Dit is in ôfskrift fan ’e brief dy’t Jeremia stjoerd hat oan allegearre, dy’t troch de kening fan ’e Babyloaniërs yn ’e boeiens fuortfierd wurde soenen nei Babel ta, om harren oan te sizzen, wat God him opdroegen hie.
1It is om ’e sûnden dy’t jimme dien hawwe tsjin God, dat jimme troch Nebûkadnessar, de kening fan ’e Babyloaniërs, yn ’e boeiens nei Babel ta brocht wurde. 2En as jimme ienkear yn Babel binne, dan sille jimme dêr gâns in skoft bliuwe moatte, jierren en jierren oanien, wol sân geslachten. Dan sil Ik jimme dêr wer weihelje, yn frede. 3Dêr yn Babel sille jimme de sulveren, gouden en houten goaden sjen, dy’t se dêr op it skouder drage en dêr’t de heidenen stjerrende benaud fan binne. 4Nim jimme dan te wacht, dat jimme dy frjemde folken net gelyk wurde en dat de freze foar har goaden jimme net bekrûpt. 5As jimme dan in smite folk foar har út en achter har oan sjogge, dat harren oanbidt, sis dan by jimme sels: Hear, Jo allinne moatte wy oanbidde. 6Want myn Ingel is by jimme en dy stiet noed fan jim libben.
7Dy goaden ommers binne mei goud of sulver beslein. In fakman hat har de tonge glêdskjirre. Mar it is allegearre bedroch wat dêroan is, en prate kinne se net. 8Lykas foar in pronkske faam, sa nimme se goud 9en meitsje dêr krânsen fan om har goaden dy op te setten. Ja, it komt foar, dat de prysters har goaden it goud en it sulver ûnthelje, om dat foar harsels te brûken. 10En ek om der wat fan presint te jaan oan ’e huorren yn it huorrehûs. Se dogge se de pronk oan, krekt as binne it minsken, dy sulveren, gouden en houten goaden. 11Dy kinne harsels lykwols net hoedzje foar de ruost en de mot, ek al hawwe se poarperen klean oan, 12en it gesicht moat har ôffage wurde fanwegen it stof yn ’e hûs, dat der by tsjok en by tin op sit.
13In skepter hat sa’n god yn ’e hân, krekt as is er in kening; mar immen deadwaan, dy’t it tsjin him yn ’e kant set, dat kin er net. 14In dolk hat er yn ’e hân en in bile, mar dochs kin er tsjin it geweld fan ’e oarloch en tsjin rovers neat begjinne. Dat it is klear te sjen, dat it gjin goaden binne. Wês der dan ek net bang fan.
15Lykas mei in stik ark, dêr’t gjinien mear wat mei kin, as it stikken rekket, 16sa is it ek mei har goaden, dy’t se yn ’e timpels delset hawwe. De eagen reitsje har fol stof fan ’e fuotten fan ’e timpelgongers.
17En, sa’t immen dy’t de kening tenei west hat en ta de dea feroardiele is, achter de doarren komt, sa en net oars dogge de prysters: se fersegelje har timpels mei doarren, skoattels en stutbalken, dat dy mar net troch rovers plondere wurde sille. 18Se stekke mear lampen foar har goaden op as foar harsels, al kinne dy der neat fan sjen. 19Se binne in balke yn ’e timpel gelyk. Ynwindich, sa is it sizzen, wurde se troch it libbenguod út ’e grûn opfretten, sysels en har klean, mar se fernimme der neat fan. 20It gesicht is har swart wurden fan ’e reek yn ’e timpel. 21Flearmûzen en swellen en oare fûgels fleane en dogge, en geane har op ’e lea en op ’e holle sitten, ja sels wylde katten. 22Dêr kinne jimme no oan sjen, dat it gjin goaden binne. Wês der dan ek net bang fan.
23It goud dêr’t se mei beslein binne, hawwe se foar de sier, mar as der nimmen is dy’t dêr de ruost ôfwriuwt, dan is alle glâns fuort. Ek doe’t se getten waarden, gong dat alhiel bûten har om. 24Se binne djoer betelle, mar libben sit der net yn. 25Echte fuotten hawwe se net, dat se moatte op it skouder droegen wurde. Sa litte se de minsken har ûnmacht sjen. Ja, sels har eigen tsjinners sette har foar spot, 26as se har oereinsette, dat se mar net omfalle sille. En as men sa’n ôfgod oereinset, dan kin er himsels net ferwege; en leit men him del, dan kin er út himsels net oereinkomme. Mar krekt as foar de deaden wurde har wol offers foarset.
27De offers dy’t foar harren ornearre binne, ferkeapje de prysters ta eigen baat. Dy har froulju binne neat better. Dy lizze dêrfan yn. Mar de earme en dy’t der min oan ta is, dy jouwe se der neat fan. 28In frou dy’t de regels hat en in kreamfrou komme samar oan dy offers. Dêr kinne jimme oan witte, dat it gjin goaden binne. Wês der dan ek net bang fan.
29Wêrom soe men se goaden neame? Froulju binne it, dy’t oan dy sulveren, gouden en houten goaden de offers bringe. 30Yn har timpels springe de prysters om, de klean stikken skuord, hier en burd ôfskeard en mei de bleate holle. 31Se roppe en beare foar har goaden as weekleiers by in leedmiel. 32De prysters gnobje fan har klean en klaaie dêr har froulju en bern fan. 33En mocht der immen wêze dy’t dy goaden tenei komt, of immen dy’t har goeddocht, se kinne neat werom dwaan. In kening oanstelle of him ôfsette, se kinne it net.
34Immen rykdom jaan of in slompe jild, dat kinne se likemin. En as ien har yn it gebed wat tasein hat, en hy komt dat net nei, wier, se kinne him der net om moanje. 35In minske rêde fan ’e dea en de swakke ferlosse fan ’e sterke, se kinne it net. 36In blinen-ien it gesicht jaan of immen dy’t yn it near sit, helpe, se kinne it net. 37Begrutsjen hawwe mei widdowen, of wezen goeddwaan, se kinne it net. 38Se binne sa hurd as in balstien, dy houten, fergulde en fersulvere dingen; en dy’t har tsjinje, dy komme raar te pal.
39Hoe bestiet it dan, dat men mient of seit, dat it goaden binne? 40De Chaldeeërs sels litte har foar spot stean. Want as se in stommen-ien sjogge, immen dy’t net prate kin, dan helje se Bel derby en wolle dan ha, dat er prate sil, krekt as soe dy him ferstean kinne. 41En se binne sa wiis net, al sjogge se it nuvere derfan yn, dat se dy goaden sjitte litte. 42De froulju mei koarden om sitte bylâns de wegen simmels te offerjen. 43En as dan in foarbygonger ien fan harren meinimt om by him te sliepen, dan narret sa’n frommes neitiid har buorfrou, dat dy net tsjin har op koe en dy har koarde net stikkenskuord waard. 44Alles dat yn ’e tsjinst fan dy ôfgoaden dien wurdt, is leagen en bedroch. Hoe bestiet it dan, dat immen mient of seit, dat it goaden binne?
45Troch timmerlju en goudsmidden binne se makke. En wat dy faklju woenen dat se wêze soenen, dat is der fan wurden en net oars. 46De mannen dy’t har makke hawwe, libje sels mar in koart skoftke. 47Hoe soenen dan de dingen dy’t se makke hawwe, goaden wêze kinne? Leagen en skande en oars neat hawwe se oan har neiteam neilitten. 48Want as der oarloch of rampen oer dy goaden komme, dan rieplachtsje de prysters mei-inoar, wêr’t se mei har in hinnekommen sykje sille. 49Hoe soe men dan net fernimme, dat it gjin goaden binne? Se kinne harsels ommers net ienris foar oarloch en rampen hoedzje! 50Se binne ommers gewoan fan hout en wat fergulde en fersulvere, dat elkenien sil mei de tiid wol foar it ferstân krije, dat se klearebare leagen en bedroch binne. Alle heidenen en har keningen sjogge dan foar har eigen eagen, dat it gjin goaden binne, mar wurk fan minskehannen en dat der gjin grissel godswurk oan har is.
51Dat wa soe it no noch net klear en dúdlik wêze, dat it gjin goaden binne? 52Oer it lân in kening oanstelle, de minsken reinwetter beskikke, se kinne it net. 53Likemin as foar har eigen rjochten opkomme, of immen helpe, dy’t ûnrjocht oandien wurdt. Se hawwe likemin wat om by te setten 54as de kaën dy’t omfleane tusken himel en ierde. En as it hûs fan dy houten en fergulde en fersulvere goaden yn ’e brân rekket, dan naaie har prysters út en rêde sa it libben derôf. Mar de goaden sels ferbrâne lykas yn it hûs de balken. 55Tsjin in kening en tsjin fijannen kinne se neat begjinne.
56Hoe kin immen dan noch úthâlde of miene, dat it goaden binne? Dieven en rovers kinne dy houten, fersulvere of fergulde goaden harsels net foar hoedzje. 57Dy’t har beneikomme kinne, strûpe har it goud, it sulver en de klean dy’t se oan hawwe, ôf en út, en sette dermei fuort. Want harsels helpe, kinne se hoegenamt net. 58Sadwaande is in kening dy’t sjen lit dat er in keardel útmakket, of in stik ark dêr’t de eigner syn geriif fan hat, mear wurdich as sokke sabeare goaden. Ja, in doar dy’t alles yn ’e hûs befeiliget en in houten stile yn in paleis binne stik foar stik mear wurdich as sokke sabeare goaden.
59De sinne, de moanne en de stjerren jouwe har ljocht. Se binne derop útstjoerd om dat te dwaan en jouwe sekuer om sizzen. 60Sa is ek it flitsen fan ’e wjerljocht wit-hoe fier te sjen. En ek de wyn waait yn alle lannen. 61En as God de wolken hjit de hiele wrâld oer te driuwen, dan dogge se dat. 62Sa ek de wjerljocht, as er fan boppen delstjoerd wurdt om bergen en bosken te fertarren. Mar dy goaden kinne by harren net yn it skaad stean, noch wat har wêzen, noch wat har macht oanbelanget. 63Dat gjinien moat miene of sizze dat it goaden binne. Macht om in fonnis út te sprekken hawwe se ommers net, noch om in minske goed te dwaan.
64As jimme dan no witte dat it gjin goaden binne, wês der dan ek net bang fan. 65Macht oer keningen hawwe se net; se kinne har segenje noch flokke. 66De heidenen tekens sjen litte oan ’e loft, sy kinne it net. Noch skine as de sinne of ljochtsje as de moanne. 67De wylde bisten binne noch mear wurdich as sy. Dy kinne teminsten noch útnaaie nei it iene of oare skûlplak en sa it gefaar ûntrinne. 68Dat út neat docht ús bliken dat it goaden binne. Wês er dan ek net bang fan.
69Sa’t in fûgelskrik yn in komkommertún nearne op passe kin, sa is it ek mei dy houten, fergulde en fersulvere goaden fan har. 70En as in toarnehage yn in hôf, dy’t in sit is foar alderhande fûgels, ja, as in deade, dy’t se yn it tsjustere grêf dien hawwe, sa binne dy houten, mei goud of sulver besleine goaden fan har ek. 71Ja, ek oan it poarper en it linnen dat se oan hawwe en dat op har fergiet, kin men witte dat it gjin goaden binne. Ommers sysels fergeane lang om let ek. Sa binne se in spotslach it hiele lân oer. 72Dat se kinne net yn it skaad stean by in rjochtfeardich man, dy’t der gjin goadebylden op nei hâldt: sok in skande sil fier fan him bliuwe.