Oprop ta trou
1No dan, Israel, harkje nei de foarskriften en de rjochtsregels, dy’t ik jimme lear te ûnderhâlden, dat jimme libje meie en yn it lân komme en dat lân ervje dat de Heare, de God fan jimme foarfaars, jimme jout. 2Jimme meie neat tadwaan oan wat ik jimme foarskriuw en der neat ôfdwaan: sa moatte jimme jim hâlde oan de geboaden fan de Heare jimme God, dy’t ik jimme oplis.
3Jimme hawwe mei eigen eagen sjoen wat de Heare yn Baäl-Péor dien hat: dat de Heare dyn God alle man dy’t achter Baäl-Péor oanrûn, út dyn fermidden útroege hat. 4Jimme lykwols dy’t jim oan de Heare jimme God fêsthâlden hawwe, libje hjoed allegearre noch. 5Sjoch, ik haw jimme de foarskriften en de rjochtsregels leard, sa’t de Heare myn God my hjitten hat, dat jimme dêrneffens dwaan sille yn it lân, dêr’t jimme hinnegeane om it yn besit te nimmen. 6Hâld jimme dêr mei ynmoed oan, want dy sille yn ’e de eagen fan de folken jimme wysheid en kennis útmeitsje. Hja sille, as hja hearre fan al dizze foarskriften, sizze: Jawisse, dy grutte naasje is in wiis en ferstannich folk. 7Want hokker grutte naasje hat goaden dy’t har sa neiby binne, as de Heare, ús God, sa faken wy Him oanroppe? 8En hokker grutte naasje hat sokke rjochtfeardige foarskriften en rjochtsregels as dizze hiele wet, dy’t ik jimme hjoed foarlis? 9Allinne, nim dysels te wacht en stean tige noed foar dyn libben, en ferjit de dingen net, dyst mei eigen eagen sjoen hast en lit se dyn libben lang net by dy wei wêze; meitsje se oan dyn bern en bernsbern bekend.
10It wie de deis datsto stiest foar it antlit fan de Heare dyn God, by de Hoareb, dat de Heare tsjin my sei: Rop My dit folk byinoar, dan sil Ik har Myn wurden hearre litte, dat se leare ûntsach foar My te hawwen salang’t hja op ierde libje sille en dat se dat har bern ek leare. 11Doe kamen jimme tichterby en gongen ûnder oan ’e berch stean. De berch no stie yn ’e brân en de lôge sloech heech yn ’e loft op; der wie tsjusternis, wolken en donkerheid. 12Midden út it fjoer wei spriek de Heare jim doe ta. It lûd fan ’e wurden hearden jimme wol, mar der wie neat foar jim te sjen: der wie inkeld mar in stim. 13Doe makke Er jimme bekend mei syn ferbûn, dat Er jimme opdroech te hâlden: de tsien wurden, dy’t Er op twa stiennen platen skreau. 14Mar my droech de Heare doedestiids op, jimme de foarskriften en de rjochtsregels te learen, dat jimme dy ûnderhâlde soenen yn it lân dat jimme meikoarten yngeane om it yn besit te nimmen.
15Nim jimsels dan tige te wacht – jimme hawwe ommers alhiel gjin foarm sjoen de deis dat de Heare op ’e Hoareb út it midden fan it fjoer wei jimme taspriek – 16dat jim net ta sûnde ferfalle en meitsje jimsels in byld yn de foarm fan ’e iene of oare ôfgod, yn in manlike of froulike foarm, 17noch yn ’e foarm fan it iene of oare bist dat op ’e ierde tahâldt, of fan ’e iene of oare fûgel mei wjukken, dy’t troch de loft fljocht, 18noch yn ’e foarm fan alles wat oer de grûn krûpt, of fan in fisk, yn it wetter ûnder de ierde; 19en slach de eagen net op nei de himel, datsto, ast de sinne sjochst, de moanne en de stjerren, it hiele himelhear, dy net ferliede litst en bûch dy derfoar del om dy te tsjinjen. De Heare dyn God hat har taparte oan al de oare folken dy’t ûnder de hiele himel binne. 20Jimme lykwols hat de Heare nommen en Hy hat jimme út ’e izeroven, út Egypte, helle, dat jimme it eigen folk fan Him wêze soenen, lykas it hjoed-de-dei is.
21Mar op my waard de Heare fanwegen jimme tige lilk, en Hy swarde, dat ik net oer de Jordaan gean soe en net komme yn it goede lân, dat de Heare dyn God dy yn erfbesit jout. 22Ik stjer dus yn dit lân. Ik stek de Jordaan net oer, mar jim sille wol oerstekke en dat goede lân yn besit nimme. 23Nim jimme dan te wacht en ferjit it ferbûn fan de Heare jimme God net, dat Hy mei jimme oangien is, en meitsje jimme gjin byld yn ’e iene of oare foarm, wat de Heare dyn God dy ferbean hat. 24Want de Heare dyn God is in fertarrend fjoer. Hy is in oergeunstich God.
25Ast bern en bernsbern krige hast en jim reitsje thús yn dat lân, mar jim soenen ta sûnde ferfalle mei in byld te meitsjen yn hokker foarm ek, en do soest dwaan wat de Heare ferkeard achtet en Him tergje, 26dan nim ik hjoed de himel en de ierde tsjin jimme ta getugen, dat jim foarfêst mei gauwens weireitsje sille út it lân dêr’t jimme no, as jim oer de Jordaan binne, hinnegeane om it yn besit te nimmen. Jim sille dêr dan net lang wêze, mar wis omkomme. 27Dan sil de Heare jimme ferstruie ûnder de folken en jim sille minmachtich oerbliuwe mids de naasjes dêr’t de Heare jim hinnedriuwe sil. 28Dêr sille jim goaden tsjinje, dy’t troch minskehannen makke binne, fan hout of fan stien, dy’t sjogge noch hearre, ite noch rûke. 29En dêr sille jimme de Heare jim God sykje en Him ek fine, sa faak jim nei Him freegje mei hiel jim hert en hiel jim siel. 30Wannear’t al dizze dingen oer dy kommen binne, en do dyn ried tenein bist, dan silst einlings weromkomme by de Heare dyn God en harkje nei wat Hy seit. 31Want de Heare dyn God is in barmhertich God. Hy lit dy net los en bewurket dyn ûndergong net. Likemin ferjit Hy it ferbûn mei jim foarfaars, dat Hy har mei in eed befêstige hat. 32Gean de dagen fan alear mar nei, de tiid datst der noch net wiest, fan dy deis ôf dat God de minske op ’e ierde skoep en fan ’e iene ein fan ’e himel nei de oare, oft der wol oait sok in grut ding bard is, of dat men fan soks heard hat. 33Hat der faaks wol in folk west dat in godlike stim sprekken hearde midden út it fjoer wei, lykas jimme heard ha, en dat dochs yn libben bleaun is? 34Of hat faaks in god besocht te kommen om foar himsels in folk midden út in oar folk wei te heljen troch besikingen, troch tekens en wûnders, troch striid, en troch in sterke hân en in útstutsen earm, en troch alderskriklikste dieden, lykas alles wat de Heare jim God foar jim eagen dien hat yn Egypte?
35Dò hast dit te sjen krige, datst witte soest, dat it de Heare is, dy’t God is en oars gjinien as Hy allinne. 36Ut ’e himel wei hat Er dy syn stim hearre litten, om dy op te fieden; op ’e ierde hat Er dy syn grut fjoer sjen litten, en do hast syn wurden heard midden út dat fjoer wei. 37Omdat Hy dyn foarfaars leafhân hat, dêrom hat Er har neiteam útkard. En dêrom hat Hysels dy troch syn grutte macht út Egypte gean litten. 38Hy hat folken, grutter en machtiger as do, foar dy út ferdreaun, om dij yn har lân te bringen en it dij yn erfbesit te jaan, lykas it hjoed-de-dei is. 39Do moatst it hjoed witte en it dysels goed ynprintsje, dat de Heare God is boppe yn ’e himel en ûnder op ’e ierde; Hy en oars gjinien. 40Underhâld dan syn foarskriften en syn rjochtsregels, dy’t ik dy hjoed gebied, dat it dy en nei dy dyn bern goed gean mei en do lang libje meist op ’e grûn dy’t de Heare dyn God dy foar altyd jout.
Frijstêden oer de Jordaan
41Doe sûndere Mozes trije stêden ôf oan ’e eastkant fan ’e Jordaan, 42dat dêrhinne in deaslagger flechtsje koe, dy’t syn neiste, dêr’t er fan tefoaren gjin hekel oan hie, sûnder opset sin deaslein hie. Troch nei ien fan dy stêden te flechtsjen koe er yn it libben bliuwe. 43It wienen Bêser yn ’e woestyn op ’e heechflakte foar de Rûbeniten, Ramot yn Gileäd foar de Gaditen en Golan yn Bazan foar de Manassiten.
Ynlieding op ’e wetjouwing
44Dit is de wet, dy’t Mozes de Israeliten foarhâlden hat: 45Dit binne de oarderingen, de foarskriften en de rjochtsregels dy’t Mozes foar de Israeliten útsprutsen hat op har tocht út Egypte, 46oan ’e oare kant de Jordaan, yn ’e delling foar Bet-Péor oer, yn it lân fan Sichon de kening fan ’e Amoriten, dy’t yn Chesbon wenne, en dy’t Mozes mei de Israeliten ferslein hie op har tocht út Egypte. 47Syn lân hienen hja doe yn besit nommen en ek it lân fan Og, de kening fan Bazan, de beide keningen fan ’e Amoriten oan ’e eastkant fan ’e Jordaan, 48fan Aroër ôf, dat oan ’e beek Arnon leit, oan de berch Sirjon – dat is de Hermon – ta, 49en de hiele flakte oan ’e eastkant fan ’e Jordaan oan ’e see fan ’e flakte ta, ûnderoan de skeanten fan ’e Pisga.