1En dan seach ik alle ûnderdrukking ûnder de sinne.
Wat binne der in triennen by ferdrukten
dy’t gjin treaster hawwe.
Oan ’e kant fan ’e ûnderdrukkers is macht,
mar der is foar de ferdrukten gjin wreker.
2De deaden, dy’t al lang wei binne, liken my gelokkiger ta as de libbenen, dy’t noch yn wêzen binne 3en noch gelokkiger as dy beide like my de minske ta, dy’t der noch noait west hat en dy’t noch noait it kweadwaan ûnder de sinne sjoen hat. 4Ik seach ek dat alle ynspanning en bekwamens by it wurk kleare oergeunst is fan ’e iene op ’e oare. Dat is ek neat en jacht meitsjen op ’e wyn.
5It is in dwaas, dy’t de earmen oer elkoar docht
en syn eigen fleis fertart,
6mar dochs is ien hânfol rêst better
as beide fûsten fol skreppen en jacht meitsjen op ’e wyn.
Wat is in minske allinnich?
7Doe seach ik wer in dwaasheid ûnder de sinne:
8Der is in minske allinnich, sûnder ien by him,
hy hat gjin soan en gjin broer,
mar der komt gjin ein oan syn skreppen
en syn eagen wurde net sêd fan ’e rykdom.
– Wêr skrep ik dan einliken foar
en gun mysels it goede net?
Ek dat is neat en it is in min ding.
9Mei jins beiden is better as allinnich,
want tegearre hat men in goed lean foar it wurk.
10As ien fan beiden falt,
dan kin de oare him oerein helpe;
mar o wee de ienling, dy’t falt
en dy’t gjin minske hat om him oerein te helpen.
11Sa kinne ek twa, dy’t har deljouwe, de waarmte krije,
mar hoe kin ien allinnich waarm wurde?
12As immen it fan ien man wol winne kin,
dan sille twa it dochs tsjin him hâlde kinne;
en in trijetrieds snoer sil net maklik brekke.
De folksgeunst is o sa wif
13In earme, mar wize jongkeardel is better
as in âlde dwaze kening, dy’t gjin rie oannimme wol.
14Want de earste kaam út it tichthús en waard kening,
hoewol’t er ûnder de oare syn keningskip berne wie as in earme jonge.
15Ik seach alle libbenen ûnder de sinne meirinnen
mei de jonge opfolger, dy’t yn it plak fan ’e oare komme soe;
16der kaam gjin ein oan it folk dat er oanfierde.
Mar letter wienen de minsken net mear sa wiis mei him.
Ek dat is neat en jacht meitsjen op ’e wyn.
Leafde foar God moat echt wêze
17Nim dyn foet yn acht, asto yn it hûs fan God giest,
want tichteby komme om te hearren is better
as it offerjen dat dwazen dogge;
want dy besûndigje har sûnder it sels te witten.