Efeziërs 3
Paulus syn’tsjinst foar de heidenen
1Dêrom is it dat ik, Paulus, dy’t fêst sit om ’e saak fan Kristus [Jezus], foar jimme as heidenen..... 2Jimme hawwe der dochs grif wol fan heard dat God it my jûn hat om syn genede oan jimme út te dielen. 3God hat my it geheim troch iepenbiering te witten dien, sa’t ik hjirfoar yn it koart al skreaun haw. 4As jimme dat lêze, kinne jimme foar it ferstân krije, dat ik in skerp ynsjoch haw yn ’e ferburgenheid fan Kristus. 5Dy ferburgenheid is ûnder eardere generaasjes noait sa oan ’e minskebern te witten dien. Mar no hat God it troch de Geast iepenbiere oan syn hillige apostels en profeten: 6De heidenen binne troch it bliid boadskip likegoed erfgenamten, likegoed yn it lichem opnommen en diele likegoed yn Gods tasizzing yn ’e persoan fan Kristus Jezus. 7Fan dat bliid boadskip bin ik in tsjinstfeint wurden troch it geskink dat God my yn syn genede jûn hat troch it wurkjen fan syn macht.
8Krekt oan my, de allerminste fan alle hilligen, hat God dy genede jûn: Ik mei oan ’e heidenen it bliid boadskip ferkundigje fan de net-te-bedjipjen rykdom fan Kristus 9en foar allegearre oan it ljocht bringe hoe’t Gods ferburgen plan ta wêzen komt. Dat geheim hat fan ivichheid ôf ferburgen west yn God de Skepper fan alle dingen. 10Mar no moat de tsjerke de wysheid fan God yn al syn ryk ferskaat te witten dwaan oan ’e machthawwers en autoriteiten yn ’e himelske kontreien. 11Dat is neffens Gods ivich plan, dat Hy útfierd hat troch Kristus Jezus ús Hear. 12Yn Him hawwe wy de frijheid om mei alle betrouwen nei God ta te gean, mei’t wy yn Him leauwe. 13Ik bid dêrom, dat jimme net mismoedich wurde meie, omreden dat ik foar jimme lije moat. Dat lijen meie jimme grutsk op wêze.
It kennen fan Kristus’ leafde
14Om dy reden bûch ik de knibbels foar de Heit, 15fan wa’t alle mienskip yn himel en op ierde syn namme krijt. 16Ik freegje Him om jimme te jaan, dat jimme troch syn Geast ynderlik tige fersterke wurde neffens syn oerfloedige hearlikheid, 17dat Kristus Him nei wenjen set yn jimme hert troch it leauwen en dat jimme yn leafde woartele en grûndearre bliuwe meie. 18Ik freegje dat jimme sa by steat wêze meie om mei alle hilligen te fetsjen, hoe lang en breed, hoe heech en djip syn leafde is 19en de leafde fan Kristus kenne, dy’t alle kennisse te boppe giet. Sa wurde jimme fol oan alle folheid ta dy’t God jout.
20God no, dy’t by steat is om ûnwittend folle mear te dwaan as wy oait freegje of betinke doare neffens de macht dy’t yn ús wurket, 21Him mei de hearlikheid wêze yn ’e gemeente en yn Kristus Jezus oant yn alle geslachten fan ivichheid ta ivichheid. Amen.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap