Doch mar wat de hearsker seit
1Wa is gelyk oan de wize
en wa kin alles útlizze?
Wysheid makket it gesicht fan in minske blier
en it feroaret de stûfens fan it wêzen.
2Doch sa’t de kening seit,
mar as it om in eed yn Gods namme giet,
gean dan net te hastich te wurk.
3Meitsje datsto út syn eagen komst
en doch by him gjin ferkearde dingen,
want al wat er wol, dat set er troch.
4It wurd fan in kening is ommers machtich.
Wa sil him ûnderstean om syn dieden?
5Wa’t it gebod yn acht nimt, kriget gjin lêst
en it hert fan in wiis minske wit,
dat de tiid fan it oardiel komt.
6Wat der ek bart, de tiid fan it oardiel komt,
want it kwea leit as in lêst op in minske.
7Hy wit ommers net wat der komt,
want wa fertelt him de takomst?
8Gjinien kin by mooglikheid de wyn keare,
gjinien ek keart de dei fan ’e dea,
gjinien ûntkomt oan ’e oarloch, –
sa lit it kwea syn bedriuwers noait los.
9Dat haw ik allegearre sjoen,
doe’t ik omtinken joech oan alles
wat ûnder de sinne dien wurdt,
salang’t de iene de oare kwea dwaan kin.
De riedsels fan Gods bewâld
10Sa haw ik ek sjoen, dat kweaminsken
mei eare begroeven waarden
en nei’t de lju fan it hillich stee werom kamen,
prizen se har yn ’e stêd om wat se dien hienen.
Dat is ek neatichheid.
11Omdat de straf net daliks op ’e sûnde folget,
dêrom hawwe de minsken sa’n nocht oan it kweadwaan.
12Al hat de sûnder in lang libben,
hoewol’t er hûndert kear kwea docht,
ik bin der dochs wis fan, dat it
allinnich dy lju goed gean sil,
dy’t ûntsach hawwe foar God.
13Mar sûnders sil it net goed gean
en se sille net lang libje, likemin as it skaad,
omdat se gjin ûntsach foar God hawwe.
14In neatich ding bart der op ’e ierde:
Rjochtfeardigen krije faak, wat sûnders fertsjinje
en sûnders krije, wat rjochtfeardigen fertsjinje.
Ik sei, dat is ek neat.
15Ik haw de wille prize,
om’t der neat better foar de minske is ûnder de sinne,
as ite en drinke en wille meitsje.
Lit dat him bybliuwe by syn geskrep,
de dagen, dat God him it libben ûnder de sinne jout.
16Doe’t ik myn sinnen derop sette
om wysheid te winnen
en seach nei wat der op ierde beskrept wurdt,
wylst de eagen nacht noch dei sliep krije,
17doe seach ik dat de minske
al Gods wurken net útfine kin
en net wit, wat der winliken ûnder de sinne bart.
Hoe’t de minske syn bêst ek docht
om it út te sykjen,
hy fynt it net.
En mocht in wizen-ien al miene dat er it wit,
hy kin it likemin útfine.