De rjochten fan prysters en Leviten
1De Levityske prysters, de hiele stam fan Levy, sille part noch erfdiel yn Israel hawwe. Fan de fjoeroffers fan de Heare en fan syn erfdiel sille hja ite. 2In erfdiel sil er net hawwe ûnder syn bruorren. De Heare, dy is syn erfdiel, lykas Er him ûnthjitten hat. 3Dit rjocht sille de prysters hawwe op it folk, op harren dy’t in offer slachtsje, oft dit no in ko is of in skiep: hja sille oan ’e pryster it skouder, de beide kaken en de pânse jaan. 4De earstelingen fan dyn nôt, dyn oalje en dyn druvesop, en it earste flues fan dyn skieppewol moatsto him jaan. 5Want him hat de Heare dyn God út al dyn stammen útkeazen, dat hy en syn soannen foar altyd stean soenen yn ’e tsjinst fan ’e namme fan de Heare.
6Mocht der út ien fan dyn stêden út hiele Israel in Levyt komme dy’t dêr as frjemdling tahâldt en hy komt neffens syn ynlikst begearen nei it plak dat de Heare útkieze sil 7en hy docht dêr tsjinst yn ’e namme fan de Heare syn God, lykas al syn bruorren de Leviten dêr yn tsjinst fan de Heare steane, 8dan moat hy lykop diele yn it iten, sûnder rekken te hâlden mei wat syn âlderserf opbringt.
Wiersizzers en profeten
9Asto kommen bist yn it lân dat de Heare dyn God dy jout, dan meisto dy net oanwenne mei te dwaan oan al de grouwels fan dy folken. 10Der mei by dy gjinien wêze dy’t syn soan of dochter troch it fjoer gean lit, noch dy’t him mei wiersizzen ophâldt, gjin wolkeskôger, beswarder of tsjoender, 11gjin duvelbanner, noch ien dy’t in geast fan in ferstoarne of in wiersizzende geast om in útspraak freget of de deaden rieplachtet. 12Al wa’t soks docht, dêr hat de Heare in ôfgriis fan; en it is fanwegen sokke grouwélichheden dat de Heare dyn God har foar dy út jaget. 13Do moatst oprjocht wêze foar de Heare dyn God oer. 14Want dy folken dysto ferjeie silst, harkje nei wolkeskôgers en wiersizzers, mar oan dij hat de Heare dyn God dat frij net jûn. 15De Heare dyn God sil út dyn fermidden, út dyn bruorren, in profeet opstean litte, lykas my. Nei him moatte jimme harkje. 16Hielendal neffens watsto fan de Heare dyn God frege hast de deis fan ’e gearkomste by de Hoareb, doest seist: Lit my net langer de stim fan de Heare myn God oanhearre en lit my dit grutte fjoer net mear sjen, dat ik it net bestjer.
17Doe sei de Heare tsjin my: Hja hawwe gelyk, dat hja dat sizze. 18Ik sil har út it fermidden fan har bruorren in profeet opkomme litte lykas do en Ik sil myn wurden yn syn mûle lizze. Dan sil hy har alles sizze dat Ik him opdrage sil. 19En mocht der ien wêze, dy’t net harkje soe nei de wurden dy’t hy yn myn namme sprekt, dan sil Iksels him rekkenskip freegje. 20Mar mocht der in profeet sa brutaal wêze dat hy in wurd yn myn namme sprekke soe dat Ik him net opdroegen ha om te sizzen, of hy soe sprekke yn ’e namme fan oare goaden, dan moat sa’n profeet stjerre. 21Ast by dysels tinke soest: Hoe moatte wy witte oft it in wurd is dat de Heare net sprutsen hat? 22Wel, as de profeet sprutsen hat yn ’e namme fan de Heare en it wurd bart net en komt net nei, dan is it net in wurd fan de Heare, mar fan dy brutale profeet sels. Do hoechst net bang foar him te wêzen.