It liet fan Mozes
1Doe song Mozes mei de Israeliten in liet foar de Heare mei dizze wurden:
Ik wol foar de Heare sjonge,
want Hy is heech ferheven.
It hynder en syn ruter
smiet Er yn ’e see.
2Myn krêft en sterkte is de Heare,
Hy is myn útrêding wurden.
Dat is myn God en Him ferhearlikje ik,
de God fan ús heit en Him loovje ik.
3De Heare is in kriichsheld,
Heare is syn namme.
4Farao’s weinen en syn legermacht,
Hy slingere se yn ’e see.
De bêsten fan syn striders
waarden ûnderdompele yn ’e Reidsee.
5Wetterfloeden bedieken har,
as in stien sonken se nei de djipte.
6Jo rjochterhân, o Heare,
is hearlik yn macht.
Jo rjochterhân, o Heare,
ferplettere de fijân.
7Yn jo grutte heechheid
smieten Jo fuort dy’t tsjin Jo opstienen.
Jo lieten jo gleone grime los;
dy fertarde har as strie.
8Troch it blazen út jo noas
waard it wetter omheech jage.
As in daam stienen de streamen.
Wetterfloeden stjurren yn it hert fan ’e see.
9De fijân sei: Achterneijeie sil ik,
se ynhelje, bút ferpartsje.
Ik sil my op him útlibje,
myn swurd sil ik lûke,
ik sil him wer yn ’e macht krije.
10Jo bliezen mei jo wyn –
de see bediek him.
Hja sonken as lead
yn it machtige wetter.
11Wa is as Jo ûnder de goaden, o Heare,
wa is as Jo, hearlik yn hillichheid,
skriklik yn eare,
wûnderlik yn dieden!
12Jo stieken jo rjochterhân út –
de ierde ferswolge har.
13Jo laten yn jo trouwe leafde
dit folk dat Jo ferlosten.
Jo fierden it troch jo krêft
nei jo hillige wente.
14Folken hearden it en hja beven,
bangens griep de bewenners fan Palestina oan.
15Doe besauden de stamhaden fan Edom,
de sterke mannen fan Moäb – frees fleach har oan.
Alle ynwenners fan Kanaän waarden deabenaud,
16ûntsetting en skrik foel op har.
Troch jo machtige earm waarden se stiif as in stien,
oant jo folk, o Heare, foarby wie,
oant dit folk, dat Jo kocht ha,
foarbygien wie.
17Jo bringe it en plantsje it op jo eigen berch,
it plak, dat Jo ta jo wenning makke hawwe, Heare,
it hillichdom, Hear, dat jo hannen stifte ha.
18De Heare is Kening, foar ivich en altyd.
19Doe’t Farao syn hynders mei syn weinen en ruters de see yngien wienen, liet de Heare it wetter fan ’e see weromkomme, oer har hinne. De Israeliten lykwols gongen oer it droege midden yn ’e see. 20Mirjam, de profetesse, de suster fan Aäron, naam de lytse tromme yn ’e hân en alle froulju gongen mei lytse trommen yn raaidûnsen achter har oan. 21En Mirjam song foar har it refrein:
Sjong de Heare,
want Hy is heech ferheven.
It hynder en syn ruter
smiet Er yn ’e see.
Mara en Elim
22Dêrop liet Mozes de Israeliten opbrekke by de Reidsee wei en hja setten ôf nei de woestyn Sjûr. Hja reizgen trije dagen de woestyn yn, mar fûnen gjin wetter. 23Doe kamen se by Mara, mar it wetter fan Mara koenen se net drinke, om’t it bitter wie. Dêrom neamden se it Mara. 24En it folk prottele tsjin Mozes en hja seinen: Wat moatte wy no drinke? 25Mar hy rôp de Heare oan en de Heare wiisde him in stik hout. Dat smiet er yn it wetter en it wetter waard farsk. – Dêr joech de Heare har in foarskrift en rjochtsregel en dêr hifke Er har. 26Hy sei: Asto mei ynmoed harkest nei wat de Heare dyn God seit en do dochst wat rjocht is yn syn eagen, do joust it ear nei syn geboaden en do ûnderhâldst syn foarskriften allegearre, dan sil Ik net ien fan ’e sykten dy’t Ik op ’e Egyptners lein haw, op dy lizze, want Ik, de Heare, bin dyn Hielmaster.
27Doe kamen se oan yn Elim. Dêr wienen tolve wetterwellen en santich palmbeammen. Dêr sloegen se har kamp op by it wetter.