Segen en flok
1Asto ynmoedich harkest nei wat de Heare dyn God seit, om syn geboaden tinkst, dy’t ik dy hjoed jou en dy neikomst, dan sil de Heare dyn God dy fier boppe alle folken fan ’e ierde sette. 2En al dizze segeningen sille oer dy komme en dy taskikt wurde, omdatst harke hast nei it wurd fan de Heare dyn God.
3Segene silst wêze yn ’e stêd en segene silst wêze op it fjild. 4Segene sil wêze de frucht fan dyn skurte, de frucht fan dyn grûn en de frucht fan dyn fee, wat dyn kij kealje en wat dyn skiep lamje. 5Segene dyn koer en dyn baktrôch. 6Segene silst wêze ast komst, en segene ast fuortgiest.
7De Heare sil dyn fijannen, dy’t tsjin dy opsteane, as fersleinen oan dy oerleverje. Ien wei lâns sille hja op dy takomme, oer sân wegen sille se foar dy op ’e flecht gean. 8De Heare sil de segen oer dy komme litte yn dyn skuorren en yn alles datst ûndernimst. Hy sil dy segenje yn it lân, dat de Heare dyn God dy jout. 9De Heare sil dy ta syn hillich folk meitsje, lykas Hy dy sward hat, asto teminsten de geboaden fan de Heare dyn God ûnderhâldst en yn syn wegen giest. 10Alle folken fan ’e ierde sille dan sjen, datsto op de namme fan de Heare brocht bist en hja sille ûntsach foar dy krije.
11De Heare sil dy mear as genôch jaan fan it goede, fan ’e frucht fan dyn skurte, fan ’e frucht fan dyn fee en fan ’e frucht fan dyn grûn, op ’e grûn dy’t de Heare oan dyn foarfaars mei in eed tasein hat. 12De Heare sil syn rike skatkeamer, de himel foar dy iepen dwaan, mei op ’e tiid dyn lân reinwetter te jaan en Hy sil dy segenje yn alles datst ûndernimst. Oan gâns folken silst útliene, mar sels silst net hoege te lienen. 13De Heare sil fan dy de kop meitsje en net de sturt; do silst allinne mar foarút en net achterút buorkje, asto harkest nei de geboaden fan de Heare dyn God dy’t ik dy hjoed jou, om dy te dwaan en nei te kommen, 14en ast net ôfwykst, nei rjochts noch nei links, fan alle wurden dy’t ik jimme hjoed gebied, mei achter oare goaden oan te rinnen en dy te tsjinjen.
15Asto lykwols net harkest nei it wurd fan de Heare dyn God, do tinkst dêr net om en dochst net neffens al syn geboaden en foarskriften, dy’t ik dy hjoed gebied, dan sille al dizze ferflokkingen oer dy komme en dy treffe: 16Ferflokt silst wêze yn ’e stêd en ferflokt silst wêze op it fjild. 17Ferflokt dyn koer en dyn baktrôch. 18Ferflokt sil wêze de frucht fan dyn skurte, de frucht fan dyn grûn, wat dyn kij kealje en dyn skiep lamje. 19Ferflokt silst wêze ast komst en ferflokt ast fuortgiest.
20De Heare sil dij flok, betizing en ferwyldering stjoere by alles dêrst de hân oan slachst, en by alles datst dochst, oantsto útroege bist en mei hasten omkommen fanwegen dyn ferkearde dieden, datst My ferlitten hast. 21De Heare sil de pest aloan ûnder dij omgean litte oant Er in ein oan dy makke hat op ’e grûn, dêrst hinne giest om dy yn besit te nimmen. 22De Heare sil dy slaan mei de tarring, mei koarts, swolderij, mei gleone hjitte en mei droechte, skrokkens en wiligens. Dat sil dy achterfolgje oantsto omkommen bist. 23De loft boppe dyn holle sil fan koper wêze en it lân ûnder dy fan izer. 24De Heare sil de rein fan dyn lân meitsje ta moude; en stof sil út ’e himel op dy delfalle, oantst útroege bist. 25De Heare sil dy ferslein oan dyn fijannen oerleverje. Ien wei lâns silst op him takomme en oer sân wegen silst foar him op ’e flecht gean. En do silst in ôfgriis wêze foar ’e keninkriken fan ’e ierde. 26Dyn liken sille foer wêze foar alle fûgels yn ’e loft en foar alle dieren fan ’e ierde; en gjinien sil se fuortjeie.
27De Heare sil dy slaan mei Egyptyske swolms, mei aambeien, mei rude en jûkte, dy’t net wer better kinne. 28De Heare sil dy slaan mei dwylsin, mei blinens en mei ferstânsferbjustering, 29datst by ljochtskyndei om dy hinne taast, lykas in bline yn it tsjuster om him hinne taast en it sil dy net meirinne op dyn wegen; altydtroch silst allinne mar beneare en berove wurde en der sil gjinien wêze dy’t dy helpt. 30Asto troust, dan sil in oare man by dyn frou sliepe. Boust in hûs, dan silst dêr net yn wenje. Plantest in druvehôf, dan silst dêr gjin wille fan hawwe. 31Dyn ko sil slachte wurde foar dyn eagen, mar do silst dêr net fan ite. Dyn ezel sil stellen wurde dêrst by stiest en do krijst him net wer. Dyn skiep sille oan dyn fijannen jûn wurde en der sil gjinien wêze dy’t dy helpt. 32Do silst it oansjen moatte, dat dyn soannen en dochters oan in oar folk jûn wurde. Hiele dagen silst smachtsjend nei har útsjen, mar do silst dêr neat oan dwaan kinne. 33In ûnbekend folk sil de frucht fan dyn grûn en alles watst beskrept hast opite. Do silst allinne mar hiele dagen beneare en tramtearre wurde. 34Ast sjochst wat him foar dyn eagen ôfspilet, silst dwylsinnich wurde. 35De Heare sil dy slaan mei kweade swolms op ’e knibbels en op ’e skonken, dy’t net wer better kinne, fan ’e fuotsoal ôf oan ’e hollekrún ta. 36De Heare sil dy en dyn kening, dyst oer dy oanstelle silst, nei in folk gean litte, datsto en dyn foarfaars net kend hawwe. Dêr silst oare goaden, dy’t fan hout en stien binne, tsjinje. 37Do silst in ôfgriis, in sprekwurd en in spotslach wêze ûnder alle folken dêr’t de Heare dy hinne fiere sil.
38Sieddest al in protte sied yn it lân, do silst dêr dochs mar in bytsje ôfhelje, want de sprinkhoanne sil it ôffrette. 39Plantest en bewurkest druvehôven, dan silst dochs gjin wyn drinke of opslaan, want de rûp sil se tefrette. 40Al hast olivebeammen yn dyn hiele gerjochtichheid, dochs silst dysels net mei oalje salvje, want dyn oliven sille ôffalle. 41Krigest al soannen en dochters, dan sille hja dochs net by dy bliuwe, want hja sille yn boeien fuortfierd wurde. 42Al dyn beammen en de frucht fan dyn grûn, it libben guod sil se yn besit nimme. 43De frjemdling dy’t yn dyn fermidden tahâldt, sil wat langer wat mear boppe dy útstykje en sels silst hieltyd djipper sakje. 44Hy sil oan dy liene, mar do silst him net liene kinne. Hy sil de kop wêze en do de sturt.
45Al dy ferflokkings sille oer dy komme, dy achterneisitte en dy ynhelje oantst ferdylge bist, omdatst net harke hast nei wat de Heare dyn God seit en syn geboaden en foarskriften net bewarre hast, dy’t Hy dy hjitten hat. 46Foar altyd sille se ûnder dy en dyn neiteam in teken en wûnder wêze. 47Omdatsto fanwegen de oerfloed oan alles de Heare dyn God net bliid en mei in fleurich herte tsjinne hast, 48silst dyn fijannen dy’t de Heare op dy ôfstjoere sil, tsjinje, wylsto honger hast en toarst, neaken bist en alles brek. Hy sil dy in izeren jûk op ’e nekke lizze, oant Er dy ferdylge hat. 49De Heare sil fan om fierrens, fan ierdryks einen, in folk op dy loslitte, lykas in earn delsjit; in folk dêrsto de taal net fan ferstiest, 50in folk wreed fan aard, dat gjin meilijen hat mei in âldman en de jongfeint net sparret. 51It sil de frucht fan dyn fee en de frucht fan dyn grûn opite oantst ferdylge bist; it sil dy gjin nôt, druvesop noch oalje, neat fan wat dyn kij kealje en dyn skiep lamje oerlitte, oant it dy omkomme litten hat. 52It sil dy belegerje yn al dyn stêden oant dyn hege en fersterke muorren, dêrst dyn betrouwen op set hiest, har oeral yn dyn lân bejouwe. Sa sil it dy belegerje yn al dyn stêden oeral yn dyn lân, dat de Heare dyn God dy jout, 53dan silst de frucht fan dyn skurte opite, it fleis fan dyn soannen en dochters dy’t de Heare dyn God dy jûn hat, yn ’e belegering en de benearing dy’t dyn fijân dy oandocht. 54De meast tiere en de meast bedoarne man by dy sil mei skeane eagen sjen nei syn broer en nei de frou dêr’t er oars sa wiis mei is en nei de soannen dy’t er noch oerhâlden hat, 55om gjinien fan harren ek mar wat te jaan fan it fleis fan syn soannen, dat er opyt, omdat him oars neat oerbleaun is ûnder de belegering en de benearing, dy’t dyn fijân dy yn al dyn stêden oandocht. 56De meast tiere en meast bedoarne frou ûnder dy, dy’t fan klearebare tierens en bedoarnens der net oan tinke soe en set in foet op ’e grûn, sil mei skeane eagen sjen nei har man dêr’t se oars sa wiis mei is en nei har soan en dochter, 57en dat om ’e neiberte dy’t har tusken de fuotten ôfgiet en om ’e bern dy’t hja krige hat; want fan kleare krapte sil hja se temûk opite, yn ’e belegering en yn ’e benearing, dy’t dyn fijân dy yn dyn stêden oandocht. 58Asto der net tige om tinke soest en doch al de wurden fan dit ûnderrjocht, dy’t yn dit boek beskreaun steane, en haw ûntsach foar dy hearlike en freeslike Namme, de Heare, dyn God, 59dan sil de Heare dy en dyn neiteam fergoed reitsje mei syn pleagen: grutte en duorjende pleagen en kweade en duorjende sykten. 60Hy sil op dy weromkomme litte alle kwalen fan Egypte dêrsto sa bang foar wiest, en dy sille dy oanhingje. 61Ek sil de Heare oer dy komme litte allegear sykten en pleagen dy’t net beskreaun binne yn it boek fan dit ûnderrjocht, oantst alhiel omkommen bist. 62Der sille fan jimme mar in lyts tal manlju oerbliuwe, wylst jimme dochs sa machtich wienen as de stjerren oan ’e loft, omdatsto net harke hast nei de stim fan de Heare dyn God. 63En lykas de Heare der syn wille oan hie, doe’t Er jimme goed die en oanwinne liet, sa sil de Heare der dan syn wille oan ha as Er jimme omkomme lit en ferdylget en jimme ferdriuwt fan ’e grûn, dêrsto no hinnegiest om dy yn besit te nimmen. 64De Heare sil dy fersilje ûnder alle folken, fan ’e iene ein fan ’e ierde oant de oare en do silst dêr oare goaden, fan hout en fan stien, tsjinje, dysto net kend hast, noch dyn foarfaars. 65Ek ûnder dy folken silsto gjin rêst fine en dêr sil gjin feilich plak foar dyn foet wêze. De Heare sil dy dêr in beevjend herte jaan, ûnwennige eagen en in ferkwinende siele. 66Aloan sil it libben dat foar dy leit oan in siden triedsje hingje. Nachts en deis silst opskrilje en do silst dyn libben net feilich wêze. 67Moarns silst sizze: och, wie it mar jûn, en jûns: och, wie it mar moarn, fanwegen de skrik dy’t dy om it herte slacht en fanwegen wat him foar dyn eagen ôfspilet. 68En de Heare sil dy mei skippen werombringe nei Egypte oer de wei, dêr’t Ik dy fan sein haw: Dy silst net weromsjen. Dêr sille jimme jimsels as slaven en slavinnen te keap oanbiede oan dyn fijannen, mar der sil gjin gadingmakker wêze.
Fernijing fan it ferbûn
69Dit binne de wurden fan it ferbûn dat de Heare oan Mozes opdroegen hat mei de Israeliten oan te gean yn it lân fan Moäb oer it ferbûn hinne dat Er mei har oangien wie op ’e Hoareb.