6Doe’t jimme op dit plak kommen wienen, kaam Sichon, de kening fan Chesbon mei Og, de kening fan Bazan ús yn ’e mjitte om te striden en wy hawwe har ferslein. 7Doe namen wy har lân en joegen it yn erfbesit oan ’e Rûbeniten, de Gaditen en oan ’e heale stam fan ’e Manassiten. 8Hâld jim dan oan ’e wurden fan dit ferbûn en kom se nei, dat jimme bedije meie yn alles wat jimme dogge. 9Jimme hawwe jim hjoed allegearre opsteld foar de Heare jimme God: Jim stamhaden, jimme âldsten, jimme foarmannen, alle man fan Israel, 10jimme bern, jimme froulju, dyn frjemdling dy’t yn it fermidden fan dyn leger is, oan dyn houtkappers en wetterputters ta, 11om it ferbûn oan te gean fan de Heare dyn God, mei it flokferbûn dat de Heare dyn God hjoed mei dy slút, 12mei it doel dy hjoed te befêstigjen as syn folk, wylst Hysels dyn God wêze sil, lykas Hy dy ûnthjitten hat en lykas Hy dyn foarfaars Abraham, Izaäk en Jakob sward hat. 13Net mei jimme allinne haw Ik dit ferbûn sletten mei dizze flok, 14mar mei wa’t hjir hjoed mei ús foar de Heare ús God stiet en mei wa’t hjir hjoed net by ús is. 15Jimme witte ommers sels, hoe’t wy wenne hawwe yn Egypte en hoe’t wy midden troch dy folken gien binne, dêr’t jimme trochkommen binne. 16Jimme hawwe har skandlike en ferachtlike goaden sjoen dy’t der by har wienen: hout, stien, sulver en goud; 17dat der ûnder jimme man noch frou, famylje noch stam wêze soe, dy’t syn herte hjoed fan de Heare ús God ôfkeart en hinnegiet en tsjinnet de goaden fan dy folken, dat der ûnder jimme gjin woartel wêze soe dy’t bitter fergif ôfjout. 18As der ien is, dy’t heart wat dit flokferbûn ynhat, mar hy soe himsels lokkich priizje en tinke: It komt mei my wol yn oarder, al gean ik ek dôfhûdich myn eigen gong! – om sa de greide mei de heide te fernielen – 19dan wol de Heare him net ferjaan, want dan sil de lilkens en de oergeunst fan de Heare tsjin dy man oplôgje en de hiele flok dy’t yn dit boek beskreaun stiet, sil op him delkomme en de Heare sil syn namme ûnder ’e himel útwiskje. 20De Heare sil him, ta syn ûngelok, ôfskiede fan alle stammen fan Israel neffens alle ferflokkingen fan it ferbûn, dy’t yn dit wetboek beskreaun steane. 21En it neikommend geslacht, jimme bern, dy’t nei jimme komme sille en de bûtenlanners dy’t om fierrens wei komme, sille dan sizze, as se de pleagen fan dit lân sjogge en de sykten dêr’t de Heare har yn ferkeare lit: 22It hiele lân is swevel en sâlt, it is ôfbaarnd, it sil net besiedde wurde, der sil neat útsprute en frucht sil net opkomme, lykas de ferwoesting fan Sodom, Gomorra, Adama en Seboïm, dy’t de Heare omkeard hat yn syn lilkens en yn syn grammoedichheid. 23En alle folken sille sizze: Wêrom hat de Heare soks dien oan dit lân? Wat betsjut dizze gleone, grimmitige lilkens? 24Dan sille hja sizze: Omdat se it ferbûn fan de Heare, de God fan har foarfaars ferlitten hawwe, dat Er mei har sletten hat, doe’t Er har út Egypte helle. 25Hja binne doe hinnegien en hawwe oare goaden tsjinne en har dêrfoar delbûgd, goaden dy’t se net koenen en dy’t Er har net beskikt hie. 26Doe baarnde de lilkens fan de Heare los oer dit lân, en Hy brocht dêroer de hiele flok, dy’t yn dit boek beskreaun stiet. 27De Heare hat har doe yn lilkens en woede, en yn grutte grammoedichheid út har grûn skuord en har yn in frjemd lân smiten, lykas it hjoed-de-dei is. 28De ferburgen dingen hat de Heare ús God mei te meitsjen, mar dy’t iepenbiere binne, dêr ha wy en ús bern foar altyd mei te meitsjen; wy moatte de hiele ynhâld fan dizze wet neikomme.