Ferlossing nei berou
1As dan al dy dingen, de segen en de flok, dy’t ik dy foarhâlden haw, oer dy kommen binne, en do nimst it dy fan herten nei ûnder alle folken, dêr’t de Heare dyn God dy hinne dreaun hat, 2en do bekearst dy mei dyn bern ta de Heare dyn God mei dyn hiele hert en siel en do harkest nei syn stim neffens alles wat ik dy hjoed gebied, 3dan sil de Heare dyn God in omkear bringe yn dyn lot en barmhertich oer dy wêze, en Hy sil dy wer byinoar bringe út alle folken wei dêr’t de Heare dyn God dy hinne ferstruid hie. 4Al soenen dyn ferdreaunen oan ’e ein fan ’e wrâld wêze, dan soe de Heare dyn God dy dêrwei byinoarbringe. 5Hy sil dy dêr weihelje, en de Heare dyn God sil dy bringe nei it lân dat dyn foarfaars yn besit hienen en do silst it yn besit nimme: dan sil it dy goed gean en do silst machtiger wurde as dyn foarfaars. 6De Heare dyn God sil dy en dyn neigeslacht it herte besnije om de Heare dyn God leaf te hawwen mei dyn hiele hert en siel, datst yn libben bliuwe meist. 7Mar de Heare dyn God sil al dy flokken op dyn fijannen delkomme litte en op dyn haters dy’t dy ferfolge hawwe. 8Do lykwols, do silst op ’e nij harkje nei it wurd fan de Heare en al syn geboaden neikomme dy’t ik dy hjoed gebied. 9Dan sil de Heare dy tige foarspoedich meitsje yn alles datst ûndernimst, yn ’e frucht fan dyn skurte, yn ’e opbringst fan dyn fee en yn ’e opbringst fan dyn grûn. Want op ’e nij sil de Heare syn wille oan dy hawwe, ta dyn bêst, lykas Hy syn wille hân hat oan dyn foarfaars. 10Mar dan moatst harkje nei wat de Heare dyn God seit, en syn geboaden en foarskriften, dy’t yn dit wetboek beskreaun steane, ûnderhâlde, omdatst dy bekeard hast ta de Heare dyn God mei dyn hiele hert en siel.
De twa wegen
11Dit gebod ommers, dat ik dy hjoed gebied, is dy net te mânsk en it stiet net te fier fan dy ôf. 12It is net yn ’e himel, datsto sizze moatst: Wa sil foar ús nei de himel farre, it foar ús ophelje en it ús hearre litte, dat wy dat neikomme kinne? 13It leit ek net oan ’e oare kant de see, datsto sizze moatst: Wa sil foar ús oerstekke nei de oare kant fan ’e see, it foar ús ophelje en it ús hearre litte, dat wy dat neikomme kinne? 14Nee, it wurd is deun by dy, yn dyn mûle en yn dyn herte, dat do kinst it neikomme. 15Sjoch, hjoed haw ik dy foarhâlden it libben en de foarspoed, mar likegoed de dea en de tsjinspoed. 16Wat ik dy no gebied is: De Heare dyn God leaf te hawwen, yn syn wegen te gean en syn geboaden, foarskriften en rjochtsregels te ûnderhâlden. Dan silsto libje en oanwinne, en de Heare dyn God sil dy segenje yn it lân dêrsto hinnegiest om it yn besit te nimmen.
17As dyn herte him lykwols ôfkeare soe, do soest net harkje en dy ferliede litte om dy foar oare goaden te bûgen en dy te tsjinjen, 18dan kundigje ik dy hjoed al oan, datsto wis omkomme silst. Dan silst it net lang meitsje op ’e grûn dêrst no hinne giest, de Jordaan oer, om it yn besit te nimmen. 19Ik rop hjoed de himel en de ierde ta getugen tsjin jimme oan, dat ik sawol it libben as de dea, de segen en de flok jimme foarhâlden haw. Kies dan it libben, datsto en dyn neigeslacht yn libben bliuwe meie, 20mei de Heare dyn God leaf te hawwen, nei syn wurd te harkjen, en Him oan te hingjen. Want dat betsjut foar dy libben en in lang wenjen op ’e grûn dêr’t de Heare dyn foarfaars, Abraham, Izaäk en Jakob fan sward hat, dat Er it harren jaan soe.