Ferovering fan it lân oer de Jordaan
1Doe gongen wy op ’en nij de woestyn yn, de kant fan de Reidsee út, lykas de Heare tsjin my sein hie. In hiel skoft lang reizgen wy doe om it berchlân Seïr hinne. 2Doe sei de Heare tsjin my: 3Jimme hawwe langernôch om dit berchlân hinne swalke, dat gean no it noarden yn. 4En hjit dit folk: Jimme geane no it gebiet yn fan jimme bruorren, de soannen fan Ezau, dy’t yn Seïr wenje. Hja sille bang foar jim wêze, mar nim jim tige te wacht, 5dat jimme gjin oarloch mei har oangeane, want Ik jou jimme neat fan har lân, sels gjin trêd, om’t Ik it berchlân Seïr Ezau yn erfbesit jûn ha. 6It iten, dat jimme brûke, moatte jim fan har keapje en ek it wetter dat jim drinke, moatte jim har jild foar jaan. 7Want de Heare dyn God hat dy segene by alles watst diest. Hy wit fan dyn gongen troch dizze grutte woestyn. Dizze fjirtich jier hat de Heare dyn God mei dy west; gjin ding hat it dy oan ûntbrutsen. 8Doe trieken wy fierder by ús bruorren, de soannen fan Ezau, dy’t yn Seïr wenje, wei. Wy mijden de wei dy’t fan Elat en Esjon-Gêber troch de flakte rint en doe sloegen wy ôf en trieken troch de woestyn fan Moäb.
9De Heare sei tsjin my: Fal Moäb net oan en meitsje gjin oarloch mei har, want Ik sil neat fan syn lân oan jimme yn besit jaan, om’t Ik oan Lot Ar yn erfbesit jûn ha. 10– Yn earder tiden hienen dêr de Emiten wenne, in grut en machtich folk, like lang as de Enakiten. 11Ek hja waarden ta de Refaïten rekkene lykas de Enakiten, mar de Moäbiten neamden har Emiten. 12Sa wennen yn earder tiden de Choariten yn Seïr. De soannen fan Ezau hawwe har foar har út fuortdreaun en útroege en hja binne yn har plak dêr kommen te wenjen, krektallyk as Israel it lân yn besit nommen hat dat de Heare har jûn hie. –
13No dan, meitsje jim klear en stek de beek Sêred oer. Doe stieken wy de beek Sêred oer. 14De reis fan Kadesj-Barnéa ôf oan it oerstekken fan ’e beek Sêred ta duorre achtentritich jier, sa lang dat it hiele geslacht kriichslju fan it leger stoarn wie, lykas de Heare har sward hie. 15Derby hie de hân fan de Heare ek tsjin har west, om har oan ’e lêste man ta út it fermidden fan it leger wei te dwaan.
16Doe’t dan al de kriichslju út it fermidden fan it folk de dea fûn hienen, 17sei de Heare tsjin my: 18Hjoed giesto by Ar de grins fan Moäb oer 19en dan komme jim flak foar de Ammoniten oer. Fal se net lestich en begjin gjin oarloch tsjin har, want Ik jou dy fan it lân fan ’e Ammoniten neat yn eigendom, omdat Ik dat oan ’e bern fan Lot yn eigendom jûn haw.
20– Ek dat waard rekkene foar lân fan de Refaïten. Yn earder tiden wennen dêr Refaïten. De Ammoniten neamden har Samzûmiten, 21in grut en machtich folk, like lang as de Enakiten en de Heare hie har foar har ferdylge en hja wennen yn har plak, 22krektallyk as Er dien hie foar de bern fan Ezau dy’t yn Seïr wenje. Foar har hied Er de Choariten ferdylge en foar har ferdreaun. En oan hjoed-de-dei ta wenje se dêr yn dy har plak. 23En de Avviten, dy’t yn ’e doarpen oan Gaza ta wenne ha, binne troch de Kaftoriten, fan komôf út Kaftor, ferdylge, en dy wenje dêr yn har plak. – 24Meitsje jim klear, brek op en stek de beek Arnon oer. Sjoch, Ik haw Sichon, de kening fan Chesbon, de Amoryt, en syn lân yn dyn hân jûn. Set útein mei de ferovering en begjin in oarloch mei him. 25Hjoed begjin Ik mei skrik en freze foar dy oer alle folken ûnder de himel te bringen, dat se, as se tenei dyn namme mar hearre, foar dy begjinne te triljen en te beven. 26Doe stjoerde ik út ’e woestyn Kedemot wei boaden nei Sichon, de kening fan Chesbon mei dit freedsum boadskip: 27Lit my troch jo lân gean. Ik sil op ’e grutte wei bliuwe en nei rjochts noch nei links ôfslaan. 28De spize dy’t ik ite sil, kinne jo my foar jild ferkeapje en foar jild kinne jo my it wetter jaan, dat ik drinke sil. Lit my der allinne mar te foet trochgean, 29lykas ek de bern fan Ezau, dy’t yn Seïr wenje en de Moäbiten dy’t yn Ar wenje, my tastien hawwe, oant ik de Jordaan oerstekke sil nei it lân, dat de Heare ús God ús jout. 30Sichon, de kening fan Chesbon lykwols woe ús net troch syn gerjochtichheid gean litte, want de Heare dyn God hie syn geast stomp en syn hert hurd makke om him – sa’t it no is – dy yn ’e macht te jaan.
31Doe sei de Heare tsjin my: Sjoch, Ik bin al begûn mei Sichon en syn lân oan dy oer te jaan, set no mei it feroverjen út ein en nim syn lân yn besit. 32En Sichon triek op, ús yn ’e mjitte, hy en al syn folk, nei Jahas om te striden. 33Doe joech de Heare ús God him oan ús oer en wy fersloegen him, syn soannen en al syn folk. 34Doedestiids namen wy al syn stêden yn en wy brochten de ban oer elke stêd, oer manlju, froulju en bern. Wy lieten gjinien oer. 35Allinne roven wy it fee en de bút fan ’e stêden dy’t wy ynnommen hienen, foar ússels. 36Fan Aroër ôf dat oan ’e beek Arnon leit, en fan ’e stêd yn ’e delling ôf oan Gileäd ta, wie der gjin plak dat it tsjin ús hâlde koe; de Heare ús God hat se allegearre oan ús oerlevere. 37Allinne it lân fan ’e Ammoniten bist net tenei kommen, likemin alles wat by de beek Jabbok lâns leit en de stêden fan it berchlân, dat de Heare ús God ús allegear ferbean hie.