Exodus 11
De tsiende pleach oankundige
1No hie de Heare tsjin Mozes sein: Noch ien pleach sil Ik oer Farao en oer Egypte bringe. Dêrnei sil er jim hjir wei gean litte. En as er jim allegearre gean lit, dan sil er jim mei alle geweld fuortjeie. 2Stean der no by it folk op oan, dat elke man syn buorman en elke frou har buorfrou om sulverguod en goudguod freget. 3De Heare hie makke dat de Egyptners it folk tagedien wienen. En ek Mozes stie yn Egypte by Farao syn feinten en by it folk, tige heech yn oansjen.
4Doe sei Mozes: Dit hat de Heare te sizzen: Om midnacht hinne sil Ik troch Egypte gean. 5Dan sille yn Egypte alle âldste soannen stjerre, fan Farao syn âldste ôf, dy’t op syn troan sitte soe, oant de âldste fan ’e tsjinstfaam achter de hânmûne ta en ek alle âldsten fan it fee. 6Der sil in grut gejammer wêze yn it hiele lân fan Egypte, sa’t der noch nea net west hat en der ek nea net wer komme sil. 7By alle Israeliten lykwols sil gjin hûn de tonge ferwege tsjin minske noch bist. Dan sille jimme witte dat de Heare skieding makket tusken Egypte en Israel. 8En al dyn tsjinstfeinten sille nei my takomme en har foar my bûge en sizze: Gean fuort, jo en dit hiele folk dat jo achterneirint. En dan sil ik fuortgean.
En Mozes gong poerlilk by Farao wei. 9De Heare hie tsjin Mozes sein: Farao sil net nei jim harkje, dat der komme noch mear wûnders fan My yn Egypte. 10Mozes en Aäron no hawwe al dy wûnders foar Farao dien, mar de Heare makke dat Farao de stive kop derfoar hâlde en de Israeliten net út syn lân gean litte woe.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap