Exodus 17
Massa en Meribá
1De hiele mienskip fan ’e Israeliten briek op út ’e woestyn Sin en hja gongen fan plak nei plak, sa’t de Heare oanjoech. En doe’t se har kamp opslein hienen yn Refidim. wie der gjin drinkwetter foar it folk. 2Doe die it folk Mozes ferwiten. Hja seinen: Jou ús wetter, dat wy drinke kinne. Mar Mozes sei tsjin har: Wat dogge jimme my ferwiten te dwaan. Wat behifkje jimme de Heare? 3Mar it folk smachte dêr nei wetter. Hja prottelen tsjin Mozes en seinen: Wêrom hawwe jo ús dochs út Egypte gean litten om ús mei bern en fee fan toarst omkomme te litten?
4Doe rôp Mozes nei de Heare en sei: Hoe moat ik mei dit folk oan? It skeelt mar in bytsje of se stiennigje my.
5En de Heare sei tsjin Mozes: Gean foar it folk út en nim inkele fan ’e âldsten fan Israel mei. De stôk dêrst de Nyl mei slein hast, moatst yn ’e hân nimme en sa moatst gean. 6Sjoch Ik stean dêr foar dy op ’e rots yn Hoareb en do moatst op ’e rots slaan. Dan sil dêr wetter útkomme, en kin it folk drinke.
Dat die Mozes foar de eagen fan ’e âldsten fan Israel.
7En hy neamde dat plak: Massa en Meribá, om de oanklacht fan ’e Israeliten en om har hifkjen fan de Heare. Hy sei: Is de Heare yn ús fermidden of net?
Striid mei Amalek
8Doe kaam Amalek opsetten en focht mei Israel te Refidim, 9En Mozes sei tsjin Jozua: Sykje mannen út en gean derop ta, gean de striid oan mei Amalek. Moarn sil ik op ’e kop fan ’e heuvel stean gean mei Gods stôk yn ’e hân.
10Jozua die sa’t Mozes him sein hie: hy gong de striid mei Amalek oan. En Mozes, Aäron en Chûr gongen by de kop fan ’e heuvel op. 11Sadree’t Mozes de hân omheech hâlde, wie Israel de sterkste, mar as er de hân sakje liet, wie Amalek it sterkst. 12Mar de hannen waarden Mozes swier, dat se namen in stien en leinen dy ûnder him. Hy gong dêrop sitten en Aäron en Chûr steunden syn earmen, elk oan in kant. Doe bleauwen syn hannen ûnbeweechlik oant de sinne ûndergong. 13Sa fersloech Jozua Amalek en syn folk mei it skerp fan it swurd.
14Dêrop sei de Heare tsjin Mozes: Skriuw dit ta in oantinken yn in boek en skerpje it Jozua yn, want Ik sil it oantinken oan Amalek folslein útfeie fan ûnder de himel.
15Doe boude Mozes in alter en neamde dat: De Heare is myn banier. 16Hy sei: Ja, de hân omheech nei de troan fan de Heare. Oarloch hat de Heare mei Amalek fan âlder op âlder.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap