare de sabbatdei segene en dy hillige.
12Earje dyn heit en mem, datst lang libje meist op ’e grûn dy’t de Heare, dyn God, dy jout.
13Do meist net deaslaan.
14Do meist net troubrekke.
15Do meist net stelle.
16Do meist gjin falske ferklearring ôflizze oer dyn neiste.
17Do meist dyn neiste syn hûs net begeare; do meist dyn neiste syn frou net begeare, noch syn slaaf of slavinne, noch syn okse of ezel of wat ek mar dyn neiste sines is.
It folk is bang foar de ferskining fan God
18Doe’t it hiele folk de tonger- en wjerljochtslaggen, it lûd fan ’e hoarn en de rikjende berch gewaar waard, skrillen se tebek en gongen fan fierrens stean. 19Hja seinen tsjin Mozes: Jo moatte mar tsjin ús sprekke, dan sille wy wol harkje. As God mar net tsjin ús sprekt, want dan soenen wy it bestjerre. 20Mar Mozes sei tsjin it folk: Wês mar net bang, want God is kommen om jimme te hifkjen en om jim it ûntsach foar Him by te bringen, dat jimme net sûndigje.
21Sa stie it folk fan fierrens, wylst Mozes op ’e tsjusternis tagong, dêr’t God wie.
It Ferbûnsboek, a. De earetsjinst
22Doe sei de Heare tsjin Mozes: Dit moatst tsjin ’e Israeliten sizze: Jimme hawwe fernommen, hoe’t Ik út ’e himel wei mei jimme sprutsen haw. 23Jim meie njonken My gjin sulveren goaden meitsje. Ek gouden goaden meie jim net foar jimsels meitsje.
24In alter fan ierde moatte jimme foar My meitsje. Dêrop moatst dyn brânoffers, dyn frede-offers, dyn lytsfee en dyn kij offerje. Op alle plakken dêr’t Ik myn Namme yn oantinken bringe sil, sil Ik by dy komme en dy segenje. 25En ast My al in stiennen alter makkest, dan meist dat net opbouwe fan bekappe stien, want ast dêr skerp ark oer hellest, silst it ûntwije. 26Do meist net mei in trep by myn alter opgean, dat dêr dyn skamte net op te sjen komt.