Nim it libben sa’t it is
1In goede namme is better as goede oalje,
de stjerdei is dan ek better as de bertedei.
2Men kin better nei in hûs gean, dêr’t se rouje,
as nei in hûs dêr’t se feestfiere.
Want by it earste giet it om de ein fan elk minske
en wa’t noch libbet, mei it him wol neinimme.
3Treurjen is better as laitsjen,
want by in drôvich gesicht is men faaks woltemoed.
4It hert fan wizen is yn it hûs fan ’e rou,
mar it hert fan dwazen yn it hûs fan ’e wille.
5Men kin better harkje nei de bestraffing fan in wize
as nei de lofsang fan in dwaas.
6It knetterjen fan toarnen ûnder in fjurpot,
dat is it gnizen fan in dwaas.
Dat is ek neatichheid.
7Sûnder mis makket jild-ôftwingen in wiis minske dwaas
en omkeaperij bedjert it hert.
8De ein fan in ding is better as it begjin;
de langmoedige is better as de heechmoedige.
9Wês dochs net opljeppen fan geast,
want opljeppenens wennet yn it hert fan in dwaas.
10Sis net: Wêrom wie it foarhinne better as no?
Want do soest soks net út wysheid freegje.
11Wysheid is àl sa goed as in erfskip
en it is in foarrjocht foar wa’t de sinne sjogge.
12Want wysheid beskermet en jild beskermet,
mar it is in foarrjocht te witten,
dat de wysheid har besitters it libben jout.
13Sjoch nei it wurk fan God,
want wa kin rjocht meitsje, dat Hy krom makke hat?
14Wês wol te moede, as it dy goed giet,
mar tink, as it ferkeard giet:
Ek dit hat God dien, likegoed as it oare,
want oer syn eigen takomst kin de minske neat útfine.
Net iensidich wêze
15Beide haw ik wol sjoen yn myn neatige dagen:
In rjochtfeardige kin omkomme, al is er rjochtfeardich,
en in sûnder kin lang libje, al docht er ferkeard.
16Wês dus net al te rjochtfeardich
en hâld dy net al te wiis –
wêrom soesto dysels om hals bringe?
17Doch it ek net al te mâl en wês net dwaas, –
wêrom soesto foar dyn tiid stjerre?
18It is goed, datsto it iene fêsthâldst
en it oare net loslitst,
want wa’t ûntsach foar God hat,
rêdt it der yn beide gefallen ôf.
19Wysheid makket de wize sterker
as tsien dy’t it yn in stêd foar it sizzen hawwe.
20Der is grif gjin minske rjochtfeardich op ierde,
net ien dy’t inkeld goed docht en noait gjin kwea.
21Harkje net nei alle wurden dy’t der sein wurde,
oars hearst nochris, dat dyn feint dy ferwinsket.
22Want do witst sels wol,
hoe faak asto oaren ferwinske hast.
De bittere teloarstelling
23Dat allegearre haw ik mei wysheid hifke.
Ik hie tocht: Ik sil wysheid opdwaan,
mar dy bleau fier fan my ...
24Al wat bestiet, is te fier en te djip;
te djip is it, wa sil it fine?
25En nochris haw ik my derop talein
om ta in wiis einbeslút te kommen,
om nei te sykjen en út te finen,
dat sûnde kleare dwaasheid is
en oerhearrigens ûnferstân.
26Dit haw ik fûn:
Bitterder as de dea is in frou
mei in hert as in strûp en as in net,
mei hannen as keattings.
Wa’t God oanstiet, dy ûntkomt har,
mar wa’t Him tsjinstiet, dy wurdt troch har fongen.
27Sjoch, dit haw ik fûn, seit de Preker,
– ik foege it iene by it oare om it einbeslút te finen
28dêr’t ik hertstochtlik om sykje,
mar dat ik noch nea fûn haw. –
Ien man op ’e tûzen haw ik fûn,
mar ûnder alle froulju haw ik gjinien fine kinnen.
29Sjoch, dit allinnich haw ik opmurken:
God hat de minsken wol rjochtskepen makke,
mar sels hawwe se fan alles útfûn.