It sabbatsjier
1Nei ferrin fan sân jier moatsto alle skuld skinke. 2By dat skinken moat it sa om en ta gean: Elke skuldeasker dy’t wat oan syn neiste liend hat, moat dat skinke. Hy mei syn neiste of syn broer net moanje, want der is in skinking ta eare fan de Heare útroppen. 3In bûtenlanner dy meist moanje, mar wat dyn broer fan dy hat, dat moatst skinke. 4Der mei by dy nammers gjin earme wêze, want de Heare sil dy oerfloedich segenje yn it lân dat de Heare dyn God dy yn eigen besit jout, 5asto mar mei ynmoed harkest nei de stim fan de Heare dyn God, en derom tinkst al dizze geboaden nei te kommen, dy’t ik dy hjoed gebied. 6Want de Heare dyn God sil dy segenje, lykas Er dy tasein hat. Do silst oan gâns folken útliene, mar sels silsto net liene. Oer gâns folken silsto hearskje, mar oer dij sille se net hearskje.
7Mocht der te dines yn ien fan dyn stêden yn it lân dat de Heare dyn God dy jout, ien fan dyn bruorren earm wêze, dan meisto net hurd oer him wêze en de hân foar dyn earme broer op ’e bûse hâlde, 8mar do moatst him mei golle hân, safolle as er tekoart komt, fan herten liene. 9Nim dy te wacht en lit dizze ûndogenske gedachte net by dy opkomme: It duorret net lang mear, dan is it it sânde jier, it jier fan ’e skinking; en do soest it dan dyn earme broer fergunne en it him net jaan. Soed er him dan tsjin dy op de Heare beroppe, dan soesto skuldich stean. 10Do moatst it him ryklik jaan en ast it joust, mei der gjin tsjinsin by dy wêze. Dan sil de Heare dyn God dy om ’e wille dêrfan segenje yn alles watst dochst en dêrst de hân oan slachst. 11Want earmen sil it lân noait sûnder wêze. Dêrom gebied ik dy: Jou mei golle hân oan dyn lânsman dy’t net rûn komme kin en it earm hat yn dyn lân.
Hebrieuske slaaf of slavin
12As ien fan dyn folk, in Hebrieuske man of frou, him oan dy ferkocht hat, moat er dy seis jier tsjinje. It sânde jier lykwols moatst him as frij man by dy weigean litte. 13Mar ast him as frij man by dy weigean litst, dan meist him net mei lege hannen fuortstjoere. 14Mar dan moatst him rojaal jaan fan dyn skiep, dyn terskflier en dyn wynparse; dêr’t de Heare dyn God dy mei segene hat, dêr moatsto him fan jaan.
15Betink dan datst sels slaaf west hast yn Egypte en dat de Heare dyn God dy ferlost hat. Dêrom jou Ik dy hjoed dit gebod. 16Soe it dan wêze, dat hy tsjin dy seit: Ik wol net by jo wei, om’t er fan dy en dyn húsgesin hâldt en hy it goed by dy hat, 17dan moatsto in priem nimme en him dy troch it ear yn ’e doar stekke en dan sil er foar altyd dyn slaaf wêze. Mei dyn slavinne moatst krektallyk dwaan. 18It mei dy net swier falle him as frij man by dy weigean te litten, want hy hat seis jier lang in dûbele deihier foar dy fertsjinne, en dan sil de Heare dyn God dy segenje yn alles watst dochst.
De earstelingen fan it fee
19Alle earstelingen dy’t fan dyn kij en dyn skiep fongen wurde en dy’t manlik binne, moatsto de Heare dyn God wije. Do meist de earstelingen fan dyn kij gjin wurk dwaan litte en de earstelingen fan dyn skiep meist net skeare. 20Foar de eagen fan de Heare dyn God moatst se mei dyn húsgesin alle jierren weroan opite op it plak dat de Heare útkieze sil. 21As der lykwols wat oan mankeare soe, it soe kreupel wêze of blyn of der soe wat oars ferkeard oan wêze, dan meist it de Heare dyn God net offerje. 22Do meist der yn dyn wenplakken fan ite, ûnreinen en reinen mei-inoar, lykas ek in hart en in gazelle. 23It bloed allinne meist net ite. Dat moatst as wetter oer de grûn útjitte.