Ferslach fan ’e wetjouwing
1Mozes rôp hiele Israel byinoar en sei tsjin har: Harkje, Israel, nei de foarskriften en de rjochtsregels dy’t ik hjoed foar jim eigen earen útsprek; lear dy, bewarje se, en kom dy nei. 2De Heare ús God hat op ’e Hoareb in ferbûn mei ús sletten. 3Net mei ús foarfaars is de Heare dat ferbûn oangien, mar mei ús, dy’t der hjirre hjoed allegearre libben by binne. 4Fan man ta man hat de Heare op ’e berch midden út it fjoer wei mei jimme sprutsen. 5Ik stie doedestiids tusken de Heare en jimme yn, om jimme oer te bringen wat de Heare sei, want jim wienen bang foar it fjoer en gongen net by de berch op. Hy sei:
6Ik bin de Heare dyn God, dy’t dy út Egypte, út it slavehûs weihelle hat.
7Do meist gjin oare goaden foar myn eagen ha.
8Do meist dy gjin byld meitsje fan hokker foarstelling ek mar, fan wat boppe yn ’e loft is, of ûnder op ’e ierde, of yn it wetter ûnder de ierde. 9Do meist dy dêr net foar bûge, noch har tsjinje, want Ik, de Heare dyn God, bin in oergeunstich God, dy’t de ûngerjochtichheid fan ’e heiten op ’e bern ferhellet, oan it tredde en fjirde geslacht ta fan harren dy’t My haatsje, 10mar Dy’t geunst bewiist oan it tûzenste geslacht fan harren, dy’t My leafhawwe en myn geboaden ûnderhâlde.
11Do meist de Namme fan de Heare dyn God net misbrûke, want de Heare lit net frijút gean, wa’t syn Namme misbrûkt.
12Hâld de sabbatdei en hâld dy hillich, lykas de Heare dyn God dy hjitten hat. 13Seis dagen silsto arbeidzje en al dyn wurk dwaan. 14De sânde dei lykwols is in sabbat foar de Heare dyn God. Do meist dan hielendal gjin wurk dwaan; do net, dyn soan of dochter net, noch dyn slaaf of slavinne, noch dyn okse, ezel, of in oar stik fee fan dines, en ek de frjemdling net by dy yn ’e poarte. Dan kinne ek dyn slaaf en dyn slavin rêst hawwe lykas dosels. 15Tink der dan oan, datst slaaf west hast yn Egypte en dat de Heare dyn God dy dêr weihelle hat mei in sterke hân en in útstutsen earm. Dêrom hat de Heare dyn God dy hjitten de sabbatdei te hâlden.
16Earje dyn heit en mem, lykas de Heare dyn God dy hjitten hat, datst lang libje meist en it dy goed gean mei op ’e grûn dy’t de Heare dyn God dy jout.
17Do meist net deaslaan.
18En do meist net troubrekke.
19En do meist net stelle.
20En do meist gjin falske ferklearring ôflizze oer dyn neiste.
21En do meist de frou fan dyn neiste net begeare; en do meist net longerje op it hûs fan dyn neiste, noch op syn lân, noch op syn slaaf of slavinne, okse of ezel, noch op wat ek mar dyn neiste sines is.
22Mei dizze wurden hat de Heare op ’e berch jim gemeente mei in lûde stim tasprutsen midden út it fjoer, út ’e wolk en út it donker wei. Hy hat dêr neat oan tafoege, se op twa stiennen platen skreaun en dy my jûn.
23Mar doe’t jimme dy stim heard hienen midden út it tsjuster wei, wylst de berch ien stik fjoer wie, kamen jim, al jimme stamhaden en jimme âldsten nei my ta, 24en jim seinen: Sjoch, de Heare ús God hat ús syn hearlikheid en syn gruttens sjen litten en wy hawwe syn lûd heard midden út it fjoer wei. Hjoed hawwe wy sjoen dat God mei de minske sprekke kin en dat dy it dan dochs oerlibje kin. 25Mar no, wêrom soenen wy stjerre, as dit grutte fjoer ús fertarre soe? As wy noch langer nei de stimme fan de Heare ús God hearre moatte, sille wy it bestjerre. 26Want wat minske dy’t lykas wy de stim fan ’e libbene God heard hat, midden út it fjoer wei, hat it oerlibbe? 27Geane jo dêrhinne en hear alles wat de Heare ús God sizze sil. As jo dan alles wat de Heare ús God ta jo sprekke sil, wer oan ús oerbringe, sille wy it hearre en dêr nei dwaan.
28De Heare hearde jim praten, doe’t jimme sa tsjin my oan it wurd wienen. Doe sei de Heare tsjin my: Ik haw dit folk praten heard, doe’t hja it tsjin dy hienen. It is allegearre goed, wat hja sein hawwe. 29Och, mocht it har sa ynmoed bliuwe om ûntsach foar My te hawwen en har hiele libben har oan myn geboaden te hâlden, dat it har en har bern foar altyd goed gean mei. 30Gean hinne, sis tsjin har, dat hja nei har tinten weromgeane. 31Mar bliuw do hjir by My, dan sil Ik dy al de geboaden, foarskriften de rjochtsregels meidiele dysto har leare moatst. Hja moatte dan dêrneffens dwaan yn it lân dat Ik har yn besit jou.
32Tink der dan om, dat jim dogge, lykas de Heare jimme God jim hjitten hat. Wyk dêr rjochts noch links fan ôf. 33Gean de hiele wei dy’t de Heare jim God jimme foarskreaun hat. Dan sille jimme libje en sil it jimme goed gean en dan sille jim in lange tiid bliuwe yn it lân dat jimmes stiet te wurden.