De ienheid fan it lichem fan Kristus
1Ik stean der dus by jimme op oan – ik dy’t om ’e saak fan ’e Hear fêst sit – dat jimme libje sille sa’t it heart by de ropping dy’t jimme krige hawwe. 2Wês altiten beskieden, sêftmoedich en geduldich, ferdraach inoar mei leafde. 3Doch jimme bêst de ienheid dy’t de Geast jout, te bewarjen troch de frede dy’t gearbynt. 4Der is ien lichem en ien Geast, lykas der ek ien hope is, dêr’t God jimme ta roppen hat. 5Der is ien Hear, ien leauwen, ien doop, 6ien God en Heit fan alle minsken, dy’t boppe allegearre is en troch allegearre wurket en yn allegearre wennet.
7Mar oan elk fan ús is syn eigen genede jûn, al nei’t Kristus dy jûn hat. 8Dêrom wurdt der sein:
Hy is opfearn nei de himel en hat syn fijannen yn ’e boeiens slein;
Hy hat de minsken jeften jûn.
9Dat: ‘Hy is opfearn’ kin dochs oars neat betsjutte as dat Er ek delkommen is nei de djipten, nei de ierde. 10Hy dy’t delkommen is, is deselde dy’t ek opfearn is boppe alle himelen, om it hielal folslein te meitsjen.
11Hysels hat oan syn tsjerke guon jûn as apostels, oaren as profeten, wer oaren as evangelisten of hoeders en learaars, 12om de hilligen ta te rissen foar it tsjinstwurk om it lichem fan Kristus op te bouwen. 13Sa sille wy op ’t lêst allegearre slagje ta de ienheid fan it leauwen en de kennisse fan Gods Soan: Wy sille in folwoeksen minske wurde, útgroeid neffens de folsleinens fan Kristus. 14Dan sille wy net langer ûnfolwoeksen wêze. Wy sille ús net mear op en del en hinne en wer smite litte as op ’e wyn troch elke lear, troch it falske spul fan ’e minsken dy’t derop út binne om mei mûklist oaren op ’e doele te bringen. 15Nee, wy moatte ús oan ’e wierheid hâlde yn ’e geast fan ’e leafde en sa oer alle boegen tagroeie nei Him dy’t it haad is: Kristus. 16Fan Him krijt it hiele lichem syn waaksdom, gearfoege en byinoarhâlden as it wurdt troch elke bân, dy’t it skoarret, nei de krêft dy’t yn elk lid wurket. Sadwaande bout it himsels op yn ’e leafde.
It âlde en it nije libben
17Dit no sis ik, ja beswar ik jimme, yn ’e namme fan de Hear: libje net langer sa’t de heidenen dat dogge yn har tinken dat neat opsmyt. 18It ferstân is har fertsjustere, se steane bûten it libben dat God jout, want se binne folslein ûnwittend, en it hert is har sa hurd as in stien wurden. 19Se hawwe de skamte de kop ôfbiten en harsels útlevere oan ’e liderlikens om yn ûnberoaidens alle mooglike ûnreine dingen te dwaan.
20Mar mei jimme stiet it der oars foar, jimme hawwe de Kristus kennen leard. 21Want jimme hawwe oer Him preekjen heard en binne yn Him ûnderlein – dat is de wierheid yn Jezus. 22Fuort mei jimme eardere hannel en wannel en mei de âlde minske dy’t troch syn ferriederlike begearten om hals rekket. 23Wurd nij yn jimme geast en tinken. 24Nim de nije minsklike natuer oan sa’t dy nei Gods byld skepen is yn wiere gerjochtichheid en hillichheid.
De regels foar it nije libben
25Dêrom: fuort mei de leagen en lit elk de wierheid sprekke tsjin syn neiste, want wy hearre byinoar as leden fan ien lichem. 26As jimme lilk wurde, pas der dan foar op dat jimme jim net besûndigje. Gean net mei de lilke holle de nacht yn. 27Jou de duvel gjin kâns. 28Wa’t wend is te stellen moat dat net wer dwaan, mar him leaver ynspanne om mei eigen hannen earlik wurk te dwaan; dan kin er de minsken dy’t ferlet hawwe, wat tapartsje.
29Lit jim gjin inkeld ferkeard wurd oer de lippen komme, mar sprek as der ferlet fan is, in goed wurd, dat opbout, om dy’t it hearre in deugd te dwaan. 30En doch de hillige Geast fan God gjin fertriet; jimme hawwe Him as garânsje krige foar de dei fan ’e ferlossing. 31Meitsje in ein oan alle bitterens, opljeppenens, lilkens, razen en flokken, yn it koart oan alle ferkeardens. 32Wês leaver freonlik en barmhertich foar inoar. Ferjou elkoar sa’t God jimme ferjûn hat troch Kristus.