Deuteronomium 16
De trije grutte feesten
1Underhâld de moanne Abib en hâld Peaske foar de Heare dyn God. Want yn ’e moanne Abib hat de Heare dyn God dy yn ’e nacht út Egypte fierd. 2Dan moatsto as Peaske-offer foar de Heare dyn God skiep en kij slachtsje op it plak dat de Heare útkieze sil om syn namme dêr wenje te litten. 3Do meist dêr neat by ite dat suorre is; sân dagen lang moatsto dêr ûnsuorre brea by ite, as brea fan illinde – do bist ommers yn sân hasten út Egypte tein – datst dyn hiele libben lang tinke soest oan ’e dei fan de úttocht út Egypte. 4Sân dagen lang mei der by dy yn dyn hiele gerjochtichheid gjin soerdaai te sjen wêze. Der mei ek fan it fleis datst de jûns fan ’e earste deis slachtest, neat de nacht oer stean bliuwe oant de oare moarns.
5Do kinst it Peaske net slachtsje yn ien fan ’e stêden dy’t de Heare dyn God dy jout. 6Allinne op it plak dat de Heare dyn God útkieze sil om syn namme dêr wenje te litten, moatsto it Peaske-offer slachtsje, de jûns as de sinne ûndergiet, de tiid fan dyn úttocht út Egypte. 7Do moatst it siede en opite op it plak dat de Heare dyn God útkieze sil. De oare moarns kinsto dan weromgean nei dyn tinten. 8Seis dagen moatsto ûnsuorre brea ite en de sânde deis is it in slotfeest foar de Heare dyn God. Do meist dan net arbeidzje.
9Sân wiken moatst rekkenje; as foar it earst de sichte yn it ripe nôt slein is, moatst dy sân wiken begjinne te tellen. 10Dan moatst it feest fan ’e wiken fiere ta eare fan de Heare dyn God neffens de frijwillige jeften dyst jaan silst, al nei’t de Heare dy segene hat. 11Dan moatst bliid wêze foar de eagen fan de Heare dyn God, dosels, dyn soan en dyn dochter, dyn slaaf en slavinne, de Levyt dy’t by dy tahâldt, de frjemdling, de widdo en de wees dy’t yn dyn fermidden is, opit plak dat de Heare dyn God útkieze sil om syn namme dêr wenje te litten. 12Betink dan datst slaaf west hast yn Egypte. Hâld dan dizze foarskriften en kom se nei.
13Do moatst it Huttefeest sân dagen lang fiere, ast de opbringst fan dyn terskflier en wynparse ynhelle hast. 14Do moatst bliid wêze op dyn feest. Dosels, mei dyn soan en dyn dochter, dyn slaaf en slavinne, en mei de Levyt, de frjemdling, de wees en de widdo, dy’t by dy tahâlde. 15Sân dagen lang moatst feestfiere ta eare fan de Heare dyn God op it plak dat de Heare útkieze sil. Want de Heare dyn God sil dy segenje yn dyn hiele gemaak en yn alles datst ûndernimst, dat do silst echt bliid wêze kinne. 16Trijeris jiers moatte al dyn manlju ferskine foar de Heare dyn God op it plak dat Hy útkieze sil: op it feest fan ’e ûnsuorre breaën, op it feest fan ’e wiken en op it Huttefeest. Gjinien sil lykwols mei lege hannen foar de Heare ferskine. 17Elk syn geskink moat wêze neffens de segen dy’t de Heare dyn God dy jûn hat.
De rjochtspraak
18Yn alle stêden dy’t de Heare dyn God dy jout moatst rjochters en foarmannen oanstelle foar dyn stammen. Dy moatte it folk rjochtsje yn in earlike rjochtspraak. 19Do meist it rjocht net bûge. Do meist de persoan net oansjen en gjin geskink oannimme. It geskink ferblinet ommers de eagen fan ’e wizen en ferdraait de wurden fan ’e rjochtfeardigen. 20Gerjochtichheid en oars neat silst nei stribje. Dan silst yn libben bliuwe en it lân besitte dat de Heare dyn God dy jout.
De suverens fan de earetsjinst
21Do meist dy gjin inkeld stik hout as wijde peal opsette njonken in alter fan de Heare dyn God datst dy meitsje silst. 22Do meist dy ek gjin wijstien oprjochtsje. Soks hatet de Heare dyn God.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap