1Doe kearden wy om en setten op Bazan ta. En Og, de kening fan Bazan kaam op ús ta, hy en al syn folk, nei Edreï, om te fjochtsjen. 2Doe sei de Heare tsjin my: wês net bang foar him, want Ik haw him yn dyn macht jûn, him en al syn folk en syn lân, en do moatst mei him dwaan, lykast mei Sichon de kening fan de Amoriten, dy’t te Chesbon wenne, dien hast 3En ek Og, de kening fan Bazan, joech de Heare ús God ús yn hannen mei al syn folk en wy fersloegen him, oant der net ien fan har oerbleaun wie. 4Doedestiids namen wy al syn stêden yn; der wie gjin plak dat wy him net ôfnamen, sechstich stêden, it hiele gebiet fan Argob, it keninkryk fan Og yn Bazan. 5Al dy stêden wiene fersterke mei hege muorren, poarten en skoattels en dan noch in grutte mannichte ûnbemuorre stêden net meirekkene. 6Wy brochten de ban oer har, lykas wy Sichon de kening fan Chesbon dien hienen. Wy brochten de ban oer elke stêd, manlju, froulju en bern. 7Alle fee lykwols en de bút fan de stêden roven wy foar ússels.
8Sa hellen wy doedestiids dit lân ûnder de macht fan ’e beide keningen fan ’e Amoriten wei, dy’t oan ’e oare kant de Jordaan wennen, fan ’e beek Arnon ôf oan ’e berch Hermon ta, 9de Sidoaniërs neame de Hermon Sirjon, mar de Amoriten neame him Senir – 10alle stêden op ’e heechflakte, hiele Gileäd en hiele Bazan oan Salka en Edreï, stêden fan it keninkryk fan Og yn Bazan, ta. 11Want Og, de kening fan Bazan, wie allinne oerbleaun fan ’e lêsten fan ’e Refaïten. Syn bedsteed wie in bedsteed fan izer. It is noch yn Rabbot-Ammon. Njoggen jellen wie de langte en fjouwer jellen de breedte dêrfan, de jellen rekkene neffens de jellen fan in manljusearm lang. 12Dat lân namen wy doedestiids yn besit. It gebiet fan Aroër ôf, dat oan ’e beek Arnon leit, mei de helte fan it berchlân Gileäd, mei de stêden dêr, haw ik oan de Rûbeniten en de Gaditen jûn.
13It oare fan Gileäd en hiele Bazan, it keninkryk fan Og, haw ik oan ’e heale stam fan Manasse jûn, it hiele gebiet fan Argob. Hiele Bazan hiet doe lân fan de Refaïten. 14Jaïr, in soan fan Manasse, ferovere it hiele gebiet fan Argob oan ’e grins fan ’e Gesjûriten en de Maächatiten ta en hy neamde dat gebiet – nammentlik Bazan – nei syn eigen namme: doarpen fan Jaïr, oan hjoed-de-dei ta. 15Oan Makir haw ik Gileäd jûn.
16Oan de Rûbeniten en de Gaditen haw ik it gebiet jûn fan Gileäd ôf oan ’e beek Arnon ta – de midden fan de beek as grins – en oan ’e beek Jabbok, de grins mei de Ammoniten, ta, 17en de flakte en de Jordaan mei syn gebiet fan Kinnêret ôf oan de see fan de flakte, de Sâltsee ta, de foet fan ’e skeanten fan de Pisga op it easten.
18Doedestiids hiet ik jimme: De Heare jimme God hat jim dit lân wol jûn om it te besitten, mar dochs moatte alle striidbere mannen yn folle wapenrissing foar jimme bruorren de Israeliten út, de Jordaan oerstekke. 19Allinne jimme froulju, jimme bern en jimme fee – ik wit dat jimme gâns fee hawwe – meie yn jim stêden bliuwe, dy’t ik jim jûn haw.
20Earst as de Heare jim bruorren rêst jûn hat lykas jim en ek hja it lân dat de Heare jim God har jout oan ’e oare kant de Jordaan, yn besit nommen hawwe, earst dan kinne jimme weromkeare, in elk nei syn besit, dat ik jimme jûn haw.
21Doedestiids haw ik Jozua hjitten: Do hast mei eigen eagen sjoen wat de Heare jim God oan dy twa keningen dien hat; sa sil de Heare oan al de keninkriken dwaan, dêrsto op ta giest. 22Jimme moatte net bang foar har wêze, want de Heare, jim God, dy sil foar jim stride.
23Yn dy tiid haw ik de Heare smeke: 24God, myn Heare, Jo binne begûn mei Jo tsjinstfeint jo grutheid en jo sterke hân sjen te litten, want wat God is der yn ’e himel of op ’e ierde dy’t dingen dwaan kin as jo dieden en as jo machtige wurken? 25Och, lit my dochs ek oergean, dat ik dat goede lân oan ’e oare kant de Jordaan sjen mei, dat goede berchlân en de Libanon.
26Mar fanwegen jimme wie de Heare tige lilk op my en Hy harke net nei my, mar de Heare sei tsjin my: Sa kin it wol ta! Praat my net langer oer dy saak. 27Klim boppe op de Pisga en slach dyn eagen op nei it westen, nei it noarden, nei it suden en nei it easten, en sjoch it mei dyn eigen eagen, want do silst net oer dizze Jordaan komme. 28Jou bestel oan Jozua, sterkje en bemoedigje him, want hy sil foar dit folk út oerstekke en hy sil harren it lân, datsto sjochst, ervje litte. 29En wy bleauwen yn ’e delling foar Bet-Péor oer.