1O Hear Almachtich, God fan Israel, ik rop om Jo mei in siel yn benaudens en in geast dy’t dermei oan is. 2Harkje dochs, Hear, en haw meilijen, want tsjin Jo hawwe wy sûndige. 3Jo hearskippij is foar ivich; wy lykwols komme foar ivich om. 4Hear Almachtich, God fan Israel, harkje dan dochs nei it smeekjen fan Israel, dat de dea as foarlân hat en nei dat fan de soannen fan har dy’t tsjin Jo sûndige hawwe. Sy hawwe net harke nei wat har God har sei. En sa hat de iene ramp nei de oare ús troffen. 5Tink net langer oan wat ús foarâlden allegear misdien ha, mar tink op dit stuit oan jo macht en oan jo namme. 6Want Jo binne de Hear, ús God, en dêrom, o Hear, sille wy Jo loovje. 7Jo hawwe ús ynjûn Jo te freezjen. Sadwaande roppe wy jo namme oan. Ja, sels no’t wy yn ’e ballingskip sitte, sille wy Jo loovje. Want wy hâlde ús fier fan al de ûngerjochtichheden fan ús foarâlden en fan de sûnden dy’t se tsjin Jo bedreaun ha. 8Sjoch, wy sitte no yn ’e ballingskip. Jo hawwe ús hjirhinne fersille. In elk húnt ús en flokt ús út. En sa komme alle misdieden dy’t ús foarâlden bedreaun hawwe, dy’t fan de Hear ús God ôffallen binne, op ús hollen del.
De wysheid, de iennichste wei nei it heil
9Harkje, Israel, nei de foarskriften dy’t dy it libben bringe.
Jou der goed acht op, datsto witst watsto moatst.
10Hoe komt it dochs Israel, datsto yn it lân fan dyn fijân sitst,
dat dyn jierren foarbygeane yn ’e frjemdte?
11Datsto ûnrein wurden bist as de deaden
en rekkene wurdst by de bewenners fan it deaderyk?
12Hjir komt it fan:
Do bist by de welle fan ’e wysheid weirûn.
13Want asto yn Gods wegen gien wiest,
dan hie dyn libben aloan in libben fan frede west.
14Dat, lear wêr’t de wysheid is, wêr de sterkte en wêr it begryp.
Dan silsto witte by Wa’sto in lang
en lokkich libben sykje moatst,
ljocht op dyn paad en frede.
15Wa wit it plak dêr’t de wysheid syn thús hat?
Hat oait ien in foet set, dêr’t dy syn skatten opslacht?
16Wêr binne se keard, dy’t de folken regearren?
Wêr, dy’t de wylde bisten op ’e ierde nei har hân wisten te setten?
17Wêr, dy’t har ferdivendearren mei de fûgels yn ’e loft?
Wêr, dy’t it sulver en it goud op ’e kant setten,
it goud, dêr’t de minsken har betrouwen op sette
en altiten mar wer mear fan hawwe wolle?
18Wêr binne se, dy’t mei geduld en oerlis it sulver wûnen?
En wa kin útfine, hoe’t se dat krekt dienen?
19Se binne weiwurden, allegearre, en deltein yn it deaderyk.
En oaren binne kommen en hawwe har plak ynnommen.
20In nije jongerein seach it deiljocht en wenne op ierde.
Mar de wei nei de kennis hawwe se net fine kinnen.
21De paden dêrhinne hienen se gjin weet fan.
Dat sadwaande is dy har ûntkommen
en doarmje har soannen om, witwêrsanne.
22Yn Kanaän hienen se net fan ’e wysheid heard,
yn Teman der neat fan sjoen.
23Hagar har soannen, dy’t aloan war dienen om ta klearder begryp te kommen hjir op ierde,
de keaplju fan Mearan en Téman,
de orakelsprekkers,
de skreppers om ynsjoch,
sy allegearre binne de wegen nei de wysheid net gewaar wurden,
en de paden dêrhinne koenen se net foar de geast krije.
24Hoe grut, Israel, is it hûs fan God!
Hoe rom it plak dat sines is!
25Grut, ja sûnder ein,
heech, ja net te bemjitten.
26Yn it skier ferline it plak dêr’t de reuzen berne waarden,
ferneamde mannen, heech fan stal, betûft yn ’e oarloch.
27God hat har lykwols net útkard,
de wei nei de kennis har net bekend makke.
28Sa binne se omkommen, mei’t se de wysheid net hienen.
Har ûnferstân die har de ûndergong.
29Wa is oait nei de himel fearn om dêr de wysheid te besetten,
wa hat dy út ’e wolken wei nei ûnderen ta brocht?
30Wa minske is de see oerstutsen om har te sykjen,
en om har te keapjen foar kostber goud?
31Nee, der is gjinien dy’t de wei wit,
of dy’t it paad gewaar wurdt nei de wysheid ta.
32Mar de Hear, dy’t alles wit, dy is der mei bekend.
Troch syn ferstân is Hy it oan ’e weet kommen.
Hy, dy’t de ierde foar altiten ta wêzen rôp
en makke dat it dêr tilt fan alderhande bisten.
33Hy stjoert it ljocht út en it giet syn wegen.
Hy rôp it en skril joech it om syn sizzen.
34De stjerren ljochten op ’e plakken dy’t har tawiisd binne,
en hienen dêr har stille wille.
35Hy rôp se, en se seinen: Hjir binne wy.
En bliid ljochten se foar Him dy’t har makke hie.
36Dat is ús God.
Gjinien dy’t Him belykje kin.
37Alle wegen nei de kennis hat Hy ûntdutsen
en se doe Jakob, syn tsjinner, jûn
en Israel, dy’t Him alles wie.
38Sûnt is de wysheid op ierde kommen
en hat mids de minsken ferkeard.