It lok fan in minske is beheind
1Noch in min ding haw ik ûnder de sinne sjoen,
dat swier as in lêst op ’e minsken waacht:
2As God ien safolle rykdom en skatten en oansjen jout,
dat er alles krije kin, wat syn hert begeart,
mar God jout him de kâns net om derfan te genietsjen,
omdat in frjemdenien it fertart,
dan is dat ek neatichheid.
It is in min ding, om der siik fan te wurden.
3Al krige immen hûndert bern
en libbe er gâns jierren,
ja, al waard er stok-âld,
mar hy koe him net sêd ite fan it goede,
dan wie in misberte der noch better oan ta as dy man.
4Want dy makket in misse reis,
dy giet it tsjuster wer yn
en syn namme wurdt mei it tsjuster bedutsen.
5Dy hat de sinne net sjoen en nearne weet fan hân,
dy kriget ek gjin begraffenis,
mar dy hat mear rêst as hy.
6Al libbet er ek twa kear tûzen jier,
mar hat gjin genot fan it goede –
alles giet dochs nei ien-en-itselde plak.
7Alle geskrep fan in minske is foar de mûle
en dochs rekket de ‘mear’ noait fol,
8want wat hat de wize foar boppe de dwaas,
of de earme boppe de libbenskeunstner?
9Mei de eagen nei de dingen sjen is better
as de begearte derop los te litten.
Ek dat is neat en jacht meitsjen op ’e wyn.
10Wat der barre sil, is al lang útmakke
en yn it foar stiet fêst, wat in minske wêze sil:
hy kin net yn ’e pleit gean tsjin Him, dy’t mear mânsk is as hy.
11Hoe mear wurden men brûkt,
hoe slimmer de neatichheid,
dat wat hâldt in minske derfan oer?
12Wa wit wat goed foar in minske is
dat neatich eintsje libben,
dêr’t er as in skaad trochhinne gliidt?
Wa ommers kin de minske fertelle,
wat nei him komt ûnder de sinne?