1De wysheid is it boek dêr’t Gods foarskriften yn steane,
en de wet, dy’t bestiet oant yn ivichheid.
Allegearre dy’t har by de wysheid hâlde, sille libje,
mar dy’t dêr net fan witte wolle,
dy komme mei-inoar om.
2Bekear dy, Jakob, en gryp dy oan ’e wysheid fêst.
Op it ljocht dêrfan moatsto oan, op it skynsel dêrfan ta.
3Jou oan in oar net wat dyn eare is,
noch oan in frjemd folk dyn foarrjochten.
4Wat binne wy dochs lokkich, o Israel,
dat wy witte meie wat God gefallich is.
Wurd fan treast
5Toe, myn folk, hâld moed!
Jimme, dy’t Israels namme yn wêzen hâlde.
6Jimme wienen oan ’e heidenen ferkocht,
mar net sa dat jimme ûndergean soenen.
It wie, omdat jimme Gods grime geande makke hienen,
dat jimme yn ’e hannen fan jim fijannen ferfoelen.
7Jimme hienen jimme Skepper ferbittere mei net oan Him, mar oan ’e kweageasten jim offers te bringen.
8De ivige God, dy’t jimme fersoarge hat, hienen jim fergetten, en sa Jeruzalem, dat jimme opbrocht hat, leed oandien.
9Want dat seach de grime fan God oer jimme kommen en sei:
Harkje, jimme buorfroulju fan Sion,
God hat my gâns leed oandien.
10Mei eigen eagen haw ik it sjoen,
hoe’t se myn soannen en dochters yn ’e boeiens fuortsleepten.
It wie de Ivige dy’t har dat oandie.
11Mei blidens hie ik se grutbrocht,
mei skriemen en kleien haw ik se fuortgean litte moatten.
12Lit gjinien dochs wille om my hawwe,
want ik bin in widdo, fan elkenien ferlitten.
Se hawwe my allinne litten fanwegen de sûnden fan myn bern,
dy’t fan Gods wet har ôfkeard hawwe.
13Wat Hy ynsteld hie, dêr woenen se neat fan witte.
De wegen, dy’t Hy wiisde, woenen se net op,
en syn paden nimme fan tucht en rjocht, dat dienen se net.
14Kom dan, jimme buorfroulju fan Sion,
betink dochs, dat myn soannen en dochters yn ’e boeiens fuortsleept binne
en dat it de Ivige wie, dy’t harren dat oandie.
15Want Hy hat oer har brocht in folk fan om fierrens;
in folk sa hurd as in spiker, in folk fan frjemde sprake,
in folk dat gjin earbied hat foar grize hierren en gjin begrutsjen mei lytse bern.
16Sy sleepten de soannen fan ’e widdo,
dy’t har alles wienen, fuort.
Sy ûnthellen de allinnesteande de dochters.
17En ik, hoe soe ik jim helpe kinne?
18Hy dy’t al dat leed jim oandien hat,
Hy is de iennichste dy’t jim ferlosse kin fan jim fijannen.
19Toe, gean jim wegen mar, myn bern, toe, gean jim wegen!
Ik lykwols bin achterbleaun, iensum en ferlitten.
20De mantel, dy’t ik yn ’e tiden fan frede plichte te dragen,
haw ik útdien en it roukleed fan in smekeling omslein.
En ik sil it útskreauwe om de Ivige, myn hiele libben lang.
21Hâld moed, myn bern, rop om God,
en Hy sil jim ferlosse fan it geweld
en de macht fan ’e fijannen.
22Ik haw myn hope set op de Ivige, Hy sil jim ferlosse.
De Hillige dy’t jim altyd weroan rêden hat,
Hy hat my bliid makke fanwegen de barmhertigens fan de Ivige – jimme Ferlosser-,
dy’t jim mei gauwens barre mei.
23Mei kleien en skriemen haw ik jim fuortgean litte moatten,
mei in blidens en in freugde, dy’t nea in ein nimme,
sil God my jimme werom jaan.
24Sa’t de buorfroulju fan Sion sjoen hawwe,
hoe’t jimme yn ’e boeiens fuortsleept waarden,
sa sille se mei koarten de ferlossing sjen,
dy’t oer jim komme sil fan God,
mei grutte gloarje fan de Ivige.
25O, myn bern, draach dochs lykmoedich de grime fan God, dy’t oer jim kommen is.
De fijân hat jim jage en dreaun,
mei gauwens lykwols sille jimme syn ûndergong sjen
en him de foet op ’e nekke sette.
26Myn teare bern moasten oer ûnsljochte wegen gean;
se binne dreaun as in keppel dy’t troch de fijân roofd is.
27War jimme, myn bern, rop om God!
Hy dy’t jim dit oandien hat, Hy sil jim net ferjitte.
28Jim hawwe it jim ienris yn ’e holle helle om by God wei te dwalen.
Kear dan no werom en sykje Him mei in iver, tsienris sa grut as doe.
29Hy dy’t al dy rampen oer jim brocht,
Hy sil jim ferlosse en bliid meitsje, foar altiten.
30O, Jeruzalem, hâld moed!
Hy dy’t dij de namme joech, sil dyn Treaster wêze.
31Ungelokkich de mannen dy’t dij kwea dien hawwe,
dy’t har fermakken om dyn ûndergong.
32Ungelokkich de stêden dêr’t dyn bern slaven wienen,
it plak dêr’t se dyn soannen as slaven krigen.
33Deselde stêd dy’t him fermakke om dyn ûngelok
en wille hie om dyn ûndergong,
sil ienris weekleie om syn eigen ferwoesting.
34De grutte mannichte folk, dêr’t er sa oer opspriek, sil Ik him ôfnimme;
en syn grutskens sil Ik feroarje yn ien en al rouwe.
35Fjoer fan de Ivige sil oer him komme, dagen en dagen oanien;
en de kweageasten sille by him har thús hawwe, tiden lang.
36Jeruzalem, slach dyn eagen op nei it easten
en sjoch de blidens kommen, dy’t God foar dy weilein hat.
37Sjoch, sy komme deroan, dyn soannen dy’t by dy wei moasten.
Sy komme deroan, dy’t byinoar helle binne fan it easten ôf oan it westen ta.
Op it wurd fan de Hillige,
wûndere bliid om de gloarje fan ús God.