1Do meist gjin ko of skiep oan de Heare dyn God offerje dêr’t wat oan skeelt, want dat is de Heare dyn God in ôfgriis.
Tsjin ôfgoaderij
2Mocht der yn dyn fermidden yn ien fan ’e stêden dy’t de Heare dyn God dy jout, in man of in frou oantroffen wurde, dy’t docht wat de Heare dyn God kwea achtet, mei tsjin syn ferbûn yn te gean, 3en dy soe hinnegean en tsjinje oare goaden en bûch derfoar, foar de sinne, de moanne of ien fan ’e stjerren, dat Ik ferbean haw, 4en it wurdt dy oanbrocht of do hearst dêrfan, dan moatst it goed ûndersykje. En sjedêr: it is de wierheid, it feit stiet fêst, dy grouwel is dien yn Israel, 5dan moatsto dy man of frou dy’t dat kweade stik útheefd hat opbringe nei dyn poarte, dy man of dy frou, en har mei stiennen smite oant hja it bestjerre. 6Op ’e ferklearring fan twa of trije getugen moat immen stjerre. Hy mei net stjerre op ’e ferklearring fan ien getuge. 7De hân fan ’e getugen sil it earst tsjin him wêze om him stjerre te litten, dêrnei de hân fan it hiele folk. Sa moatsto it kwea út dyn fermidden útroegje.
De heechste rjochtspraak
8As in saak dy te mânsk is, om útspraak yn te dwaan oer in deaslach, in rjochtskwestje of in mishanneling, pleitsaken dy’t yn dyn stêden foarkomme, dan moatst hinnegean en reizgje nei it plak dat de Heare dyn God foar Himsels útkieze sil. 9Dan giest nei de Levityske prysters en nei de rjochter dy’t dêr yn dy dagen wêze sil, en freegje harren om rie. Dy sille dy har rjochterlike útspraak meidiele. 10Dan moatsto dwaan neffens it útslútsel dat hja bekend makke hawwe út dat plak wei dat de Heare útkieze sil. Tink der dan om en doch krekt sa’t hja dy wize.
11Do moatst hannelje neffens it ûnderrjocht dat hja dy jûn hawwe en neffens de rjochtsregels dy’t hja dy sein hawwe. Do meist noch nei rjochts, noch nei links ôfwike fan it wurd dat hja dy sein hawwe. 12En de man dy’t sa domdryst dwaan soe dat er net harket nei de pryster dy’t dêr stiet om de Heare dyn God te tsjinjen, of nei de rjochter, dy man moat stjerre. Sa moatst it kwea út Israel weidwaan. 13It hiele folk sil it dan hearre en in ôfskrik krije en net langer sille hja domdryst hannelje.
De kening
14Asto kommen bist yn it lân dat de Heare dyn God dy jout, do hast it yn besit nommen en do wennest dêryn en do soest dan sizze: Lit my in kening oer my oanstelle lykas de folken om my hinne, 15dan meist inkeld mar in kening oer dy oanstelle, dy’t de Heare dyn God útkieze sil. Ut it fermidden fan dyn folksgenoaten silst in kening oer dy oanstelle. Gjin bûtenlanner, dy’t dyn folksgenoat net is, silst oer dy sette meie. 16Hy mei him lykwols net in macht hynders oantuge en it folk net wer nei Egypte gean litte om mear hynders te krijen, want de Heare hat tsjin jimme sein: Jimme sille nea wer oer dizze wei weromgean. 17Ek mei er him net in heap froulju nimme, dat dy him net op ’e doele bringe. Sulver en goud mei er him net in grutte protte fan oanskaffe. 18En as hy dan op syn rykstroan sit, dan moat er op in boekrôle him dizze wet oerskriuwe litte fan it eksimplaar dat by de Levityske prysters leit. 19Hy moat dy by him hâlde en dêr alle dagen fan syn libben yn lêze om dêrút te learen ûntsach te hawwen foar de Heare, syn God, alle wurden fan dy wet yn acht te nimmen en dy foarskriften nei te kommen. 20Dan sil er himsels net heger achtsje as syn bruorren en dan sil er noch nei rjochts noch nei links ôfwike fan it gebod. Dan sille hy en syn soannen lang kening bliuwe yn it fermidden fan Israel.