De wet oer de âldste soannen en it Peaskefeest
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Wij My alle âldsten ta. Wat by de Israeliten de memmeskurte foar it earst ûntslút, sawol by de minsken as by de bisten, is fan My.
3Mozes sei tsjin it folk: Hâld dizze dei yn oantinken, doe’t jim út Egypte gien binne, út ’e oarde fan slavernij, want mei in sterke hân hat de Heare jim dêr wei gean litten. Dêrom mei der neat iten wurde dat riisd is. 4Dizze dei fan ’e moanne Abib, geane jim fuort. 5En as de Heare dy dan brocht hat yn it lân fan ’e Kanaäniten, de Hetiten, de Amoriten, de Chiwwiten en de Jebûsiten, yn it lân, dat de Heare jim foarfaars sward hat dat Er it dy jaan soe, in lân dat fan molke en hunich oerrint, dan moatst dizze earetsjinst hâlde yn dizze selde moanne. 6Sân dagen moatst ûnsuorre koeken ite en de sânde dei sil der in feest foar de Heare wêze. 7Sân dagen lang sille der ûnsuorre koeken iten wurde. Neat dat riisd is mei by jimme te sjen wêze en soerdaai likemin. Yn jim hiele gebied net.
8Dy deis moatst dyn soan fertelle: Dit is om wat de Heare my dien hat, doe’t ik út Egypte gong. 9It sil dy in teken op ’e hân wêze en in oantinken tusken dyn eagen, dat it ûnderrjocht fan de Heare op dyn lippen wêze moat, want mei in sterke hân hat de Heare dy út Egypte weihelle. 10Dat foarskrift moatst alle jierren weroan neikomme op ’e tiid dy’t derfoar steld is.
11En as de Heare dy brocht hat yn it lân fan ’e Kanaänyt lykas Er dy en dyn foarfaars mei in eed tasein hat en Hy dy dat lân jûn hat, 12dan moatsto alles dat de memmeskurte ûntslút oan de Heare oerdwaan en fan alle earste jongen fan it fee dat dyn eigendom is, sille de mantsjes de Heare sines wêze. 13Mar elke earste fôle fan in ezel moatst loskeapje mei in laam en ast him net loskeapest dan moatst him de nekke brekke. Alle âldsten fan ’e minsken lykwols ûnder dyn soannen, moatst loskeapje.
14As dyn soan dy dan letter freget: Wat is dat?, dan moatst tsjin him sizze: Mei in sterke hân hat de Heare ús út Egypte, út ’e oarde fan ’e slavernij gean litten. 15En doe’t Farao fan neat witte woe en wegere ús gean te litten, doe hat de Heare alle âldste soannen yn Egypte deade, de âldste fan ’e minsken likegoed as de âldste fan it fee. Dêrom offerje ik de Heare alles dat de memmeskurte ûntslút en dat manlik is, mar elke âldste fan myn soannen keapje ik los. 16Dat sil dy in teken op ’e hân wêze en in bân om dyn foarholle, want mei in sterke hân hat de Heare ús út Egypte gean litten.
Troch de Reidsee
17Doe’t Farao it folk gean litten hie, liet God har net de wei nei it Filistynske lân ynslaan, alhoewol’t dat it neiste wie. Want – tocht God – it folk soe ris spyt krije kinne as se yn oarloch rekken, en dan nei Egypte weromgean. 18Dat sadwaande liet God har in omwei meitsje oer de woestynwei nei de Reidsee. En sa trieken de Israeliten, ta de striid útrist, op út Egypte. 19Mozes naam it omskot fan Joazef mei, want dy hie de Israeliten in djoere eed swarre litten: God sil grif om jim tinke en dan moatte jimme myn omskot hjirwei meinimme.
20Hja brieken op fan Sûkkot en legeren har te Etam, oan ’e râne fan ’e woestyn. 21En de Heare gong foar har út, deis yn in wolkkolom om har it paad te wizen en nachts yn in fjoerkolom om har by te ljochtsjen. Sadwaande koenen se nachts en deis reizgje. 22Deis gong de wolkkolom en nachts de fjoerkolom net by it folk wei.