1Wês net te rap mei de mûle en
lit dyn hert der net te gau wat hinne prate foar Gods antlit,
want God is yn ’e himel en do bist op ’e ierde;
wês dêrom in man fan in bytsje wurden.
2Want sa’t it dreamen komt fan in bulte drokte,
sa komt it dwaze praat fan in bulte wurden.
3Asto God in belofte dien hast,
sloer der dan net mei om dy ek nei te kommen,
want Hy hat gjin nocht oan dwazen;
watsto sein hast, moatsto ek neikomme.
4It is better gjin belofte te dwaan,
as in belofte te dwaan en dy net nei te kommen.
5Lit de mûle dyn lichem net ta sûnde bringe
en sis net tsjin ’e boade fan God,
dat it in fersin wie.
God soe grif lilk wurde om watsto seist,
en it wurk fan dyn hannen ferdwaan.
6Want der binne dreamen by de bult
en der binne lege wurden by de bult;
haw do mar ûntsach foar God.
De rykdom hat gjin echte wearde
7Sjoch der net nij by op, ast yn it lân fernimst,
dat de earme ferdrukt wurdt
en rjocht en wet skeind wurde,
want de iene hege amtner hâldt de oare de hân boppe de holle
en wer in hegere amtner hâldt beide de hân boppe de holle.
8In grut foardiel foar in lân is,
dat de kening it lân goed be-arbeidzje lit.
9Dy’t hjit is op jild, wurdt der noait sêd fan
en dy’t oan rykdom hinget, hâldt der neat fan oer.
Ek dat is neat.
10As it besit oanwint,
wint ek it tal minsken oan, dat derop tart;
wat hâldt de besitter dan mear oer as it genot fan ’e eagen?
11Swiet is de sliep fan in arbeider,
oft er in bytsje iten hat of folop,
mar de rike kin net sliepe, sa sêd is er.
12Ik haw in min ding sjoen ûnder de sinne,
om der siik fan te wurden:
Rykdom, troch syn besitter opsparre ta syn eigen skea.
13As dy rykdom troch in ûngelok ferlern gong
en hy hie in soan, dan stie dy noch mei lege hannen.
14Like neaken as er út de memmeskurte kommen is,
moat er werom nei it plak dêr’t er weikomt;
neat kin er yn ’e hân meinimme as lean foar syn wurk.
15Dit is in min ding, om der siik fan te wurden:
Krekt sa’t er kommen is, moat er wer gean.
Wat hâldt er oer fan dat skreppen achter de wyn oan?
16Hy hat syn brea altyd al iten ûnder in tsjuster skaad,
grut wie syn fertriet, syn lijen en argewaasje.
17Sjoch wat ik sjoen haw as in goede en treflike saak:
Ite en drinke en it goede genietsje by alle skreppen
en skuorren ûnder de sinne yn it skoftke tiid,
dat God in minske jout, want dat is syn diel.
18En safaak as God in minske rykdom en skatten jout
en him dan ek frij jout om derfan te iten,
syn part te nimmen en wille fan it wurk te hawwen,
dan is dat op himsels in jefte fan God.
19Sa’n ien tinkt der net faak oan, hoe koart it libben is,
omdat God him blydskip yn it herte jout.