De trochtocht troch de Reidsee
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Sis tsjin ’e Israeliten dat se weromgeane en har kamp opslaan foar Py-Hachirot, tusken Migdol en de see east fan Baäl-Sefon; dêr lyk foaroer moatte jim jim kamp opslaan by de see. 3Dan sil Farao grif tinke: De Israeliten binne yn it lân ferdwaald; de woestyn hat har ynsletten. 4En ik sil meitsje dat Farao de stive kop derfoar hâldt, dat hy sil achter har oanjeie. Dan sil Ik troch Farao en syn hiele leger oan myn eare komme. En de Egyptners sille gewaar wurde, dat Ik de Heare bin. En sa dienen se.
5Doe’t de kening fan Egypte ferteld waard dat it folk op ’e flecht gien wie, sloech de stimming fan Farao en syn tsjinstfeinten oangeande it folk om en hja seinen: Wat hawwe wy no dien? Wy hawwe Israel ommers út ús tsjinst gean litten. 6Dat hy spande syn wein yn en naam syn kriichsfolk mei. 7Hy naam de seishûndert bêste weinen, ja alle weinen fan Egypte mei, allegearre mei trije man dêrop. 8En de Heare makke dat Farao, de kening fan Egypte, de stive kop derfoar hâlde, dat hy jage de Israeliten achternei, wylst dy ûnder beskerming fan heger hân fuortgongen.
9Sa jagen de Egyptners, alle hynder-en-weinen fan Farao, syn ruters en syn leger achter har oan en hellen har yn by Py-Hachirot, foar Baäl-Sefon oer, dêr’t hja har kamp opslein hienen by de see. 10Doe’t Farao tichterby kommen wie en de Israeliten opseagen, sjoch, doe wienen dêr de Egyptners, dy’t achter har oan kommen wienen. En de Israeliten waarden tige bang en rôpen ta de Heare. 11Hja seinen tsjin Mozes: Wienen der faaks gjin grêven yn Egypte, datst ús meinommen hast om yn ’e woestyn te stjerren? Wat hast ús oandien, datst ús út Egypte weihelle hast? 12Wie dit it net dat wy yn Egypte tsjin dy sein hawwe: Lit ús gewurde en lit ús de Egyptners mar tsjinje? It hie ommers better foar ús west de Egyptners te tsjinjen as te stjerren yn ’e woestyn.
13Mar Mozes sei tsjin it folk: Wês net bang, hâld hoek en sjoch dan hoe’t de Heare jim hjoed ferlosse sil, want de Egyptners dy’t jim hjoed noch sjogge, sille jim yn der ivichheid net wer sjen. 14De Heare sil foar jim stride. Sels hoege jim neat te dwaan.
15En de Heare sei tsjin Mozes: Wat beropste oan My? Sis tsjin ’e Israeliten, dat se fierder geane. 16En do, til dyn stôk op en stek de hân út oer de see en spjalt dy, dan sille de Israeliten oer it droege troch de see gean. 17Ik fan myn kant sil dan meitsje, dat de Egyptners de stive kop derfoar hâlde en achter har oangean. Dan sil Ik troch Farao en syn hiele leger, syn weinen en syn ruters ta myn eare komme. 18En de Egyptners sille gewaar wurde dat Ik de Heare bin, as Ik troch Farao, troch syn weinen en syn ruters ta myn eare kom.
19Doe gong de ingel fan God, dy’t oars foar it leger fan ’e Israeliten útgong, achter har stean. Ek de wolkkolom gong foar har wei en kaam achter har te stean. 20Dy kaam tusken it leger fan Egypte en dat fan Israel yn en de wolk wie tagelyk tsjusternis en ferljochte de nacht, dat de iene koe de hiele nacht net by de oare komme.
21Doe stiek Mozes de hân út oer de see en de Heare liet de see fuortstreame troch in sterke eastewyn, dy hiele nacht troch, en makke sa fan ’e see droege grûn. It wetter waard spjalte. 22Sa gongen de Israeliten oer it droege troch de see, wylst it wetter har oan ’e rjochteren linkerkant as in muorre wie.
23De Egyptners lykwols setten har nei. Alle hynders, weinen en ruters fan Farao kamen midden troch de see achter har oan. 24It wie yn ’e moarnswacht, dat de Heare út in fjoer- en wolkkolom op it leger fan Egypte delseach en Hy brocht it leger fan Egypte yn ûnstjoer. 25Hy liet de tsjillen fan har weinen fansiden gliidzje, dat dy mei lijen foarút komme koenen. Doe seinen de Egyptners: Lit ús op ’e flecht gean foar Israel, want de Heare striidt foar har tsjin Egypte.
26Doe sei de Heare tsjin Mozes: Stek dyn hân út oer de see, dan sil it wetter weromkomme oer de Egyptners, oer har weinen en har ruters. 27Tsjin it daagjen fan ’e moarn stiek Mozes syn hân út oer de see, dat it wetter begûn wer gewoan te floeien, wylst de Egyptners it yn ’e mjitte flechten. Sa dreau de Heare de Egyptners de see yn. 28It wetter kaam werom en bediek de weinen en de ruters fan ’e legermacht fan Farao, dy’t har achterneikommen wie yn ’e see. Der bleau ek net ien fan har oer. 29Mar de Israeliten wienen oer it droege gien, midden troch de see, wylst it wetter har oan wjerskanten in muorre gelyk wie.
30Sa ferloste de Heare Israel dy deis út ’e macht fan Egypte. En Israel seach de Egyptners dea lizzen op it strân fan ’e see. 31Doe’t Israel de machtige died sjoen hie, dy’t de Heare oan ’e Egyptners dien hie, krige it folk ûntsach foar de Heare en hja fertrouden op de Heare en op syn tsjinstfeint Mozes.