1Jeruzalem, strûp se út, de klean fan dyn rouwe en fan dyn ellinde.
En draach foar altiten de pronkklean fan ’e gloarje dy’t God dy jout.
2Slaan it pronkkleed om fan ’e gerjochtichheid dy’t fan God komt.
Set dy de krânse fan ’e gloarje fan de Ivige op ’e holle.
3Want sa fier as de himel him bôget,
sa fier sil God oan ’e ierde dyn hearlikheid sjen litte.
4En God sil dij foar ivich dizze namme jaan:
Frede en gerjochtichheid, godsfreze en gloarje.
5Oerein, Jeruzalem! Op nei dyn hichte en slach de eagen op nei it easten.
Sjoch, dêr komme dyn bern! Op it wurd fan de Hillige binne se byinoar helle fan it easten ôf oan it westen ta.
O sa bliid, dat God om har tocht hat.
6Rinnende binne se by dy weigien,
fuortsleept troch de fijân.
No bringt God se werom,
droegen mei eare, as in kening op syn troan.
7Want God hat sein:
Alle hege bergen en alle oerâlde hichten moatte sljochte wurde
en de dellingen fol en flak makke,
dat Israel dêr gean kin, feilich en wol,
troch de gloarje fan syn God.
8En de bosken ha op Gods befel – lykas ek elke swietrokige beam – Israel har skaad jûn.
9Want God sil Israel mei blidens begeliede
yn it ljocht fan syn gloarje.
En syn barmhertigens en syn gerjochtichheid
sille aloan by him bliuwe.