Oeral is in tiid foar
1Foar elk ding is in oere
en foar alles ûnder de himel in tiid.
2Der is in tiid om berne te wurden
en in tiid om te stjerren,
in tiid om te plantsjen
en in tiid om de planten út te roegjen,
3in tiid om te deadzjen
en in tiid om te hieljen,
in tiid om te brekken
en in tiid om te bouwen,
4in tiid om te skriemen
en in tiid om te laitsjen,
in tiid om te gûlen
en in tiid om te dûnsjen,
5in tiid om stiennen te smiten
en in tiid om stiennen op te sykjen,
in tiid om te frijen
en in tiid om inoar te mijen,
6in tiid om te sykjen
en in tiid om wei te bringen,
in tiid om te bewarjen
en in tiid om fuort te smiten,
7in tiid om stikken te skuorren
en in tiid om ticht te naaien,
in tiid om te swijen
en in tiid om te praten,
8in tiid om leaf te hawwen
en in tiid om te haatsjen,
in tiid fan oarloch
en in tiid fan frede.
9Wat wint ien dy’t wurket mei al syn skreppen? 10Ik haw de drokte sjoen, dy’t God de minskebern jûn hat om har drok oer te meitsjen. 11Hy hat makke, dat alles moai is op syn tiid. Ek hat Er har begryp foar de ivichheid jûn, sûnder dat de minske lykwols begjin en ein fan Gods wurkjen útfine kin. 12Ik haw murken, dat neat better is foar de minsken as bliid wêze en it der goed fan nimme. 13En as in minske yt en drinkt en fan it goede genietet by al syn skreppen, dan is dat in jefte fan God. 14Ik haw murken, dat al wat God docht, foar altyd fêst stiet; Gjinien kin dêr oan tadwaan en gjinien kin dêr fan ôfdwaan. God hat it sa dien, dat se ûntsach foar Him hawwe soenen.
15Wat west hat, wie der al lang
en wat komme sil, hat der al lang west,
mar God siket wat ferflein is, wer op.
Utspraken oer it ûnrjocht
16Ik haw fierders ûnder de sinne sjoen:
Op it plak fan it rjocht, dêr barde krekt it ferkearde,
op it plak fan ’e gerjochtichheid, dêr barde it ûnrjocht.
17Ik tocht by mysels:
God sil oardielje oer de rjochtfeardige en oer de sûnder,
want dy tiid komt foar elk ding en foar elke died,
18mar ik tocht ek by mysels oer de minsken, dat God har wol skiftet en oardielet, mar winliken binne se as it fee. 19Want it lot fan ’e minsken en it lot fan it fee binne gelyk, krekt itselde lot treft beide: de iene stjert likegoed as de oare, se sykhelje allegearre en de minske hat neat foar by it fee, want it is allegear neat.
20Alles giet nei itselde plak;
alles is út it stof wurden
en alles keart ta it stof werom.
21Wa fernimt, dat de siken fan in minske nei boppen gean
en dat de siken fan it fee nei ûnderen gean yn ’e ierde?
22Sa kaam ik ta it ynsjoch, dat der foar de minske neat better is as te genietsjen fan syn wurk, want dat is syn diel. Wa soe him der ommers ta krije kinne, dat er him sêd sjocht oan wat nei him wêze sil?