Tsjin heidenske rougebrûken
1Jimme binne bern fan de Heare jimme God. Jim meie om in deade jimsels net yn it lichem snije en jimme de foarholle net keal skeare, 2want do bist in hillich folk foar de Heare dyn God. De Heare hat dy út alle folken op ’e ierde as syn eigen folk útkard.
Reine en ûnreine dieren
3Do meist neat ite dat in ôfgriis is. 4Dit is it fee dat jimme ite meie: kij, skiep, geiten, 5harten, gazellen, damharten, stienbokken, antilopen, gemzen en berchgeiten. 6Alle fee dat spjalte kleien hat, en dan folslein yn twaën spjalt, en alle fee dat wjerkôget, dat meie jimme ite. 7Fan wat wjerkôget of de kleien folslein spjalt hat, meie jim lykwols dizze net ite: de kamiel, de hazze en de klipdas, want hja wjerkôgje wol, mar hawwe gjin spjalte kleien. Hja sille jimme ûnrein wêze. 8Ek de baarch sil foar jimme ûnrein wêze, want dy hat wol spjalte kleien, mar wjerkôget net; ûnrein is er jimme. Fan sok fleis meie jimme net ite en sok ies net oanreitsje.
9Fan alles wat yn it wetter is, meie jimme dit ite: Alles wat finnen en skobben hat meie jimme ite. 10Alles wat lykwols gjin finnen en skobben hat, dat meie jimme net ite. Dat is jimme ûnrein. 11Alle reine fûgels meie jimme ite. 12Dizzen lykwols meie jimme net fan ite: de earn, de see-earn, de burdgier, 13de wou, de falk, alle soarten gieren, 14alle soarten ravens, 15de strúsfûgel, de ûle, de seekob, alle soarten sparwers, 16de stienûle, de ibis, de oehoe, 17de pilekaan, de iesgier, de ielgoes, 18de earrebarre, alle soarten reagers, de hûpe en de flearmûs. 19Ek alle ynsekten dy’t wjukken ha binne foar jimme ûnrein: jimme meie dy net ite. 20Alle reine fûgels meie jimme ite.
21Jimme meie gjin ies ite. Dat kinsto oan ’e frjemdling dy’t by dy tahâldt te iten jaan of it ferkeapje oan in bûtenlanner. Want do bist in hillich folk foar de Heare dyn God. Do meist in bokje net siede yn ’e molke fan syn mem.
De tsienden
22Do moatst trou de tsienden jaan fan alles wat dyn sied opbringt, fan wat it fjild jier op jier jout. 23Foar de eagen fan de Heare dyn God, op it plak dat Hy útkieze sil om dêr syn namme wenje te litten, dêr moatsto de tsienden ite fandyn nôt, dyn druvesop en dyn oalje en fan de earstelingen fan dyn kij en fan dyn skiep, datsto leare meist foar altyd ûntsach te hawwen foar de Heare dyn God. 24Mocht de reis dy lykwols te mânsk wurde, datst it net meinimme kinst, mei’t it plak dat de Heare dyn God útkieze sil om syn namme dêr te fêstigjen, te fier fan dy ôf leit omdat de Heare dyn God dy segene hat, 25meitsje it dan oan jild, nim dat jild yn ’e hân mei en gean nei it plak dat de Heare dyn God foar Himsels útkieze sil. 26Dan meist dat jild útjaan foar alles dêrst mar sin oan hast, foar kij, skiep, wyn of sterke drank en foar alles dêrst nocht oan hast en yt dat dan foar de eagen fan de Heare dyn God. Dan meist bliid wêze, do en dyn húsgesin. 27Lit dan de Levyt, dy’t binnen dyn poarten tahâldt net oan syn lot oer, want hy hat part noch erfdiel mei dy.
28Nei ferrin fan trije jier moatsto tsienden fan dyn hiele ynkommen opbringe en dy opslaan yn dyn stêden. 29Dan kin de Levyt om’t er part noch erfdiel mei dy hat, de frjemdling, de wees en de widdo, dy’t by dy tahâlde, ite en sêd wurde. Dan sil de Heare dyn God dy segenje yn alles watst ûndernimme silst.