1Nim dus in foarbyld oan God, as syn leave bern. 2Libje sa yn leafde, sa’t Kristus ús leafhân hat en Himsels foar ús oerjûn en oanbean hat oan God as in offerjefte, as in kostlike swietrook. 3Huorkerij, alle soarte fan ûnseedlikens of ynklauwerigens mei by jimme net iens neamd wurde. Soks foeget Gods folk net. 4En likemin mâle gritsen, ôfwaaid en dûbelsinnich praat, want dy jouwe gjin foech. Bring leaver tank oan God. 5Want dit moatte jimme net ferjitte: elk dy’t huorket, ûnseedlik of ynklauwerich is – dat wol sizze dy’t de ôfgoaden tsjinnet – hat part noch diel oan it ryk fan Kristus en fan God.
Libje yn it ljocht
6Lit net ien jimme op ’e doele bringe mei lege wurden: krekt om dy dingen komt Gods grime oer de minsken dy’t net om sizzen jaan wolle. 7Jou jim net ôf mei sok folk. 8Want ienris wienen jimme klearebare tsjusternis, mar no binne jimme ljocht om’t jimme kristenen wurden binne. Libje dan as minsken dy’t by it ljocht hearre. 9– Want de frucht fan it ljocht is neat as goedens, gerjochtichheid en wierheid. – 10Gean dan nei wat God graach wol.
11Doch net mei oan ’e dieden fan ’e tsjusternis, dy’t neat opsmite, mar ûntmaskerje se leaver. 12Wat dy lju temûk útheevje is sa skandalich, dat men kin der mei goed fatsoen net iens oer prate. 13Mar as alle dingen ûntmaskere wurde, dan makket it ljocht har wier aard dúdlik. 14Want alles wat syn wier aard skine lit, is sels ljocht. Dêrom wurdt der sein:
Wurd wekker, do slieper,
en ferriis út ’e deaden,
en Kristus sil oer dy ljochtsje.
15Tink der dus goed om hoe’t jimme libje, net as ûnnoazele, mar as wize minsken. 16Nim jimme kânsen waar, want it binne minne tiden. 17Wês dêrom net ûnferstannich, mar begryp wat de Heare fan jimme wol.
18Bedrink jimme net oan wyn, want dêr komt liderlikens fan; mar lit de hillige Geast jimme fol meitsje. 19Sjong elkoar ta mei psalmen, lofsangen en lieten troch de Geast ynjûn: sjong en spylje foar de Hear mei hert en siel. 20Bring aloan foar alles tank oan God de Heit, yn ’e namme fan ús Hear Jezus Kristus. 21Lit jim fan inoar sizze út ûntsach foar Kristus.
Froulju en manlju
22Jimme froulju, lit jim sizze fan jimme manlju, lykas fan de Hear, 23want de man is it haad fan ’e frou, lykas Kristus it haad fan ’e tsjerke is. Hy is ek de Rêder fan ’e tsjerke, syn lichem. 24Lykas no de tsjerke har sizze lit fan Kristus, sa moatte ek de froulju yn alles har sizze litte fan har manlju.
25Jimme manlju, haw jimme froulju leaf, lykas ek Kristus de tsjerke leafhân hat. Hy hat Himsels foar har opoffere,
26om har hillich te meitsjen, nei’t Er har reinige hie mei syn wurd troch har yn wetter te waskjen. 27Want Hy woe de tsjerke yn al har hearlikheid foar Him sette, sûnder plak of ronfel of sokssawat, mar hillich en sûnder lek of brek. 28Sa moatte ek de manlju har froulju leafhawwe as har eigen lichem. Wa’t syn frou leafhat, hat himsels leaf. 29Want gjinien hatet syn eigen lichem, dat bestiet net! Nee, hy jout it yn alles syn gerak. Sa docht Kristus it ek mei de tsjerke, 30want dy is syn lichem en dêr binne wy lidmaten fan. 31Dêrom moat in man syn heit en mem ferlitte om himsels hielendal te binen oan syn frou en dy twa sille folslein ien wêze. 32Dat is in grut mystearje. Mar ik bring it yn ferbân mei Kristus en de tsjerke. 33Yn alle gefallen moatte ek jimme elk foar oar jim frou leafhawwe as jimsels en de frou moat ûntsach hawwe foar har man.